13 - Paadwizer: Kollaazje + taalregels + Ferstival

WOLKOM BY FRYSK
1 / 16
volgende
Slide 1: Tekstslide
NederlandsMiddelbare schoolhavo, vwoLeerjaar 1

In deze les zitten 16 slides, met tekstslides.

time-iconLesduur is: 50 min

Onderdelen in deze les

WOLKOM BY FRYSK

Slide 1 - Tekstslide

WOLKOM BY FRYSK
Is eltsenien oanwêzich?

Slide 2 - Tekstslide

Nei dizze les

- Hast ynformaasje krigen oer Ferstival
- Hast in opdracht makke oer de Fryske taalregels

Slide 3 - Tekstslide

Ferstival
By FeRstival drage learlingen sa moai mooglik in Frysk gedicht foar. Alle jierren dogge der sa’n 90 learlingen út it fuortset ûnderwiis mei. Minsken as Rients Gratama, Nynke Laverman en Theun Plantinga hawwe allegearre harren earste stappen op it poadium set by FeRstival. Yn it boekje Fersefariaasje (sjoch taheakke) steane de gedichten dêr’t de learlingen foar de foarrondes út kieze kinne.  De winners út de foarrondes drage nochris foar yn ’e grutte finale. Der binne yn alle kategoryen prizen te winnen foar de nûmers 1, 2 en 3. De earstepriiswinners krije as ekstra priis in foardrachtklip.

Slide 4 - Tekstslide

Ferstival
Learlingen kinne meidwaan yn trije kategoryen: 
Starters (klasse 1);
Trochsetters (klasse 2 en 3); 
Toppers (klasse 4 of heger en studinten mbû en hbû). 

Foarronde: freedtemiddei 29 novimber yn Drachten, 13.30 oere
Finale: sneon 25 jannewaris yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean (13.30 oere)

Slide 5 - Tekstslide

Ferstival
Klips:

https://www.ferstival.frl/klips/

Slide 6 - Tekstslide

Ferstival
Bist entûsjast wurden? Doch dan ek mei oan FeRstival. 

Om mei te dwaan kiest in gedicht út it boekje FeRsefariaasje. Dyn dosint hat dat boekje ek oer de post krigen. Dêryn stiet ek hoe’tst dy opjaan kinst, dat moat foar 8 novimber 2023. Sjoch foar mear ynformaasje op www.ferstival.frl

Doch mei en wy sjogge dy on stage!


Slide 7 - Tekstslide

Kollaazje
Hasto Fryske teksten fine kinnen?
Dy kinst no moai brûke!

Foarmje in groepke fan 3 of 4 learlingen.
Jim meitsje in kollaazje mei Fryske teksten.
Komme de taalregels der yn werom?

Slide 8 - Tekstslide

Paadwizer 
Side 29 - Opdracht 20
Fryske taalregels

Sjoch mei inoar nei:
Hokker taalregels fynst yn jim kollaazje werom? Skriuw foarbylden yn kolom 2. 
Wy beprate dit klassikaal mei de oare groepkes.





Slide 9 - Tekstslide

Fryske taalregels


It Frysk hat in eigen stavering (spelling) mei dúdlike regels. In pear fan de wichtigste (belangrijkste) regels learst no.



Slide 10 - Tekstslide

Fryske Taalregels
oe/û

Soms skriuwst in 'u' mei in kapke, is de útspraak 'oe' dan skriuwst in 'û'.
https://youtu.be/q7ZSXYqz0Lo

Slide 11 - Tekstslide

Fryske Taalregels
f/v

Yn it Frysk skriuwst oan it begjin fan in wurd noait in v mar wol in f.

Slide 12 - Tekstslide

Fryske Taalregels
ii / y

Twa kear in ii achter elkoar sjochst net yn it Nederlânsk, mar wol yn it Frysk.

Yn it Frysk skriuwst faak in y as der yn it Nederlânsk ij skreaun wurdt én oan de ein fan in wurd.
https://youtu.be/kUH4wqkwflA

Slide 13 - Tekstslide

Fryske Taalregels
g/ch

Yn it Frysk skriuwst oan it begjin fan in wurd of wurdlid (lettergreep) in g 
en oan de ein in ch.

Slide 14 - Tekstslide

Nei dizze les


- Hast ynformaasje krigen oer Ferstival
- Hast in opdracht makke oer de Fryske taalregels

Slide 15 - Tekstslide

Húswurk

Lês side 32 fan de Paadwizer goed troch.

Slide 16 - Tekstslide