2. WOWshop: It alderleukste boek! Oer berne- en jongerein literatuer

It álderleukste boek fan de hiele wrâld!
Fryske berne- en jongereinliteratuer
1 / 22
volgende
Slide 1: Tekstslide
FryskBasisschoolGroep 1

In deze les zitten 22 slides, met tekstslides en 1 video.

time-iconLesduur is: 90 min

Onderdelen in deze les

It álderleukste boek fan de hiele wrâld!
Fryske berne- en jongereinliteratuer

Slide 1 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Weromkeppeling
Pitch:
  • Besprek yn in groepke fan dyn bou de 'Taal fan myn hert'-les.
    - Wat wie it taalbewustwurdingsmomint yn dyn les?
    - Hast de Fak Taal Formule tapasse kinnen? (fakdoelen en taaldoelen)
    - Hoe fûnsto it? Hoe fûnen de bern it? 
timer
6:00

Slide 2 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Doelen
Oan 'e ein fan dizze les ...
Fakdoelen:
- kin ik útlizze wêrom at (Frysk) lêze wichtich is
- ken ik ferskate wurkfoarmen om it fjoer oan te stekken
foar (Frysk) lêzen
- kin ik wurkje mei de basis fan Deep Democracy
Taaldoelen:
- kin ik tidens Deep Democracy en it boekesirkwy it 
Frysk as fiertaal brûke
- kin ik in passaazje foarlêze út in Frysk berne- 
of jongereinboek

Slide 3 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Deep Democracy
'de magy fan it harkjen'



Yntsjekke:
1. Wat hasto mei lêzen?
2. Wat is dyn favorite Fryske boek
en wêrom is dat sa? (passaazje)

Slide 4 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Bert
Marije
Bert
Marije

Slide 5 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Deep Democracy
'de magy fan it harkjen'



Yntsjekke yn groepkes fan 3:
1. Wat hasto mei lêzen?
2. Wat is dyn favorite Fryske boek
en wêrom is dat sa? (passaazje)

Slide 6 - Tekstslide

Gjin timer ... past net by 'Deep Democracy'!
Wêrom lêze?

Slide 7 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Wêrom lêze?
HOLLE
- Lêsfeardichheden ûntwikkelje
lykas haad- en bysaak skiede.
- It ûnthâld útdaagje.
- Wurdskat ferromje.
- Better lústerje.
- Harsensken: mear aktiviteit mei lêzen, as sjen nei byldskerm.
- Optimale balâns: lêze, bewege en muzyk meitsje.
HERT
- Fantasy prikkelje.
- Ynlibbingsfermogen ûntwikkelje / Wikselje fan perspektyf.
- Emoasjes erfare, emoasjes better ûnder kontrôle.
- Minder stress.
- Neitinke oer gefolgen fan hannelingen fan oaren.
- It stimulearret om ús hert te iepenjen en ús geast te ferromjen.
- It helpt ús om ús ta te rieden op mislearringen.

Slide 8 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Wêrom Frysk lêze?
- Fierder bouwe oan memmetaal
- Oandacht foar identiteit/taal fan it hert
- Wurdearring en werkenning
- Fryske boeken gean oer it libben hjir
- Taalbewustwêzen ferheegje/positivere attitude foar oare talen
- Rike taalomjouwing
- Klank en útspraak ûntwikkelje
- Wurdskat fergrutsje, sawol foar de Fryske as oarstalige bern
- Ek net-Frysktalige bern profitearje



Slide 9 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Slide 10 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

De lêsmotivaasje fan ús 10-jierrigen is de op ien nei leechste fan hiel Europa.
Ien tredde fan de jongerein fynt lêzen net leuk en mar in kwart belibbet der wille oan, sa blykt út ynternasjonaal ûndersyk nei lêsmotivaasje. Nederlân komt dêrmei op it ien-nei-lêste plak fan de 50 dielnimmende lannen. 
Ek Nederlânsk ûndersyk lit sjen dat ûngefear de helte fan alle FÛ learlingen lêzen (hielendal) net leuk fynt. 
Mei om dy reden lêze bern hieltyd minder faak yn harren frije tiid. As se it al dogge, lêze skoalgeande bern it leafst in tydskrift. It minst lêze sy romans of ferhalebundels. 54% lêst dizze noait.
Nederlân is it iennige lân yn Europa dat 'begrijpend lezen' as fak oanbiedt.
Neffens de wittenskip soe in bern pas fan 7 jier ôf lêzen leare moatte. Dan binne de harsens klear om de aktiviteit mei floeiendheid út te fieren. (Finlân)
Wittenskippers stelle dat bern minstens in healoere op in dei lêze moatte soenen. 
--> Mar wol yn in rike oansprekkende tekst/boek, en net fragen beantwurdzje oer ien of oare tekst.
Movitaasje liedt ta gruttere feardichheden. Stek it fjoer dus oan!
Tink neist berne- en jeugdliteratuer ek oan: tematysk lêze, LIST en lêsûnderwiis keppelje oan bgl. wrâldoriëntaasje.

Slide 11 - Tekstslide

Dizze dia sels lêze litte, fraach stelle: hokker fakje bliuwt dy it meast by/set dy oan it tinken?

LIST: technysk lêzen út eigen keazen favo boeken. 

LIST staat voor Lees Interventie-project voor Scholen met een Totaalaanpak. Maar de afkorting wordt door LIST-scholen ook wel vertaald naar Lezen IS Top, omdat binnen deze methodiek leesmotivatie de grootste sleutel is tot het vloeiend en vlot kunnen lezen van teksten.

Bronnen: PIRLS, 2016; DUO Onderwijsonderzoek, 2017;
Huysmans, 2013. Lees! Een oproep tot een leesoffensief.
Advies van de Onderwijsraad en de Raad voor Cultuur over
lezen en leesbevordering (2019)

7 jier ôf: ôf:http://www.cuadernos.info/index.php/pel/article/view/23855 http://www.cuadernos.info/index.php/pel/article/view/23855

Rjochtsûnder opnij besjen: komt dy hjir? Of ferwurkje ik dy noch yn de lessuggestjes?
'Der is net genôch tiid op skoalle om frij lêze te meien.'
'Wurkje út de metoade is saai, mar frij lêze is leuk!'
'Thús is der in soad oars: boartsje, game, telefoan, tv sjen, sport, hobby's.'
'Ik fyn it soms muoilik kiezen. Ik woe dat de juf my holp in boek te kiezen dat goed by my past.'
'Ik wol gewoan lêze, net fragen beantwurdzje.'
'Ik soe graach wolle dat ik út mear boeken kieze koe. Yn de boekhannel binne altyd sokke moaie boeken, dy hawwe wy net op skoalle.'
'Ik wol lêze om nije dingen te learen, om mear oer de wrâld en minsken te witten te kommen.'
'No't ik yn groep 6 sit moat ik hieltyd AVI boekjes lêze. Echt super stom.'
'Ik fûn lêzen altyd fijn, mar der is neat mear oan no't we hieltyd technysk lêze en begripend lêze moatte.'
Wat bern sizze oer lêze op skoalle

Slide 12 - Tekstslide

Dia sels lêze litte, hokker útspraak/útspraken herkenst?

Bronnen: PIRLS, 2016; DUO Onderwijsonderzoek, 2017;
Huysmans, 2013. Lees! Een oproep tot een leesoffensief.
Advies van de Onderwijsraad en de Raad voor Cultuur over lezen en leesbevordering (2019)

7 jier ôf: ôf:http://www.cuadernos.info/index.php/pel/article/view/23855 http://www.cuadernos.info/index.php/pel/article/view/23855

Slide 13 - Link

Erna van Koeven, taalekspêr op Hegeskoalle Windesheim, kritysk op it fak begrijpend lezen. 3:30 (4.03) - 5.40

Jacques Vriens, skriuwer (Meester Jaap), âld dosint en basisskoalle direkteur, hat ek sa syn miening oer it lêsûnderwiis.
 12.40 oant 15.35


Stellingen
kwalifikaasje
sosjalisaasje
subjektifikaasje
It fet fulle
of it fjoer oanstekke?
taal
kultuer
maatskippij
  • Juf Anne Steenhoff wie te gast by Eva Jinek om te fertellen hoe't se har learlingen yn groep 8 wer oan it lêzen krigen hat. Hoe dan? Troch de biezem troch de boekekasten te heljen, de lêstiid te ferlingen en it goede lêsgedrach foar te libjen. 
  • NOS-artikel: Yn Ierlân slagge it om bern wer goed lêze te litten. 

Slide 14 - Tekstslide

Fanút Jacques:

In oare, logyske foarm sykje wêr't bern mei oan 'e slach kinne.

Erna, ferskraling, 

Wêr is de lêswille bleaun?

Slide 15 - Video

Deze slide heeft geen instructies

Boekesirkwy
- Besjoch de boeken út dyn bou.
- Beantwurdzje dizze fragen:
1. Sprekt de cover dy oan? Wêrom wol/net?
2. Lês de achterside. Sprekt de ynhâld dy oan? 
3. Lês de earste siden. Wolst it boek fierder lêze? JA?
4. Kies 1 'JA' -boek

timer
5:00

Slide 16 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Speeddate
- 3 minuten
- 3 dates
- 3 hertsjes
timer
3:00
myn boek
myn boek
ûnderbou, middenbou, boppebou

Slide 17 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

- De moaiste Fryske berneboeken bestelle op www.taalplan.frl 
- Foarlêsgids, heit & mem mei lêstips, boekekisten per bou op skoalle (www.afuk.frl)
- De Fryske berneboeke-ambassadeur (www.berneboekeambassadeur.frl)
- Lêskonsulint fan jimme skoalle: ____________________
- Masterclass by berneboekewike ynspirearjend meartalich ûnderwiis (www.inspirerendmeertaligonderwijs.nl) 
- Kursus LêsRyk (www.inspirerendmeertaligonderwijs.nl) 
- De Toverlantaarn: webside en berneboekewinkel
- Lês & Read (lesenread.nl)
- Koarte ferhalen yn tydskrift Tsjil 
- Lessuggestjes foar boeken yn de map

Slide 18 - Tekstslide

Noch updates? Feroaringen?
Website tekoart boeken maile!
boekpromoasje
oan 'e slach mei berne- en jongereinliteratuer yn 'e klasse

Slide 19 - Tekstslide

KOART TROCH DE BOCHT
Utdaging WOWshop 2
  • Kies út de lessuggestjes in wurkfoarm of betink sels ien.
  • Jou/betink in ludike les wêrmeist it fjoer foar it lêzen oanstekst. Daach dysels út, kom út dyn komfortsône.
  • Tink ek oan it tapassen fan de Fak Taal Formule.
  • Leverje neist it lesformulier ek in bewiisstik fan dyn les yn; dat bewiisstik brûkst yn de earstfolgjende les as praatstik.
  • It lesformulier en dyn bewiisstik bewarrest foar dyn portfolio.
  • Yn de kommende WOWshop pitche jim de les of situaasje

Slide 20 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Doelen
Oan 'e ein fan dizze les...
Fakdoelen:
- kin ik útlizze wêrom at (Frysk) lêze wichtich is
- ken ik ferskate wurkfoarmen om it fjoer oan te stekken
foar (Frysk) lêzen. 
- kin ik wurkje mei de basis fan Deep Democracy
Taaldoelen:
- kin ik tidens Deep Democracy en it boekesirkwy it 
Frysk as fiertaal brûke.
- kin ik in passaazje foarlêze út in Frysk berne- 
of jongereinboek.

Slide 21 - Tekstslide

Doelen opnij besjen
Dêrom is lêzen wichtich!
Dizze sin bliuwt my by:
 Ynspirearjende wurkfoarmen:
-
Leuke boektitels 
foar myn bou/klasse:
It moaiste boek
weromsjen
Lêze op skoalle:
- Tink oan in trochgeande lêsline fan groep 1 oant en mei 8.
- In fêst lêsmomint fan yn alle gefallen in heal oere per dei.
- In sintraal plak foar in ynspirearjende en rike lês-
omjouwing.
- Boeken yn ferskillende talen.
- Boeken yn de spotlight.
- Lêskonsulinte ynskeakelje.

Slide 22 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies