Praat mar Frysk - basis - les 8

Praat mar Frysk - basis - les 8
1 / 29
next
Slide 1: Slide
FriesBeroepsopleiding

This lesson contains 29 slides, with text slides and 1 video.

time-iconLesson duration is: 120 min

Items in this lesson

Praat mar Frysk - basis - les 8

Slide 1 - Slide

FOTO: webside Harlingen-Vlieland.

Les 8 is it tema it waar. De les giet oer handige wurden en sinnen oer dit tema. Yn dizze les is der omtinken foar de tiidwurden gean, bliuwe en komme.

Les 7 wie it tema wurk, berop en stúdzje. It is de bedoeling no te oefenjen mei it praten oer dat tema.
Wurklist
  • Húswurk fan ôfrûne wike beprate.
  • Wurdskat útwreidzje: 
       it waar.
  • Grammatika: tiidwurden
       gean, bliuwe en komme.
  • Húswurk foar kommende wike.
  • Neigesetsje.

Slide 2 - Slide

This item has no instructions

Húswurk beprate
beroppen, wurk en stúdzje
fan Frysk nei Nederlânsk 
(side 92-94)

Slide 3 - Slide

This item has no instructions

Sitaten
Ferdiel de groep yn 2 groepen.
Jim krije in tal kaartsjes mei sitaten oer in berop. 
A draait ien kaartsje om en lêst it earste sitaat foar. Jimme beprate  watfoar berop oft dat wêze kin. 
A jout mei it twadde en tredde sitaat noch wat mear ynformaasje.
B draait ien kaartsje om en ...
Foarbyld foar in kondukteur. 
  1. Ik wurkje by it spoar.
  2. Ik haw in fluitsje.
  3. Ik kontrolearje de kaartsjes.

Slide 4 - Slide

Hantlieding lesjouwer, side 73.
Wat docht in ...
Wurkje yn groepkes fan 4.

Elk krijt in kaartsje mei in berop. Fertel hoe't dyn dei derút sjocht ast dat wurk dwaan soest.

Jim kinne elkoar op gong helpe mei fragen lykas:
- Makkesto lange dagen?
- Bisto in soad bûten of wurkest foaral binnen?
- Wat binne dyn taken?
- Wurkest allinnich of mei oaren?

Slide 5 - Slide

Hantlieding lesjouwer, side 74.
Gaadlik?
Elk krijt in kaartsje mei 
in berop.
Fertel oan de groep oftsto 
wol of net gaadlik bist foar 
dat berop en wêrom.

Slide 6 - Slide

Hantlieding lesjouwer, side 75.
Wat docht in ...
Gaadlik?

Slide 7 - Slide

Hantlieding lesjouwer, side 74-75.
Fraachpetear
Wurkje yn twatallen.
Jim hâlde in fraachpetear mei buorman/buorfrou. 
It petear moat gean oer syn/har wurk of oplieding.
timer
3:21

Slide 8 - Slide

FOTO Roelof Louwsma.
Yn petear oer beroppen
Wurkje yn in trije- of fjouwertal.
Ien stelt in fraach, elk jout antwurd.
  • Wat woesto wurde doe'tsto lyts wiest?
  • Asto 10 miljoen winne soest, gongst dan noch nei it wurk/skoalle?
  • Mei wa soesto graach in dei ruilje wolle?
  • Ast in wike in berop útprobearje mochtst, watfoar berop soesto dan kieze?
  • ...

Slide 9 - Slide

This item has no instructions

Skoft
Mei ik kofje?
Ik wol graach in kopke tee.
Mei molke en sûker.
Wolsto ek in stikje koeke?

Tankjewol.
Graach dien.

Slide 10 - Slide

This item has no instructions



PROBLEEM
It Nederlânske tiidwurd gaan kinst yn kombinaasje mei in oar tiidwurd net altyd letterlik oersette. 

OPLOSSING
Gean kin wol yn kombinaasje mei de tiidwurden sittelizzehingje en stean.
Yn oare gefallen moatst in oare konstruksje meitsje: 
Faak komt it wurdsje te dertusken.
Kinst ‘gean’ ek ferfange troch sille of moatte.
Gaan = gean ...
Ik gean sitten.
Hy giet lizzen.
Wy geane oan de reling hingjen.
Do giest stean.

Gaan = gean te ...
Wy geane te kuierjen.
Ik gean te fiskjen.

