1. WOWshop: Taal fan it hert (taalbewustwurding en taalsosjology)

Taal fan it Hert
taalbewustwurding en taalsosjology
1 / 28
volgende
Slide 1: Tekstslide
FryskHBOBasisschoolMiddelbare schoolPraktijkonderwijsVoortgezet speciaal onderwijsMBOStudiejaar 1

In deze les zitten 28 slides, met tekstslides en 2 videos.

time-iconLesduur is: 90 min

Onderdelen in deze les

Taal fan it Hert
taalbewustwurding en taalsosjology

Slide 1 - Tekstslide

Meinimme:

- Map
- Kletspot
- Flachjes
WOWshop 1

  • Wolkom & foarstelle (Cedin / NHL Stenden)
  • BASIS
    - Opbou kursus Basis = 8 lessen (2 European Credits) - (1EC=28 oeren)
    - WOWshops rjochte op praktyk
    - Selsstannich leare: rjochte op Frysk learen yn online omjouwing EduFrysk
  • FIERDER FOAR FOECH
    - 5 lessen (1 à 2 EC) Lessen jûn troch Rianne Blokzijl NHL Stenden
    - Eksamendatum: 13 juny 2025 yn Ljouwert
  • Map: ynspiraasjemap/portfolio foar eigen makke lessen
  • Ynloch: klassefrysk.edufrysk.nl

Slide 2 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies



Oan 'e ein fan dizze les:

- Wit ik hoe't ik taalsosjology en taalbewustwurding in plak jaan kin yn myn lessen;
- Wit ik yn grutte lijnen wa't Biesta is en wat syn trije doeldomeinen ynhâlde;
- Kin ik (mei help fan in taalkaart) fragen en stellingen beantwurdzje yn it Frysk.
Doelen

Slide 3 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Pitch (1 minút)
Wat is de taal fan dyn hert? En wêrom is dat sa?
timer
5:00

Slide 4 - Tekstslide

Timed: 10 minuten

Utlis, sels pitche, groepkes fan 3 persoanen, 5 minuten yn totaal per groepke.
Praatsjemakker

Slide 5 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

1. Yn hokker taal dreamsto?
2. Yn watfoar taal makkesto rúzje?
3. Watfoar taal praatsto mei dyn húsdieren?
4. Makket it foar dy ferskil watfoar taal asto brûkst?
5. Wannear skeakelesto nei in oare taal?
6. Watfoar taal praatsto op skoalle?
7. Watfoar taal praatsto yn 'e stêd?
8. Watfoar taal soesto noch graach leare wolle?
9. Hoe soesto it fine asto noait mear dyn eigen taal prate meie soest?
10. Wat is dyn moaiste wurd yn 'e taal fan dyn hert?
11.  Yn watfoar talen appsto?
12. Hokker talen praatsto mei dyn freonen en famylje?



 



Gean yn petear mei dyn groepke, kies dyn fragen en kom yn 10 minuten safolle mooglik oer elkoar te witten!
Let op! Jim meie antwurdzje yn de taal fan jim hert: oft dat no Frysk, Nederlânsk of in oare taal is. Sukses!
Praatsjemakker
timer
10:00

Slide 6 - Tekstslide

Timed: 15 minuten

Utlis, groepkes fan 3, fragen besprekke yn 10 minuten. 
Stellingen

Slide 7 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

1. Ik moat al sa'n soad, ik kom net ta oan in fak as Frysk.
2. Taal op skoalle giet oer wurdsjes en taalregels leare.
3. Myn taal seit wat oer wa't ik bin.
4. Ik fyn it belangryk dat bern Ingelsk leare.
5. Ik fyn it belangryk dat bern Frysk leare.
6. Bern moatte op skoalle de kâns krije om harren yn
eigen taal útdrukke te kinnen. 
7. Frysk prate as de oar Nederlânsktalich is, is ûnfatsoenlik.
8. Ik pas my altyd oan oan de taal fan in oar.
9. Ik bring myn eigen bern (letter) grut yn de taal fan myn hert. 
10. Der moat ien wrâldtaal komme dy't elk ferstiet en praat.
11. In echte Fries praat Frysk.
12. It leit 'm oan de Friezen sels oft it Frysk bestean bliuwt. 







