Gek op Skiednis

Op syn alf-en-tritichst
1 / 19
volgende
Slide 1: Tekstslide
FriesBasisschoolGroep 5

In deze les zitten 19 slides, met interactieve quizzen en tekstslides.

Onderdelen in deze les

Op syn alf-en-tritichst

Slide 1 - Tekstslide

Op syn alf-en-tritichst

Slide 2 - Woordweb

Iendracht makket machtich
Wapen fan  de sân ferienige Nederlannen
Fryslân 1588-1795

Slide 3 - Tekstslide

 Gek op skiednis

Slide 4 - Tekstslide

Eise Eisinga en syn Planetarium
Eise Eisinga begûn yn 1774 oan de bou fan in planetarium yn syn hûs yn Frentsjer. In ûnfoarstelber knap stik wurk, wylst hy mar 'gewoan' amateur-stjerrekundige wie. Yn it deistich wurk wie er wolfabrikant. Hy hie in driuwende reden om dat planetarium te meitsjen, hy woe nammentlik bewize dat de wrâld net fergean soe.

Slide 5 - Tekstslide

Ferhaal: Dûmny kin my noch mear fertelle!

Slide 6 - Tekstslide

'Gek op skiednis'
Wat tinke jimme oer it boek? Wêr soedest it boek foar brûke kinne?

Slide 7 - Open vraag

Eise Eisinga
Tusken 1774 en 1781 bout Eise Eisinga yn syn hûs wat hiel bysûnders: in planetarium, ús eigen sinnestelsel op skaal. It is it âldste noch wurkjende planetarium ta wrâld.

Help myn man is in klusser!
Dit is Pytsje Jacobs, de frou fan Eise. Se libbet sân jier lang yn in wenkeamer fol my seachsel, stof en ark. Sels de bedstee fan har en Eise wurd ferboud.
ús sinnestelsel
In planetarium is in skaalmodel fan ús sinnestelsel. Do kinst der krekt op sjen wêr de sinne, de ierde en de oare planeten stean. En do kinst sjen hoe de planeten rûnom de sinne draaie.
It raderwerk op souder
Hjir sjochsto it knapste diel fan Eise's planetarium: it raderwerk. Dit soarget derfoar dat de planeten yn syn planetarium wier draaie kinne! En dat net allinne: Se draaie ek noch ris lykas sa fluch as yn it echt! De mini-ierde fan Eise draait yn 365 dagen om de sinne, lykas de echte ierde.

Slide 8 - Tekstslide

Wer wenne Eise Eisinga mei syn frou Pytsje?
A
Frentsjer
B
Ljouwert
C
Terherne
D
Snits

Slide 9 - Quizvraag

Wa is Pytsje Jacobs.
A
De dochter fan Eise Eisinga
B
De frou fan Eise Eisinga.

Slide 10 - Quizvraag

Wer boude Eise it planetarium?
A
Yn de tsjerke fan Boazum.
B
Yn syn wolfabryk.
C
Yn syn wenhûs.
D
Yn de skoalle fan Frentsjer.

Slide 11 - Quizvraag

Wêrom boude Eise Eisinga in Planetarium?
A
Hy woe bewize dat de wrâld net fergean soe.
B
Hy foen it moaie dekoraasje.
C
Syn frou foen it moai.
D
Hy woe mear witte oer de stjerren.

Slide 12 - Quizvraag

Hoe lang hat Eise oer de bou fan it Planetarium dien?
A
In heal jier
B
Twa jier
C
Sân jier
D
Fiif jier

Slide 13 - Quizvraag

Kreatief!
Sels in planetarium meitsje!

Slide 14 - Tekstslide

Undersyk dwaan
Brûk: https://fy.wikipedia.org/wiki/Haadside as bron foar dyn ûndersyk. Sykje op it wurd 'planeet' op de webside en fyn de nammen fan de planeten yn it Frysk.

Slide 15 - Tekstslide

Wat hawwe we nedich?
- in doaze
- pypskom baltsjes
- verve
- tried
- nullen
- gekleurd papier
- giel papier
- lym
- glitters

Wurkwize
- bepaal oft de doaze hielendal iepen, in bytsje iepen of ticht hawwe wolst.
- bepaal de kleur fan de binnenkant fan de doaze. 
- strooi eventueel glitters oer de ferve (stjerren)
- Tink der oer nei hoe asto de planeten ophingje solst. Hokker materialen kinsto derfoar brûke?
- tekenje de sinne op giel papier en knip dizze út
- plak de sinne yn de doaze
- bepaal wêr de planeten komme matte
- hing de planeet op it goeie plak
- fervje de planeten (pypskom baltsjes) yn de goeie kleur (wist nog hokker kleur se hawwe?
- beplak de doaze mei alles wasto moai fynst
- skriuw of plak de nammen fan de planeten op 'e doaze

Slide 16 - Tekstslide

Kleuren planeten
Merkurius: grize kleur
Fenus: grys-blau-beige
Ierde: blau en grien
Mars: read
Jupiter: oranje – bruin met ringen
Saturnus: giel-oranje mei in ring (dy kinst der gewoan op tekenje) 
Uranus: blau
Neptunus: blau

Slide 17 - Tekstslide

Mear witte?
https://fy.wikipedia.org/wiki/Keninklik_Eise_Eisinga_Planetarium
https://fy.wikipedia.org/wiki/Planeet

Slide 18 - Tekstslide

Bronnen
It boek 'Gek op skiednis'
wikipedy https://fy.wikipedia.org/wiki/Planeet
https://www.hoedoenzodoen.be/fiche.php?id=125

Slide 19 - Tekstslide