Lear mar Frysk - module 2 - les 10 (gedichten)

Lear mar Frysk module 2 - les 10
No goeie >>> www.proefdekunst.nl/marieke-poppe
1 / 45
volgende
Slide 1: Tekstslide
FriesBeroepsopleiding

In deze les zitten 45 slides, met tekstslides en 1 video.

time-iconLesduur is: 60 min

Onderdelen in deze les

Lear mar Frysk module 2 - les 10
No goeie >>> www.proefdekunst.nl/marieke-poppe

Slide 1 - Tekstslide

Les 10 Hy hat altyd ôfwaaid praat.
Hy heeft altijd onbeduidende praatjes.

In les oer it fertellen fan ferhalen.
80% fan de lessen folge = sertifikaat
EduFrysk
kinst in jier lang brûke.

Slide 2 - Tekstslide

Hawwe kursisten 80% fan de lessen folge, dan kinne hja in digitaal sertifikaat krije. Nei de lêste les by de kursusadminstraasje trochjaan wa't yn oanmerking komt foar in sertifikaat.  Provinsje = noch (doop)namme,  bertedatum en berteplak trochjaan.
Kursisten kinne in hiel jier EduFrysk brûke.
Wurklist
  • Frjentsjer: kofje / tee ôrekkenje
  • Húswurk
  • Harkje, lêze en útspraak oefenje (oer it fertellen fan ferhalen)
  • Tomke Toets
  • Weomsjen op 'e lesserige

Slide 3 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Húswurk
Opdrachten:
8 > foarlêsbeurt yn de les
9 > dogge we oars
10 en 11 > is oan dysels
12 > as der tiid foar is dan krigest foarlêsbeurt yn de les
Tink om de Tomke Toets!

Slide 4 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 9 tarieding nije wike
Sykje in Frysk gedicht út.

Nije wike draachst it gedicht foar.
It mei ek in oar Frysk gedicht fan dy skriuwer wêze.
Do (of ik) fertelst wat yn it Frysk/Nederlânsk oer de skriuwer.

Sjoch op www.sirkwy.nl (.frl) foar ynformaasje oer de skriuwer.

Slide 5 - Tekstslide

Opdracht 9 is in oare opdracht as yn it boek stiet!

https://www.sirkwy.nl (of .frl)
https://www.frieseliteratuur.nl/

1. Eppie Dam
Muzyk Hindrik van der Meer

Slide 6 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Eppie Dam
De Pomp, by Kollum (1953 - )
Underwizer op Urk en yn Balk.
Eigentiidske liturgyen en lieten mei Hindrik van der Meer: Hertslach.
Wurd foar Wurd bernebibel oerset.
Berneboeken: Tjilp. Sport oer Foppe de Haan, Abe Lenstra & Henk Kroes.
Gysbert Japicxpriis foar dichtbondel Fallend ljocht 2017.

Slide 7 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

2. Baukje Wytsma

Slide 8 - Tekstslide

2018 Ridder yn de Oarder van Oranje-Nassau.
Baukje Wytsma
Reduzum (1946 - 29 desimber 2022)
Skoaljuffer, 1976 bernepoëzij Romke Timen Tomke en oare opsizferskes
Simmer 2000-liet en teksten foar Anneke Douma & Douwe Heeringa.
Sjoernaliste Ljouwerter Krante.
It Fryske Boek berneboekewike 1987 Disse & Jinge mei Akky van der Veer.
Jierren lang gedichten PC Frjentsjer.

Slide 9 - Tekstslide

Bonkefeart foar Anneke Douma.
Brel in Fries foar Douwe Heeringa.

YouTube [2:39]
Picture Poems - Baukje Wytsma - Lêste kuier.
3. Nyk de Vries

Slide 10 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Nyk de Vries
Noardburgum (1971 - )
Muzikant mei Meindert Talma. Nije generaasje Fryske skriuwers út Grins. Aktyf mei 'spoken word' op it ynternet, YouTube: 'hoefolle wurden'.
Yn 2019 'Dichter fan Fryslân', opfolger fan Eeltsje Hettinga.
Piter Jellespriis 2016 roman Renger.
 Wennet no yn Amsterdam.

