Praat mar Frysk - basis - les 5

Praat mar Frysk - basis - les 5
Praat mar Frysk - basis - les 5
It paad werom
Op 15 juny 2024 wie de sechsde edysje fan de draaf- en kuiertocht fan de seedyk by Easterbierrum oer de Slachtedyk nei Raerd. 

42 km drave yn de stjalpende rein, binne je dan it paad net in bytsje bjuster?
1 / 19
next
Slide 1: Slide
FriesBeroepsopleiding

This lesson contains 19 slides, with text slides and 2 videos.

time-iconLesson duration is: 120 min

Items in this lesson

Praat mar Frysk - basis - les 5
Praat mar Frysk - basis - les 5
It paad werom
Op 15 juny 2024 wie de sechsde edysje fan de draaf- en kuiertocht fan de seedyk by Easterbierrum oer de Slachtedyk nei Raerd. 

42 km drave yn de stjalpende rein, binne je dan it paad net in bytsje bjuster?

Slide 1 - Slide

Les 5 is it tema It paad bjuster wêze. De les giet oer immen it paad wize. We oefenje mei de folchoarder fan tiidwurden.

Les 4 wie it tema Ut te iten. It is de
bedoeling no te oefenjen mei it praten oer dat tema.
Wurklist
  • Húswurk fan ôfrûne wike beprate.
  • Wurdskat útwreidzje: 
       immen it paad wize.
  • Grammatika: 
       folchoarder fan tiidwurden.
  • Húswurk foar kommende wike.
  • Neigesetsje.

Slide 2 - Slide

This item has no instructions

Húswurk beprate
út te iten
fan Frysk nei Nederlânsk 
(side 88)

Slide 3 - Slide

This item has no instructions

Fyn immen dy't ...
Rin troch de romte.    Fyn immen dy't ...    Skriuw de namme op.
  • Fyn immen dy't de ôfrûne wike/moanne út te iten west hat.
  • Fyn immen dy't ynkoarten út te iten sil.
  • Fyn immen dy't wolris in resinsje efterlitten hat op in site.
  • Fyn immen dy't it iten wolris weromstjoerd hat.
  • Fyn immen dy't yn de hoareka wurket/wurke hat.


timer
1:00

Slide 4 - Slide

This item has no instructions

Speeddate
Do krigest in kaartsje. It wurd dat op it kaartsje stiet, mei net neamd wurde! Troch te speeddaten moatst derefter komme wa't it bybehearrende kaartsje hat*. Gean yn twatallen foarelkoaroer sitten en stel elk ien minút fragen. Skriuw op watfoar wurdt de oar neffens dy op syn/har kaartsje hat. 
Jim skowe in plakje op en stelle wer elk ien minút fragen. 
Kinst der efter komme wa't by dy heart? 
timer
1:00
* Foar groepen mei in ûneven oantal kursisten is der ek ien trijetal wurden dy't byelkoar hearre.
Mooglike fragen om te stellen:
- Is it in tiidwurd?
- Is it in ding?
- Is it om te iten?
Tafel & Stoel

Slide 5 - Slide

Hantlieding lesjouwer, side 57.
Speeddate

Slide 6 - Slide

This item has no instructions

Wurkje yn groepkes fan trije.
Elk krijt in oare tekst.
Lês dyn tekst.
Fertel de oaren yn it koart wat der yn dyn tekst stiet.

Slide 7 - Slide

Hantlieding lesjouwer, side 59 - 61.
Opdracht 1 & 2 Dialooch
Ik lês de tekst earst foar.

Wurkje yn twatallen.
Oefenje it petear.
Wikselje fan rol.

Slide 8 - Slide

Sels foarlêze of fia EduFrysk.
Yn petear oer út te iten gean
Wurkje yn in trije- of fjouwertal.
Ien stelt in fraach, elk jout antwurd.
  • Ast út te iten giest, wat is dan dyn favorite restaurant?
  • Ast in pizza bestelst, watfoar pizza is dat dan?
  • Mei wa giesto it leafst út te iten?
  • Wat is dyn ferfelendste / moaiste restaurantûnderfining? (iten, betsjinning)
  • ...

Slide 9 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 3 wurdskat paadwizer
Wurkje yn in trije- of fjouwertal.
Betink watfoar wurden oft der noch mear nedich binne by 
it freegjen om it paad. Tip: sjoch ek efter yn it lesboek.
As der 10 wurden betocht binne, meitsje jim der sinnen mei.

Slide 10 - Slide

This item has no instructions

Skoft
Mei ik kofje?
Ik wol graach in kopke tee.
Mei molke en sûker.
Wolst ek in stikje koeke?

Tankjewol.
Graach dien.

Slide 11 - Slide

This item has no instructions

Folchoarder fan tiidwurden
Yn de haadsin stiet de persoansfoarm sa fier mooglik foaroan.
          It famke sil aansten de hûn útlitte moatte.
          Do moatst altyd fytsend thúskomme kinne.
          Dêr silst dochs noch even nei freegje moatte.

Yn de bysin komt de persoansfoarm efteroan te stean.
          Sy leaude net dat dy jonge it famke treaun hat.
          Hy frege my oft ik sitten gean woe.
          Ik fertelde har dat ik aansten te fiskjen soe.
Meastentiids krekt oarsom as Nederlânsk.
Wichtichste tiidwurd (haadtiidwurd) foarop.

Slide 12 - Slide

Meastentiids is de folchoarder fan de Fryske tiidwurden spegele oan de Nederlânske folchoarder,
mar dat giet net altyd op.
‘Ik weet niet of ik daar nu nog zin in zou hebben/hebben zou.’ Yn dy sin binne beide foarms goed yn
it Nederlânsk. Yn it Frysk is mar ien foarm goed: ‘Ik wit net oft ik dêr no noch nocht oan hawwe soe’.
It is dus better om te sizzen dat yn in groepke tiidwurden it belangrykste tiidwurd foaroan stiet.
Opdracht 5 tiidwurden
Meitsje de sinnen ôf mei op syn minst twa tiidwurden.
  1. Hy leaut net dat er foar dat eksamen ... ...
  2. Ik hie juster dy doazen ... ...
  3. Wy sille in beslút ... ...
  4. Hasto der wol om tocht datsto jûn noch ... ...
  5. Sy soe soks net tsjin dy ... ...
  6. Hy hat juster it wurk ... ...
  7. De frou mei wa't ik juster prate, fertelde dat se graach ... ...
  8. De sjauffeur mei wa't ik krekt prate, fertelde dat er ... ...
  9. Hy seit dat er no dochs in oare baan ... ...
  10. De man dy't ik juster seach, sei dat er hjoed ... ...

11. Ik soe jûn wol thús ... ... 
12. Wy hiene dat earder ... ...
13. Jimme soene dat net ... ...
timer
10:00

Slide 13 - Slide

This item has no instructions

Groepsdomino
Elk kriget fjouwer kaartsjes mei in tiidwurd en in sin.
Begjin mei it START kaartsje mei in sin. Sykje it kaartsje mei de goede tiidwurdsfoarm. Dêr stiet op de twadde helte de folgjende sin. 
Lis de dominokaartsjes op de goede folchoarder.

Slide 14 - Slide

Dominokaartsjes side 62 - 67.

Húswurk
Lear de wurden en sinnen fan dizze les. 
Mear foarbylden steane efter yn it lesboek. 

Lear de wurdskat fan it paad freegje
fan Frysk nei Nederlânsk (side 89).


EduFrysk flitskaarten folchoarder tiidwurden.

EduFrysk flitskaarten it paad freegje.
Hint: Is de bus net weg? (Is de bus krekt fuort?)

Slide 15 - Slide

This item has no instructions

Neigesetsje

Slide 16 - Slide

This item has no instructions

Slide 17 - Video

This item has no instructions

Rollespul
Wurkje yn twatallen.
Jim dogge in rollespul.
Ien is A, de oare is B.
Op it kaartsje stiet watst dwaan moatst. Brûk yn jim petearke de wurden en sinnen fan de ekstra taaltaken.

Slide 18 - Slide

Hantlieding lesjouwer, side 58.

Slide 19 - Video

This item has no instructions