Tariedende les – de romte

Stjerren en planeten
1 / 26
volgende
Slide 1: Tekstslide
GeschiedenisBasisschoolGroep 5-8

In deze les zitten 26 slides, met interactieve quizzen en tekstslides.

time-iconLesduur is: 30 min

Onderdelen in deze les

Stjerren en planeten

Slide 1 - Tekstslide

Wat sjochst hjir?

Slide 2 - Tekstslide

Seachst krekt it bysûndere plafond yn de wenkeamer fan Eise Eisinga
Plafond

Slide 3 - Tekstslide

Oan ’e ein fan ’e les
  • kenst alle planeten.
  • witst wat it ferskil is tusken in planeet en in stjer.
  • witst wat stjerrebylden binne.
  • witst wat moannefazen binne.
  • witst wa’t Eise Eisinga wie en wat hy makke hat.
  • bist goed taret op dyn besite oan it Planetarium.

Lesdoelen

Slide 4 - Tekstslide

Stjerren en planeten
Ast yn it tsjuster nei boppen sjochst, sjochst in hiel soad ljochtpuntsjes. Sjochst foaral stjerren, mar soms hast gelok en kinst in planeet sjen. Wat is eins it ferskil tusken stjerren en planeten?

Slide 5 - Tekstslide

Stjerren en planeten
Stjerren binne grutte gasbollen. Se jouwe ljocht en waarmte. Us sinne is ek in stjer.

Slide 6 - Tekstslide

Stjerren en planeten
Planeten binne koele donkere himellichems dy’t om in stjer hinne bewege. Se jouwe gjin ljocht mar reflektearje it.
Reflektearje is ljocht wjerkeatse. Stel dy mar foar datst mei in bûslampe yn in spegel skynst. Dan reflektearret de spegel it ljocht. It liket as komt it ljocht út de spegel, mar dat is net sa. Sa is it ek mei planeten. It liket as jouwe se ljocht, mar eins reflektearje se it ljocht fan de sinne. 
In himellichem is wat datst yn de stjerrehimel sjen kinst. De sinne, de moanne, de stjerren en planeten binne allegear himellichems.

Slide 7 - Tekstslide

Wêr stiet hokker planeet?
Ierde
1
2
3
4
5
6
7
8
Jupiter
Mars
Merkurius
Neptunus
Saturnus
Uranus
Fenus

Slide 8 - Tekstslide

Stjerren en planeten
Ast nachts nei de himel sjochst, sjochst in ôfgryslike soad stjerren. De stjerrehimel is supergrut! Hoe witst no nei hokker stikje himel oftst sjochst? Dêr hiene se eartiids al wat op betocht! Wat soe dat wêze kinne, tinkst?

Slide 9 - Tekstslide

Stjerren en planeten
Stjerrebylden! Minsken ‘tekenen’ foarmkes yn ’e loft en joegen dy nammen. In soarte fan ezelsbrechjes.

Slide 10 - Tekstslide

Stjerren en planeten
Betink dyn eigen stjerrebyld! Hoe soesto dit stikje himel neame? Brûk de stjerren en dyn fantasy om in namme te betinken, krekt sa’t minsken dat eartiids diene.

Slide 11 - Tekstslide

Fraach
Ast nei de stjerrehimel sjochst, sjochst faak net allinnich stjerren, mar ek...

Slide 12 - Tekstslide

de moanne
... de moanne! De moanne sjocht der net altyd sa út as op it plaatsje hjirneist.
Hoe kin dat?

Slide 13 - Tekstslide

de moanne

Slide 14 - Tekstslide

De moanne
Hoe’t de moanne derút sjocht, is dus ôfhinklik fan wêr’t de moanne stiet neffens de ierde en de sinne.

Slide 15 - Tekstslide

Stjerren en planeten
Hast 250 jier lyn, doe’t noch net iens alle planeten ûntdutsen wiene, wie der in man dy’t hiel graach nei de stjerrehimel seach. Hy hold fan de stjerren, de planeten en de moanne. Safolle sels dat hy in Planetarium boude yn syn wenkeamer. Syn namme is Eise Eisinga.

Slide 16 - Tekstslide


Wat is in planetarium?
A
In neiboud model fan de ierde.
B
In neiboud model fan de sinne en de planeten.
C
In soart klok dêr’tst de stân fan de moanne op sjen kinst.
D
In soart kalinder dêr’tst op sjen kinst watfoar dei oft it is.

Slide 17 - Quizvraag

It Planetarium
In planetarium is in neiboud model fan de sinne en de planeten en wurdt brûkt om út te lizzen hoe’t dy neffens elkoar bewege.
In planetarium seach der eartiids faak sa út. Yn ’e midden sjochst de sinne, mei op ferskillende ôfstannen de planeten deromhinne. Eise makke neist it planetarium op dizze foto noch in planetarium, mar dan ien yn syn plafond!

Slide 18 - Tekstslide

it planetarium
Yn 1774 begjint Eise mei syn planetarium. It duorret seis jier om it hiele planetarium te betinken en te bouwen. En noch ris in jier om it te skilderjen. Yn 1781 is it planetarium klear. 
Je ziet hier het leitje, een soort wisbordje, waar Eise al zijn ingewikkelde berekeningen op maakte. Je kunt deze bekijken in het Planetarium!

Slide 19 - Tekstslide

It Planetarium
De planeten yn it Planetarium draaie krekt sa fluch (of stadich) om de sinne as yn it echt. Ien lytse klok soarget der mei acht gewichten foar dat alles bewege kin.

Slide 20 - Tekstslide

It Planetarium
Dat sjocht der 
ûngefear sa út:

Slide 21 - Tekstslide

It Planetarium
Ek al is it Planetarium al mear as 200 jier lyn boud, it lit noch altyd de goede stân fan de planeten sjen!
Ek kinst sjen hokker dei oft it is, hokker datum, hokker jier en hoe let oft it is.

Slide 22 - Tekstslide

It planetarium
En kinst de moannefazen sjen.

Slide 23 - Tekstslide

It Planetarium
It Planetarium fan Eise Eisinga is it âldste noch wurkjende planetarium fan ’e wrâld! En jim komme meikoarten om it te besjen.

Slide 24 - Tekstslide

.
Wat soesto noch oer Eise Eisinga of it Planetarium witte wolle?

Slide 25 - Open vraag

Oant gau!

Slide 26 - Tekstslide