Slide 11 - Tekstslide

YouTUbe [3:55]
Nyk de Vries - Dichter fan Fryslân - Hoefolle wurden.
https://youtu.be/V4oR7xNHhto

YouTube [3:48]
Nyk de Vries - Dichter fan Fryslân - Asman.
https://youtu.be/jGKopZgeo_A

4. Obe Postma

Slide 12 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Obe Postma
Koarnwert - Ljouwert (1868-1963)
Wis- en natuerkundige. 
Hat as earste dichter yn Fryslân rym en metrum loslitten: it 'frije fers'.
1e winner Gysbert Japicxpriis 1947.
Obe Postma Selskip hâldt syn neilittenskip yn eare.
Wurdt wurdearre as dé "Dichter fan it Fryske lân". OBE yn Ljouwert. 

Slide 13 - Tekstslide

www.obepostma.nl


5.Pieter Jelles Troelstra

Slide 14 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Piter Jelles Troelstra
Ljouwert - De Haach (1860-1930)
As bern wenne yn Stiens.
 Yn 1897 polityk strider foar de SDAP yn de Twadde Keamer en advokaat foar de bruorren Hogerhuis. Rôp as sosjalist yn 1918 de revolúsje út. 
Earste houlik mei Sjoukje Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum).

Slide 15 - Tekstslide

Monumint foar Piter Jelles yn Stiens.
NED Pieter Jelles
FRY Piter Jelles
6. Tiny Mulder

Slide 16 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Tiny Mulder
Beetstersweach - Jellum (1921-2010)
Wenne as bern yn Assen, Frysk leard as twadde taal doe't se op har 13e nei Drachten ferhuze.
Sjoernaliste foar it Friesch Dagblad.
Berneboek Juffer Kuorkebier (1957).
Koerierster yn it ferset: skreaun roman Tin iis (1981) gevaarlijk ijs.
Gysbert Japicxpriis foar oeuvre 1986.

Slide 17 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

7. Diet Huber

Slide 18 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Diet Huber
Ljouwert - Amsterdam (1924-2008)
Skreaun en yllustreare berneboeken.
Hat skoft yn Stockholm wenne. 
Hie in bernerubryk yn De Friesche Koerier fan 1952-1961. 
Wie by It Parool de opfolchster fan Annie M.G. Schmidt.
1e printinge fan Tutte mei de linten yn 1955, 12e printinge yn 2012.

Slide 19 - Tekstslide

YouTube [0:56]
De uil met de zeven zuurtjes.
https://youtu.be/uOevPjgXTjI

8. Gysbert Japicx
Hiskje Oosterwijk

Slide 20 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Gysbert Japicx
Boalsert (1603-1666).
Brûkte Frysk as kultuertaal. 
Museum yn Bolsert.
"Hy wie in berch yn leechlân."
Teaterfoarstelling fan Hiske Oosterwijk mei nije muzikale komposysjes fan syn teksten.

Slide 21 - Tekstslide

YouTube [16:28]
Hiske Oosterwijk - Gysbert Japicx projekt yn Noardewyn live, 2020.
https://youtu.be/0UtEH3CrXFs

www.gysbertjapicx.nl/museum

Slide 22 - Video

YouTube
Fadeerpaard - Tsjebbe Hettinga
https://youtu.be/uoa99gPhc6w

9. Tsjêbbe Hettinga

Slide 23 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Tsjêbbe Hettinga
Burchwert - Ljouwert (1949-2013)
Broer fan dichter Eeltsje Hettinga.
Wûn mei Fan oer see en fierder de Gysbert Japicxpriis yn 2001. 
Alles út de holle, typearjend lûd.
Jûch optredens op ynternasjonale festivals lykas yn Kolombia en Ierlân.
Kulturele Haadstêd projekt yn Burchwert: Sjen yn it tsjuster.

