Praat mar Frysk - ferfolch - les 7

Praat mar Frysk - ferfolch - les 7
1 / 15
next
Slide 1: Slide
FriesBeroepsopleiding

This lesson contains 15 slides, with text slides.

time-iconLesson duration is: 120 min

Items in this lesson

Praat mar Frysk - ferfolch - les 7

Slide 1 - Slide

Les 7 As de sleatten ticht lizze, begjinne de skiep te reizgjen = As se de kâns krije, begjinne de skiep te swalkjen.

In les oer reizgjen foar it wurk of mei fakânsje.
Wurklist
Weromsjen op ôfrûne wike
             - EduFrysk
             - Húswurk makke? Sprekbeurt taret? Nijsjirriche saken tsjinkommen?
TEMA Reizgjen
             - Foarlêze
             - Praatopdrachten, spultsjes en oefenje mei tiidwurden
Húswurk
Neigesetsje

Slide 2 - Slide

This item has no instructions

Foarlêze
Lindbergh - it grutte aventoer fan in fleanende mûs.
Lês om bar in stikje foar.
Tink dêrby om de útspraak.

Binne der noch fragen oer, 
of oanfollingen op it wurdfjild?

Slide 3 - Slide

This item has no instructions

Freegje om feedback oer (ien of mear fan de ûnderwerpen) by 
sprekbeurt & praatopdrachten

Slide 4 - Slide

Soargje foar in steapel feedbackkaartsjes.

Kursisten kinne sels de kaartsjes útdiele by praatopdrachten en/of sprekbeurten.

Ik beoardielje de sprekbeurten.
Sprekbeurt
Speeddate.
Wurkje yn twatallen.
fertel inoar oer in boek datst lêzen hast.
Sko in stoel op en doch it nochris.

Jou inoar TOPs en TIPs:
wurdskat & útspraak, grammatika & tiidwurden

timer
2:00

Slide 5 - Slide

Hylkje Goïnga 9789492176356 € 7,50.

Hylkje Goïnga wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der aardichheid oan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De lêzer wurdt geregeld op ' e ferkearde foet setten omdat de ferhalen oan de ein faak in hiel ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. Op fersyk fan Thys Wadman hat Douwe Kootstra de opdracht krigen om "tsien fan Hylkje" út te sykjen. Net dé tsien fan Hylkje. Nee, gewoan tsien ferhalen dy't karakteristyk binne foar har wurk: koart om 'e hoeke, humoristysk en bysûnder.
Skoft

Slide 6 - Slide

This item has no instructions

Dobbelje
Wurkje yn twatallen.
Goai om bar beide dobbelstiennen: sis watst goait hast én fermannichfâldigje de beide stiennen.

Bygelyks: 2 en 6 = seisentweintich & twaensechstich én tolve.

Slide 7 - Slide

This item has no instructions

Aardich om te witten???

Wat tinkst dat de betsjutting is fan:
- sjammeloek
- hippelewip / oardelskonk
- fifelefûferijen
- skytmerakels
- fiterknotsje
- kuozzemuos / griemmank
- wanskik
- omtoffelpyk 
Dit binne net wurden dy'tst faak tsjinkomme silst hear. Kinst der wol  aardichheid oan hawwe en brûk se:
  • lange kamerjas met ceintuur
  • iemand die mank loopt
  • fratsen, aanstellerij
  • smoesjes
  • beuzelen, tijd verdoen
  • mengelmoes
  • misvormd persoon
  • vrije uitloop kip

Slide 8 - Slide

Fetdrukte wurden der sels by set.
Ik gean op reis en nim mei ...
A seit: "Ik gean op reis en ik nim mei ..." (neam ien ding).
B werhellet de sin en it ding en neamt in nij ding.
C werhellet de sin en alle foargeande dingen.
... Ensfh.

Slide 9 - Slide

This item has no instructions

Wa, wat, wannear, wêr, wêrom
Wurkje yn groepkes fan 3-4.
Jimme meitsje sinnen neffens it stramyn wa/wat/wêr/wêrom.
A betinkt wa.
B betinkt wat.
C betinkt wêr.
D betinkt wêrom.
Foarbyld: Beppe set tee yn de keuken, omdat se toarst hat.


timer
10:00

Slide 10 - Slide

Flip-over + stiften brûke.
Ferskriklike fakânsje
Do krigest trije minuten om dy ta te rieden.
Skriuw wat stekwurden / sinnen op.

Fertel yn ien minút oer dyn meast ferskriklike fakânsje dy'tst ea meimakke hast. Dat kin wier bard wêze mar meist ek in ferhaal betinke.
timer
3:00
timer
1:00

Slide 11 - Slide

This item has no instructions

Praat mar Frysk

Wurkje yn groepkes fan 3-4. 
Jou inoar feedback.

A praat oer it tema.
B & C (en D) harkje en lette op:
wurdskat & útspraak
grammatika & tiidwurden



Prate oer reizgje

Wat fynsto it aardichst fan mei fakânsje gean?
Watfoar reizen hasto al makke?
Watfoar reis soesto nochris meitsje wolle?
...
timer
1:30

Slide 12 - Slide

This item has no instructions

Húswurk
Wurdskat reizgje.
EduFrysk flitskaarten.
EduFrysk ekstra materiaal.

Sprekbeurt tariede:
bjusterbaarlik, posityf nijs.

Slide 13 - Slide

Emiel Stoffers fan de Hûnekop:
Kuikens in het land - poes in de mand.
Neigesetsje

Slide 14 - Slide

This item has no instructions

Tiidwurden: Bingo
Skriuw de sifers 1 o/m 8 yn willekeurige folchoarder op. 
It rêd draait de sifers ien foar ien ek yn willekeurige folchoarder.
Foarbyld: draait it rêd in 5 en hasto dat nûmer boppe-oan dyn briefke stean, dan krigesto de opdracht.
Ik neam in tiidwurd (ynfinityf), de kursisten dy't oan dizze opdracht meidogge skriuwe fan dat tiidwurd de doetiid op. Is it goed, dan meist it sifer 5 trochskrasse. It rêd draait wer in sifer.

Slide 15 - Slide

BOEKJE tiidwurden nedich.