klasse 3 projekt Taaldoarp

klasse 3 projekt 1: Taaldoarp
Wy meitsje in mindmap om de plenning fan in taaldoarp foar de earste klasse te meitsjen.
1 / 15
volgende
Slide 1: Tekstslide
FryskMiddelbare schoolvmbo gLeerjaar 3

In deze les zitten 15 slides, met interactieve quizzen en tekstslides.

time-iconLesduur is: 45 min

Onderdelen in deze les

klasse 3 projekt 1: Taaldoarp
Wy meitsje in mindmap om de plenning fan in taaldoarp foar de earste klasse te meitsjen.

Slide 1 - Tekstslide

Wat is in taaldoarp?

Slide 2 - Open vraag

Besjoch de filmkes

Slide 3 - Tekstslide

foarbyld
Yn ûndersteande situaasje kinst fragen betinke lykas:
  • Wat wolst bestelle?
  • Mei ik hjir by sitten komme?
Betink sels ek ris in pear fragen

Slide 4 - Tekstslide

Wat situaasjes kinst betinke foar in taaldoarp?
(tink oan it taaldoarp Ingelsk of sykje op it ynternet)
Betink 6 situaasjes

Slide 5 - Open vraag

Oer it projekt
Alle groepkes betinke ien petear
Betink wat sinnen binne dy't wichtich (belangryk) binne yn jim situaasje
It moat foar net-Friezen ek te oefenjen wêze
Hoe lang moat it ûngefear duorje?
Skriuw de fragen en de antwurden op. 
Wat flaters (fouten) kinne wy ferwachtsje? 
Hoe folle flaters binne tastien foar in foldwaande?

Hoe kin de situaasje moai oankleid wurde?
Hoe biede wy it oan oan de earste klassers? (boekje paspoart?)

Slide 6 - Tekstslide

Oan it wurk!
  1. Meitsje in twa- of trijetal
  2. Betink in situaasje foar jim gesprek (petear is einliks it geve Fryske wurd)
  3. Skriuw jim namme en de situaasje op it boerd
  4. Wy besprekke mei ús allen de situaasjes

Slide 7 - Tekstslide

Betink mei jim groepke alfêst in situaasje. Beskriuw de situaasje yn 6 of 7 sinnen. Dit mei earst ek yn it Nederlânsk.
Jim meie it ek yn word meitsje en dan in screenshot uploade.

Slide 8 - Open vraag

Wike 39
Omrop Fryslân

Wy besjogge de situaasjes? Kinne se sa? Wat moat der oars/better?
Skriuw de situaasjes út en set se yn de map (folgjende dia!)

Slide 9 - Tekstslide

Alles yn ien map!!
Klik hjir om yn de map te kommen.
Elk groepke kin in mapke meitsje (set jim namme der by) om dêr oan de gesprekken te wurkjen.

Slide 10 - Tekstslide

Húswurk wike 40
Meitsje mei jim groepke 15 fragen foar jim situaasje.
Set in titel fan de situaasje yn it Frysk boppe de fragen.
Ek de fragen moatte yn it Frysk.
jim meie Frysker.nl brûke.
Set jim wurk yn jim mapke

Slide 11 - Tekstslide

Wike 41
Wy besjogge it wurk fan de oare groepkes op papier.
Meitsje in nij dokumint (word) yn it mapke fan it groepke dêr'tst it wurk fan neisjochst. 
Skriuw oanfollings en ferbetterings op (yn alle gefallen 10)

Nei 20 minuten geane jim mei de ferbetterings yn jim eigen mapke oan de gong!

Slide 12 - Tekstslide

Set no jim fragen  en antwurden yn in tabel, lykas hjirneist.
De fragen komme links yn it FRYSK, de antwurden komme rjochts yn it Nederlânsk.
Jim Fryske antwurden hawwe jim yn it earste dokumint

Slide 13 - Tekstslide

Bekijk elkaars gesprekjes 
Ziet het er netjes uit? Ziet het er hetzelfde uit?
Vandaag gaat iedereen zelf 1 kaartje maken.
Je neemt vragen over van1 van onderstaande kaartjes en situaties en bedenkt daarna Friese antwoorden bij de vragen
Ook die vragen en antwoorden zet je in een tabel.
Je geeft je document je eigen naam.
Maak er met (een) plaatje(s) een mooi geheel van.
Dit is onderdeel van je persoonlijke cijfer
foarbyldkaartsjes

Slide 14 - Tekstslide

Einopdracht
Meitsje mei jim allen ien boekje dêr't alle gesprekken yn steane.
It moat der netsjes útsjen en brûkt wurde kinne troch minsken dy't noch net folle Frysk kinne. 
Set alle gesprekken der yn en kontrolearje of se kloppe.
Jim krije in sifer foar it gehiel en foar jim eigen part (út it mapke)

Slide 15 - Tekstslide