Slide 24 - Tekstslide

YouTube [29:58]
Fryslân DOK: Tsjêbbe Hettinga.
https://youtu.be/c42M7FrGqfY

10. Harmen Wind

Slide 25 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Harmen Wind
Ljouwert - Doesburch (1945-2010)
Wûn mei syn roman It ferset (Ned. Het verzet) de Rink van der Veldepriis yn 2006.
Op it kariljon yn Drachten steane oan de binnenkant  rigels út syn gedicht 'Ut ierde binne wy berne, it fjoer stutsen wy út de grûn ...'.

Slide 26 - Tekstslide

Ierde - fjoer - wetter - loft:
Ut ierde binne wy berne, it fjoer stutsen wy út de grûn, ta wolfeart woe it wetter ús drage, de loft hat in tankliet ús jûn.
11. Rixt

Slide 27 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Rixt
Pseud. Hendrika Akke van Dorssen.
Grou - Colmschate (1887-1979)
Mar 1 bondel De Gouden Rider, 1952.
Gysbert Japicxpriis 1953.
Tresoar Treast Telefyzje.
Dichterskollektyf RIXT:
"Doarde yn it behâlden Fryslân eroatyske gedichten te skriuwen."

Slide 28 - Tekstslide

Dichterskollektyf: www./rixt.frl/

Tresoar Treast Telefyzje:
https://youtu.be/nyk8Xm5w5M0


12. Fedde Schurer

Slide 29 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Fedde Schurer
Drachten - It Fean (1898 - 1968)
Gysbert Japicxpriis 1949.
As sjoernalist foar it gerjocht op Kneppelfreed yn 1952.
Sette him yn foar it Frysk yn 'e tsjerken û.o. mei syn twa bondels De Gitaer by it Boek.


Slide 30 - Tekstslide

Stânbield op It Hearrenfean.
Skoft

Slide 31 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Tomke Toets
Tomke Toets

Slide 32 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 4: Telwurden
1. Tolve is in dozyn.
2. Trettjin is it ûngeloksgetal.
3. Twa is in pear.
4. Acht is in dûbelkwartet.
5. In heal dozyn is seis.
6. De rie van alve.
7. Jou my de fiif.
8. Mei ien flater hast in njoggen.
9. Op ien foet kinst net gean.
10. Mei sechtjin jier meist op 'e brommer. (sechtsjin)
11. Ast achttjin bist, hast stimrjocht.
12. Ja, trije kear is skippersrjocht.
13. Under fjouwer eagen.
14. Mei sân pear earen.
15. Alles goed? Dan hast in tsien.

Slide 33 - Tekstslide

Dit is in werhelling fan de telwurden en ûnbepaalde foarnamwurden

De kursisten hawwe as húswurk fan les 9 de grammatika trochlêzen en de bybehearrende oefening makke.

Freegje oft eltsenien de útlis begrepen hat. Doch dêrnei dizze oefening.
Evaluaasje
Wêr mei ik 
grutsk op wêze?
Wêr bisto
grutsk op?

Slide 34 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Hjirnei:
Module 3 Praat mar Frysk

Slide 35 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Frysk ferstean & Frysk prate

Slide 36 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 2: harkje, lêze, útspraak
Ik lês de tekst foar, lês mei.
(wol immen in foarlêsbeurt?)

We beprate drege wurden.

Dêrnei beäntwurdzje jim fragen.