 



Bepraat de stellingen. Jou elkoar de romte om te tinken, harkje oandachtich en lit elk oan bar komme.
Let op! De fiertaal is hjir safolle mooglik Frysk. Brûk de taalkaart as taalstipe!
Stellingen
timer
10:00

Slide 8 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Taalkaart
  • Ik bin it wol/net mei de stelling iens, want ...
  • Ik bin fan miening dat it wol/net sa is, omdat ...
  • Ik kin my wol/net fine yn dizze stelling, want ...
  • Dêr bin ik it wol/net mei iens, omdat ...
  • Ik fyn fan wol/net, want ...

  • Ik twifelje oan dizze stelling, omdat ...
  • Ik wit net wat ik fan dizze stelling fyn, want ... 

Slide 9 - Tekstslide

Timed: 15 minuten

Slide 10 - Tekstslide

Bert, ik haw dizze foto oanfrege fan iStock fia Tanja, komt noch dus
fakdoel
taaldoel

Slide 11 - Tekstslide

Moat yn 5 minuten klear wêze
Stellingen
kwalifikaasje
sosjalisaasje
subjektifikaasje
1. Taal leare & oer in taal leare
2. Taal fan it hert
3. Biesta & doeldomeinen
4. Nije kearndoelen
5. Taalsosjology
taal
kultuer
maatskippij

Slide 12 - Tekstslide

Timed: 10 minuten

Yn it ûnderwiis besteegje wy in hiel soad tiid oan taal leare. Letters, klanken, wurdskat, lêzen en lêsbegryp, mei stavering en grammatika.
Mar besteegje we ek tiid oan ‘oer in taal leare?’ Oan dat stik dat foarôf giet, foardat je begjinne mei it learen fan in taal? Dat stik dat je yntrinsyk motivearret om in taal leare te wollen?
Stel dy fraach ris oan dysels? Wannear bisto yntrinsyk motivearre om in taal te learen? Hebriusk/
Om it fjoer by bern oan te stekken? Of in fet te fullen?
En hoefolle tiid besteegje wy oan de taal fan it hert fan ús learlingen? Wat betsjut it Frysk, it Arabysk, it Nederlânsk, it Papiamentû, it Tigrinia foar ús bern? Is der romte foar harren taal? Yn it klaslokaal? Op it plein? Yn projekten of fieringen? Of leit ús aksint benammen op dat it bern sa gau as mooglik it Nederlânsk leare moat (en miskien dy taal fan it hert sa gau as mooglik ferjitte moatte?)
Stel dy dizze wierbard praktyksituaasje efkes wier: OP DEZE SCHOOL SPREKEN WIJ ALLEEN NEDERLANDS - famkes
Moat sy de taal, op it momint dat se de skoaldrompel oer stapt, de taal dêr’t sy yn dreamt/fielt/tinkt ferjitte?
It stiet sa heaks op ûndersiken:
Ut resinte ûndersiken docht bliken dat bern pas echt goed bouwe kinne oan in twadde taal at dy earste taal (dy taal fan it hert) goed ûntwikkele is.
Alders safolle mooglik stimulearje om de thústaal te praten, yn foar te lêzen, thús in rike taalomjouwing krewearje yn dy taal fan it hert. Stagnaasje fan dy thústaal is ek stagnaasje yn de ûntwikkeling fan it learen fan it Nederlânsk.

Yn dizze earste workshop taalbewustwurding en taalsosjology wolle wy mei elkoar útzoome. Ris efkes mei in ôfstân sjen nei de dingen sa’t we se altyd dogge. En de krusiale fraach stelle: Wêrta tsjinnet it ûnderwiis? 

Tsjinnet it allinnich ta:
Kwalifikaasje: kennis oerdrage, toetse en mjitte?
Of dogge sosjalisaasje en subjektifikaasje ek mei?

Gert Biesta fynt fan wol. 

En troch dy ôfstân te nimmen, komme wichtige saken faak yn in oar deiljocht te stean.
Wat wol ik mei myn ûnderwiis berikke? Wat wol ik myn bern meijaan oan’e ein fan it jier of oan’e ein fan harren skoalkarriere? En komt dat oerien mei wat ik yn’e praktyk doch en oanbied?
Wêrta tsjinnet it ûnderwiis? Gert Biesta……….

Slide 13 - Tekstslide

Yn de nije kearndoelen stean de fjouwer doeldomeinen net los fan inoar, mar meiïnoar yn ferbining. Sa bouwe we oan rike taal (Koeven en Smits)

Slide 14 - Tekstslide

Taal leare is pas echt ryk, as it yn in betsjuttingsfolle kontekst pleatst wurdt, dus yn ferbining mei alles wat der te learen is. Alle ynhâld is ek prima yn it Frysk te learen. 

Slide 15 - Tekstslide

Underlizzend binne alle talen meiïnoar ferbûn, oan de oppervlakte hearre we ferskate talen, mar op konseptnivo is it (taal)learen meiïnoar ferbûn. Dêr soene we yn it ûnderwiis mear gebrûk fan meitsje kinne. Troch romte te meitsjen foar de thústaal makkest ferbining mei it bern. Plak jaan oan de taal fan it hert fersterket de relaasje en de prestaasje.
  1. Wa fan jim is meartalich?
  2. Wa fan jim hat meartalige bern yn 'e klasse?

Slide 16 - Tekstslide

Timed: dia 13 oant en mei 19 - 12 minuten
Muysken (2014):​
“Meertaligheid houdt in dat een persoon in het dagelijks leven meer dan een taal gebruikt. Hierbij gaat het vooral om gebruik: alleen maar een taal kennen leidt niet per se tot meertaligheid in deze definitie. Het is ook niet zo dat iemand een taal perfect hoeft te kennen, maar wel moet je om een taal kunnen gebruiken haar redelijk kennen.”
Meartalige bern...


binne taal-gefoeliger & taalbewuster.
leare sneller noch mear talen.
kinne harren gem. better konsintrearje.
fine it makliker om letters om te setten nei klanken.
leare dêrtroch sneller technysk lêzen.
hawwe in positivere hâlding foar oare talen en kultueren.
kinne earder abstrakt tinke as ientalige bern.
presteare better at harren thústalen yn it ûnderwiis erkend en brûkt wurde.
Mar ek dat ientalige learlingen bettere resultaten boeke wannear't se harren taalbewustwêzen ferheegje en positivere attitudes fan oare talen ûntwikkelje.
In bern mei in minderheidstaal ûnder-dompelje yn 'e mearderheidstaal kin foar psychologyske problemen soargje: identiteitsferlies, gefoel fan ûntwoarteling, doelleazens.

Slide 17 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Slide 18 - Video

Deze slide heeft geen instructies

Om oer nei te tinken:


Wylst Nederlân ryk is oan allochtoane en autochtoane taaldiversiteit, blykt it ûnderwiissysteem behoarlik ientalich oriëntearre.
Ynklusyf skoalklimaat: oandacht foar de taal fan it hert is romte biede oan de identiteit fan de bern. 
Ek net-Frysktalige bern profitearje fan trijetalich ûnderwiis. Ned = likegoed, Frysk & Ingelsk foar beide better as oare ientalige skoallen. 
It Frysk (Kurrikulum.frl) wie it earste en iennige fak yn Nederlân dat grien ljocht krige fan it ministearje om de kearndoelen fierder te ûntwikkeljen.
It grutste part fan de bern bliuwt yn de takomst yn de provinsje wenjen en wurkjen.
Frysk lesmateriaal is talein op evenwicht yn de trije doeldomeinen kwalifikaasje, sosjalisaasje en subjektifikaasje. 
Fryske taal & kultuer is taret op de twa nije pylders fan de ûnderwiis ynspeksje: op alle skoallen wurdt frege nei it Frysk & boargerskipsfoarming. 

Slide 19 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Wat hâldt learkrêften tsjin?
frees foar betizing
gefoel fan ûnbe-kwamens
te hege wurkdruk
kontrôle
ferlieze

Slide 20 - Tekstslide

Frees foar betizing: út ûndersyk docht bliken dat der gjin bern te finen wie dy't syn talen net skiede koe.

Kontrôle ferlieze: út tal fan observaasjes die bliken dat bern de thústaal brûke om elkoar te helpen en net om oer oaren te praten.

Gefoel fan ûnbekwamens: mei de nije lesmaterialen, kursussen en in goede dielde fisy kin it grutste part fan ûnbekwamens fuortnommen wurde.

Te hege wurkdruk: de FTF soarget derfoar dat bern mear leare kinne yn deselde tiid, it ferget foaral in oare mindset.

Slide 21 - Video

Deze slide heeft geen instructies

Oandacht foar it Frysk en oare thústalen yn 'e klasse:


Freegje bern om fertalingen yn harren taal of jou it sels. Jou bern de romte om yn harren eigen taal te oerlizzen.
Net genôch tiid foar it Frysk? Oare fakken belangriker? Frysk kin ek as ynstruksjetaal ynset wurde en in plak krije yn oare fakken.  - Fak Taal Formule -
Jou ek tidens fieringen, projekten, kreative- en sportdagen romte foar en oan de ferskillende talen. 
Praat mei elkoar oer de talen/ kultueren/ tradysjes. Sjong ferskes, brûk gedichtjes, quotes, filmkes yn it Frysk en oare thústalen.
Meitsje de talen fan de bern sichtber. Meitsje bygelyks op in sintraal plak yn 'e skoalle in 'Taal fan myn Hert-keunstwurk' mei romte foar harren eigen taal. Hingje posters op, skriuw in gedicht op it plein, poëzy op it húske. 
Stimulearje âlders sa folle mooglik om thús yn de taal fan it hert mei it bern te praten.
Lit bern in sprekbeurt of in minyles hâlde oer harren eigen taal en wat de taal foar harren betsjut.
Stimulearje âlders om thús in sa ryk mooglike taalomjouwing te kreëarjen: foarlêsboeken, printeboeken, taalspultsjes, ensfh. 

Slide 22 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Utdaging WOWshop 1
  • Untwerp dyn eigen 'Taal fan myn hert-les' en stel de talen fan de bern yn dyn groep sintraal.
  • Les tariede mei it ‘Klasse Frysk lesformulier’: Betink neist dyn fakdoel ek in taaldoel.
  • Betink wurkfoarmen dy’t útnûgje ta útwikseljen; soargje derfoar dat ynteraksje sintraal stiet. Fier dyn les út yn dyn klasse.
  • Foar de kursisten dy't net foar de klasse stean: Betink in situaasje yn dyn wurk wêr'tst taalbewustwurding ynsette of brûke kinst.
  • Foar ynspiraasje: Sjoch de 20 lessuggestjes yn jim map.
  • Leverje neist it lesformulier ek in bewiisstik fan dyn les yn; dat bewiisstik brûkst yn de earstfolgjende les as praatstik. It lesformulier en dyn bewiisstik bewarrest foar dyn portfolio.
  • Yn de kommende WOWshop pitche jim de les of situaasje.
  • Nim takom kear dyn favorite Fryske lêsboek mei.

Slide 23 - Tekstslide

5 minuten


Oan 'e ein fan dizze les:

- Wit ik hoe't ik taalsosjology en taalbewustwurding in plak jaan kin yn myn lessen;
- Wit ik yn grutte lijnen wa't Biesta is en wat syn trije doeldomeinen ynhâlde;
- Kin ik (mei help fan in taalkaart) fragen en stellingen beantwurdzje yn it Frysk.
Doelen

Slide 24 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Bied alle dagen romte oan de ferskillende thústalen fan de bern. Set dyn meartalige bril op en sjoch oeral kânsen om fan elkoar en elkoars talen te learen. It makket de wrâld in stikje moaier!
Evenwicht fan de trije doeldomeinen:

Taal besjen yn in breder ramt en evenwicht oanbringe. Neist taalleare, ek ynsette op kultuer en mienskip. It ferhaal fan de taal, de ferbining fan talen en minsken, yntrinsyk motivearje, foarlêze, ferhalen fertelle, wille, ûnderfine, fjoer oanstekke, kreativiteit, taal 
libje litte, sintugen brûke, toaniel, identiteit,
ynklusyf skoalklimaat, taal fan it hert. 
'It fet folje of it fjoer oanstekke?'
Pas de Fak Taal Formule ta en meitsje der in mindset fan.
Watfoar taaldoel past by dizze les? Wat kin ik yn dit projekt mei it Frysk of oare talen (fan it hert?)
Bied de bern de kâns om mear te learen yn deselde tiid. Doch it faak en it wurdt in fanselssprekkend-heid.  
Wês net bang om flaters te meitsjen!
Freegje om hulp fan de bern/in kollega/jim skoalstiper. Eksperimintearje! Tink fanút it bern. Wês taalbewust, tink oan de foardielen, jou it tiid. 
Taal fan myn Hert
weromsjen

Slide 25 - Tekstslide

Heechút 5 min
1. Ik moat al sa'n soad, ik kom net ta oan in fak as Frysk.
2. Taal op skoalle giet oer wurdsjes en taalregels leare.
3. Myn taal seit wat oer wa't ik bin.
4. Ik fyn it belangryk dat bern Ingelsk leare.
5. Ik fyn it belangryk dat bern Frysk leare.
6. Bern moatte op skoalle de kâns krije om harren yn
eigen taal útdrukke te kinnen. 
7. Frysk prate as de oar Nederlânsktalich is, is ûnfatsoenlik.
8. Ik pas my altyd oan oan de taal fan in oar.
9. Ik bring myn eigen bern (letter) grut yn de taal fan myn hert. 
10. Der moat ien wrâldtaal komme dy't elk ferstiet en praat.
11. In echte Fries praat Frysk.
12. It leit 'm oan de Friezen sels oft it Frysk bestean bliuwt. 







 



Stellingen

Slide 26 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

1. Yn hokker taal dreamsto?
2. Yn watfoar taal makkesto rúzje?
3. Watfoar taal praatsto mei dyn húsdieren?
4. Makket it foar dy ferskil watfoar taal asto brûkst?
5. Wannear skeakelesto nei in oare taal?
6. Watfoar taal praatsto op skoalle?
7. Watfoar taal praatsto yn 'e stêd?
8. Watfoar taal soesto noch graach leare wolle?
9. Hoe soesto it fine asto noait mear dyn eigen taal prate meie soest?
10. Wat is dyn moaiste wurd yn 'e taal fan dyn hert?
11.  Yn watfoar talen appsto?
12. Hokker talen praatsto mei dyn freonen en famylje?



 



Praatsjemakker
Gean yn petear, 
kies dyn fragen en 
kom safolle mooglik oer elkoar te witten!
Let op! Jim meie antwurdzje yn de taal fan jim hert: oft dat no Frysk, Nederlânsk of in oare taal is. Sukses!

Slide 27 - Tekstslide

Timed: 15 minuten

Utlis, groepkes fan 3, fragen besprekke yn 10 minuten. 
Taalkaart
  • Ik bin it wol/net mei de stelling iens, want ...
  • Ik bin fan miening dat it wol/net sa is, omdat ...
  • Ik kin my wol/net fine yn dizze stelling, want ...
  • Dêr bin ik it wol/net mei iens, omdat ...
  • Ik fyn fan wol/net, want ...

  • Ik twifelje oan dizze stelling, omdat ...
  • Ik wit net wat ik fan dizze stelling fyn, want ... 

Slide 28 - Tekstslide

Timed: 15 minuten