Gaan = ferfongen troch sille, begjinne te, moatte
Wy moatte ite.
Wy sille trouwe.
It begjint te reinen.
Opdracht 4 gean

Slide 11 - Slide

This item has no instructions

Gean probleem
As helptiidwurd kinst 'gean' allinnich brûke yn kombinaasje mei lichemshâldingen:
hingjen - lizzen - sitten - stean 

De lytse hûn gie lizzen.
De grutte hûn giet net lizzen.

Slide 12 - Slide

This item has no instructions

Gean oplossing
Wolsto 'gean' brûke as helptiidwurd mar net yn kombinaasje mei 
'hingje - lizze - sitte - stean'?
1. Ik ga eropuit om te ... > Brûk 'te'
Ik gean te wurkjen.
2. Het begint te ... > Brûk 'sil'
It sil reine.
Ik sil jimme wat fertelle.

Slide 13 - Slide

This item has no instructions



PROBLEEM
It Nederlânske tiidwurd blijven kinst as helptiidwurd net altyd letterlik oersette. 

OPLOSSING
Bliuwe kin wol yn kombinaasje mei de tiidwurden sittelizzehingjesteanwenjestykjedriuwe en plakke (+ alle tiidwurden dy’t likernôch deselde betsjutting hawwe).
Yn oare gefallen moatst in oare konstruksje meitsje. Faak komt it wurdsje te dertusken.
Soms moat de hiele sin oars wurde.
Blijven = bliuwe ...
Hy bliuwt hjir sitten.
Sy bliuwt lizzen.
Ik bliuw oan de rekstok hingjen.
Do bliuwst yn de hoeke stean.
Sy bliuwe dêr wenjen.
It boatsje bleau net driuwen.
De kaugom bleau oan syn skoech plakken.

Blijven = bliuwe te ...
Wy bliuwe dêr te feestfieren.

Blijven = fuortlitten en de sin oanpast ...
Hy prate mar troch.
Opdracht 4 bliuwe

Slide 14 - Slide

This item has no instructions

Bliuwe probleem
As helptiidwurd kinst 'bliuwe' allinnich brûke om in stilstân oan te jaan: driuwe - hingje - lizze - sitte - stean - stykje - plakke - wenje + -n.
De kaugom bliuwt plakken.
De bern bliuwe lizzen.
It hûs bliuwt stean.
De fiter bliuwt stykjen.
Ik bliuw derby sitten.

Slide 15 - Slide

This item has no instructions

Bliuwe oplossing
Wolsto 'bliuwe' brûke as helptiidwurd mar net om in stilstân oan te jaan?
Fuortlitte of sin ombouwe mei, 'te', 'oan it', 'troch' of 'hâldt mar oan'.
1. De kat hong dêr in healoere.
2. De man bliuwt oan it foeterjen.
3. Hy seurt mar troch.
4. It miaukjen hâldt mar oan.

Slide 16 - Slide

This item has no instructions

PROBLEEM
It Nederlânske tiidwurd komen kinst as helptiidwurd net altyd letterlik oersette. 
OPLOSSING
Yn it Frysk kinst komme allinne kombinearje mei in bewegingstiidwurd. It hiele tiidwurd krijt dan in –n derefter. Yn oare gefallen moat te of om te ynfoege wurde.

Slide 17 - Slide

This item has no instructions



PROBLEEM
It Nederlânske tiidwurd komen kinst as helptiidwurd net altyd letterlik oersette. 

OPLOSSING
Yn it Frysk kinst komme allinne kombinearje mei tiidwurden dy't in beweging útdrukke: fytse, rinne, stowe ensfh. It hiele tiidwurd krijt dan in -n derefter. 

Yn oare gefallen moat te of om te ynfoege wurde.
Komen = komme as beweging:
Der kaam in auto oanriden.
Hy kaam hurd oanfytsen.

Komen = komme as doel:
Sy komt by ús te iten.
Opdracht 4 komme

Slide 18 - Slide

This item has no instructions

Komme probleem
As helptiidwurd kinst 'komme' allinnich brûke ast it troch in ferhâldingswurd (voorzetsel) ferbynst mei in oar tiidwurd (infinitief + -n) om it begjin fan in hanneling of beweging oan te jaan:
Hy komt nêst har sitten.
It bern kaam tusken har yn sitten.

Slide 19 - Slide

This item has no instructions

Komme oplossing
As helptiidwurd kinst 'komme'  fierder allinnich brûke:
1. Ast it oer de wize wêrop hast.
"Sy komt oanriden."
2. Ast it oer it doel fan kommen hast. Brûk '(om)te' + -n
"Sy komt hjir te wenjen."

Slide 20 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 1 & 2 Dialooch
Ik lês de tekst earst foar.

Wurkje yn twatallen.
Oefenje it petear.
Wikselje fan rol.

Slide 21 - Slide

Sels foarlêze of fia EduFrysk.
Opdracht 3
Wurkje yn 4 groepkes.
Stap 1: Elke groep betinkt 5 wurden 
om it waar te beskriuwen.
Groep 1: maitiid
Groep 2: simmer
Groep 3: hjerst
Groep 4: winter

Stap 2: wurden meielkoar útwikselje.
timer
3:21

Slide 22 - Slide

FOTO vier seizoenen Ellen Gille.

STAP 3:
Foarbylden fan wurden en sinnen steane efter yn it kursusboek.
1. Wij gaan morgen de hele dag fietsen.
2. Hij is in mijn stoel gaan zitten.
3. Wij blijven in hem geloven.
4. Zij is op de bank gaan liggen.
5. De auto bleef in de modder steken.
6. Elke zaterdag ging hij hardlopen.
7. De auto kwam hard aanrijden.
8. Het meisje bleef maar zeuren.
9. Ik denk dat ik een reis naar Indonesië ga boeken.
10. Wij blijven doorlopen, want er komt een bui aan.
11. Wij gaan een dag vissen.
12. Hij komt ons helpen.
13. De toren ging scheef hangen.
14. Wij blijven in dit dorp wonen.
15. Het gaat regenen.
Opdracht 5 Set de sinnen oer yn it Frysk

Slide 23 - Slide

This item has no instructions

1. Wij gaan morgen de hele dag fietsen.
2. Hij is in mijn stoel gaan zitten.
3. Wij blijven in hem geloven.
4. Zij is op de bank gaan liggen.
5. De auto bleef in de modder steken.
6. Elke zaterdag ging hij hardlopen.
7. De auto kwam hard aanrijden.
8. Het meisje bleef maar zeuren.
9. Ik denk dat ik een reis naar Indonesië ga boeken.
10. Wij blijven doorlopen, want er komt een bui aan.
11. Wij gaan een dag vissen.
12. Hij komt ons helpen.
13. De toren ging scheef hangen.
14. Wij blijven in dit dorp wonen.
15. Het gaat regenen.
Opdracht 5 Set de sinnen oer yn it Frysk
1. Wy geane moarn de hiele dei te fytsen. 
   Wy sille moarn de hiele dei fytse.
2. Hy is yn myn stoel sitten gien.
3. Wy leauwe noch altyd yn him.
4. Sy is op ’e bank lizzen gien.
5. De auto bleau yn ’e modder stykjen.
6. Alle sneonen gong er te hurdrinnen / draven.
7. De auto kaam hurd oanriden.
8. It famke seurde mar troch.
9. Ik tink dat ik in reis nei Yndonezië boeke sil.
10. Wy rinne troch, want der komt in bui oan.
11. Wy geane / sille in dei te fiskjen. 
12. Hy komt om ús te helpen.
13. De toer gong skeef hingjen.
14. Wy bliuwe yn dit doarp wenjen.
15. It begjint te reinen. / It sil reine.

Slide 24 - Slide

This item has no instructions

Húswurk
Lear de wurden en sinnen fan dizze les. 
Mear foarbylden steane efter yn it lesboek. 

Lear de wurdskat fan it waar
fan Frysk nei Nederlânsk (side 94-95).


EduFrysk flitskaarten gean, bliuwe, komme.
We sille in eintsje te riden, mar it is glêd en der komt snie, dat ik wit noch net oft it der wol fan komt.

Slide 25 - Slide

This item has no instructions

Neigesetsje

Slide 26 - Slide

This item has no instructions

Slide 27 - Video

Kjeld Hoekstra op 'e Friesian Proms.
https://youtu.be/HzLvyJ4lEDA

Bepraat:
- wat sjochst
- wat fynst dêrfan
- wêr docht it dy oan tinken

Memory
Elk krijt in tal lege memorykaartjes. 
Meitsje sels de memorykaartsjes.
- in kaartsje mei persoansfoarm + in tiidwurd yn de notiid,
- in kaartsje mei deselde persoansfoarm + it tiidwurd yn de doetiid. 
Spylje it spultsje memory.

Foarbyld:
kaartsje 1 = ik rin
kaartsje 2 = ik rûn

Slide 28 - Slide

Hantlieding lesjouwer, side 76.
Wa bin ik?
Ien kursist (A) giet even nei de gong. 
Wy bepale wa't hy/sy is. 

A komt werom en moat troch it stellen fan fragen útfine wa't hy/sy is.
De rest fan de groep jout om bar antwurd.

Slide 29 - Slide

Hantlieding lesjouwer, side 74 of 75.