Slide 37 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 2: 'De fammen yn it wapen fan Frjentsjer'
De antwurden steane yn de tekst.
1. Wêr hat de sêge fan de fammen fan Frjentsjer alles mei te krijen?
2. Wat slagge de fijân net?
3. Wêr sloech de fijân in kampemint op?
4. Koenen der noch minsken yn 'e stêd komme?
5. Wat koe sa net lang duorje?
6. Wêr krige de fijân sels ek lêst fan?
7. Wat die dat mei it soldatefolk?
8. Wat wie noch it ienige middel fan de befelhawwer?
9. Wat droegen beide fammen ûnder de earm?
10. Wêr fregen de fammen tastimming foar?
11. Wat soe de fijân dan tinke?
12. Wat die it soldatefolk nei de aksje fan de fammen?
Lês de fraach foar en jou antwurd yn in hiele sin.
  1. De sêge hat alles te krijen mei de besetting troch in leger fan 'e fijân.
  2. It slagge de fijân net om de stêd yn te nimmen.
  3. De fijân sloech in kampemint op bûten de wâlen.
  4. Der koe gjin minske mear de stêd yn of út.
  5. It koe sa net lang duorje of honger en krapte soene de Frjentsjerters op 'e knibbels krije.
  6. De fijân krige sels ek lêst fan krapte, benammen jildkrapte.
  7. It joech ûnrêst ûnder it soldatefolk.
  8. It ienige middel wie de belofte dat de soldaten de stêd plonderje mochten as se him ynnommen hiene.
  9. De fammen droegen beide in brea ûnder de earm.
  10. Se fregen tastimming om de wâl op te gean en de breaen nei de fijân te smiten.
  11. De fijân soe tinke dat der gjin krapte wie.
  12. Nei de aksje fan de fammen rekke it geduld fan it soldatefolk op, se makken reboelje en de belegering waard opbrutsen.

Slide 38 - Tekstslide

Lês hieltyd earst in sin foar.
De hiele groep seit de sin nei of kursisten krije om bar in beurt om foar te lêzen.


Opdracht 3: Wurdskat folksferhaal
sêge
te krijen
hâlden hoek
ferdigenen
skoattele
reboelje
del te bêdzjen
ferskuorrend
syn rie tenein
ferpartsje
ferlet
kuieret

sage / legende
te maken
hielden stand
verdedigden
grendelde
opstand / oproer
te kalmeren
verschrikkelijk
ten einde raad
verdelen
behoefte
wandelt


Slide 39 - Tekstslide

Bepraat oersettingen (achter yn it boek)
Lit kursisten sinnen betinke mei dizze wurden.
Opdracht 5
Betink in ûnsinferhaal.
Jim krije de earste sin.
Dêrnei betinke jimme der om bar in sin by.

Ik rûn op in dei troch de stêd en doe ...

Slide 40 - Tekstslide

FOTO Facebook Praat mar Frysk
Gedicht Tsjits Peanstra.
Neigesetsje

Slide 41 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Tiid & Telle
1. Hoe let komsto moarns fan bêd?
2. Hoe let ite jimme middeis?
3. Hoe faak lêsto in boek?
4. Watfoar datum binne we hjoed?
5. Hoefolle oeren sliepst gemiddeld?
6. Hoefolle broers/susters hasto?
7. Hoefolle minsken wenje der by dy yn it doarp / de stêd?

Slide 42 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

De groep wurdt yn twaen dield, in groep O en in groep X.
Jimme moatte besykje om fjouwer op in rige te krijen, foar eltse fjouwer op in rige is der in punt.
Der binne fiif soarten opdrachten:
1. it bûgen fan in tiidwurd.
2. in wurd oersette fan NED nei FR.
3. in sintsje oersette fan FR nei NED.
4. In koarte praatopdracht.
5. In fraach oer Fryslân.

Om bar mei immen fan de groep ien fan de 42 nûmere fakjes kieze. 
By dit nûmer heart in opdracht. 
Ik lês de fraach of opdracht foar. Dejinge dy't de beurt hat jout antwurd. Ik beoardielje oft it goed is. 
Is it antwurd goed dan komt der in O of in X te stean. 
Nei it beäntwurdzjen fan de fraach is de oare groep oan bar.
Opdr. 6 Fjouwer op in rige

Slide 43 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

36
37
38
39
40
41
42
29
30
31
32
33
34
35
22
23
24
25
26
27
28
15
16
17
18
19
20
21
8
9
10
11
12
13
14
1
2
3
4
5
6
7
Group X

Group O

Slide 44 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

36
37
38
39
40
41
42
29
30
31
32
33
34
35
22
23
24
25
26
27
28
15
16
17
18
19
20
21
8
9
10
11
12
13
14
1
2
3
4
5
6
7
Group X

Group O
Dit is it orizjineel
kopy meitsje fan de slide !!!

Slide 45 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies