1. Skoalling & oplieding (100%, mei maks fan €2500,-)
2. Materiaal, oanfulling op MIF (80%)
3. Kulturele aktiviteit (50%)
4. Frijroastering/ferfanging
5. Taalbeliedsplan (€250,-)
6. Ynset dosint Frysk (€500,-)
Slide 7 - Diapositive
Wy moatte wat mei it Frysk
vs.
Wy wolle wat mei it Frysk
Taalplan Frysk 2030
Ynspeksje
Europeesk Hânfêst
Wetlike ferplichting
Kânsen
Mooglikheden
Talen fan it hert
Untwikkeling bern
Wolbefinen bern
Slide 8 - Diapositive
Slide 9 - Diapositive
Meartalige bern...
binne taal-gefoeliger & taalbewuster.
leare sneller noch mear talen.
kinne harren gem. better konsintrearje.
fine it makliker om letters om te setten nei klanken.
leare dêrtroch sneller technysk lêzen.
hawwe in positivere hâlding foar oare talen en kultueren.
kinne earder abstrakt tinke as ientalige bern.
presteare better at harren thústalen yn it ûnderwiis erkend en brûkt wurde.
Mar ek dat ientalige learlingen bettere resultaten boeke wannear't se harren taalbewustwêzen ferheegje en positivere attitudes fan oare talen ûntwikkelje.
In bern mei in minderheidstaal ûnder-dompelje yn 'e mearderheidstaal kin foar psychologyske problemen soargje: identiteitsferlies, gefoel fan ûntwoarteling, doelleazens.
Slide 10 - Diapositive
Slide 11 - Vidéo
Om oer nei te tinken:
Wylst Nederlân ryk is oan allochtoane en autochtoane taaldiversiteit, blykt it ûnderwiissysteem behoarlik ientalich oriëntearre.
Ynklusyf skoalklimaat: oandacht foar de taal fan it hert is romte biede oan de identiteit fan de bern.
Ek net-Frysktalige bern profitearje fan trijetalich ûnderwiis. Ned = likegoed, Frysk & Ingelsk foar beide better as oare ientalige skoallen.
It Frysk (Kurrikulum.frl) is it iennige fak yn Nederlân dat grien ljocht krigen hat fan it ministearje om de kearndoelen fierder te ûntwikkeljen.
75% fan de bern bliuwt yn de takomst yn de provinsje wenjen en wurkjen.
Frysk lesmateriaal is talein op evenwicht yn de trije doeldomeinen kwalifikaasje, sosjalisaasje en subjektifikaasje.
Fryske taal & kultuer is taret op de twa nije pylders fan de ûnderwiis ynspeksje: op alle skoallen wurdt frege nei it Frysk & boargerskipsfoarming.
Slide 12 - Diapositive
Wat hâldt learkrêften tsjin?
frees foar betizing
gefoel fan ûnbe-kwamens
te hege wurkdruk
kontrôle
ferlieze
Slide 13 - Diapositive
Learkrêften fiele harren noch faak ûnseker hoe't se yn de praktyk stipe jaan kinne oan meartalige bern.
Learkrêften freze dat it tagelyk brûken fan talen foar betizing soarge kin en de bern de talen net fan elkoar ûnderskiede kinne. Ut ûndersyk docht dit net bliken, sterker noch der binne op 'e wrâld gjin gefallen bekend fan bern dy't de talen net mear fan elkoar ûnderskiede koenen.
Guon learkrêften hawwe de angst dat bern oer de learaar roddelje yn de ûnbekende taal, wêrtroch de learaar de kontrôle oer de klasse ferlieze kin. Undersyk lit sjen dat thústalen foaral brûkt wurde om te learen en om oer skoalopdrachten en tema's te praten.
It brûken fan de thústaal ûntwikkelet positive attitudes ten oansjen fan de oare talen en bern ferwerve op in boartlike wize taallearstrategyen.
Meartaligens moat net as in taak boppe op de taken sjoen wurde, mar fanselssprekkend yn alle aktiviteiten yntegrearre wurde.
Slide 14 - Diapositive
Slide 15 - Vidéo
Oandacht foar it Frysk en oare thústalen yn 'e klasse:
Freegje bern om fertalingen yn harren taal of jou it sels.
Net genôch tiid foar it Frysk? Oare fakken belangriker? Frysk kin ek as ynstruksjetaal ynset wurde en in plak krije yn oare fakken. - Fak Taal Formule -
Jou ek tidens fieringen, projekten, kreative- en sportdagen romte foar en oan de ferskillende talen.
Sjong ferskes, brûk gedichtjes, quotes, filmkes yn it Frysk en oare thústalen.
Meitsje op in sintraal plak yn 'e skoalle mei de bern in 'Taal fan myn Hert-keunstwurk' mei romte foar harren eigen taal.
Stimulearje âlders sa folle mooglik om thús yn de taal fan it hert mei it bern te praten.
Lit bern in sprekbeurt of in minyles hâlde oer harren eigen taal.
Stimulearje âlders om thús in sa ryk mooglike taalomjouwing te kreëarjen: foarlêsboeken, printeboeken, taalspultsjes, ensfh.
Slide 16 - Diapositive
Wat giet
goed?
Wat kin
better?
Underfining Frysk & meartaligens
Wat hast nedich?
Slide 17 - Diapositive
De
Fak Taal Formule
Slide 18 - Diapositive
fak-
doel
Fak Taal
Formule
taal-
doel
Slide 19 - Diapositive
Stappeplan foar in FTF les
kies in taal
kies in fakdoel
kies in taaldoel
kies in wurk-foarm
sammelje materiaal
1.
2.
3.
4.
5.
6.
ferbyn de stappen
Slide 20 - Diapositive
Fak Taal
Formule
STATE
OF
MIND
Slide 21 - Diapositive
Checklist
1. Yn myn les meitsje ik in bewuste kar foar de taal/talen dy't ik ynset. Frysk/Ingelsk/meartalich. 2. Ik haw foar myn les in fakdoel en in taaldoel. 3. Ik aktivearje foarkennis op it mêd fan ynhâld en taal 4. Myn learlingen dogge aktyf mei: se hawwe ynteraksje yn it Frysk/Ingelsk en der wurdt safolle mooglik yn twatallen/groepkes wurke.
5. Der is in rike learomjouwing/multy mediale ynput.
Slide 22 - Diapositive
6. Learlingen hawwe in dúdlike opdracht krigen foardat se begjinne mei lêzen, harkjen of sjen.
7. Learlingen wurkje aktyf oan taalûnderdielen as wurdskat, prate en/of skriuwe.
8. Der sit in kultureel of ynternasjonaal elemint yn myn les. (bygelyks EIO)
9. Skriuwopdrachten binne betsjuttingsfol en hawwe in realistysk publyk, doel en teksttype.
10. Learlingen krije feedback op sawol ynhâld as op taal.
Slide 23 - Diapositive
EIO 1: relevante kennis oer Europa/Fryslân en de rest fan de wrâld.
EIO 2: effektyf kommunisearje kinne yn in ynternasjonale of regionale omjouwing.
EIO 3: konstruktyf gearwurkje mei learlingen út oare lannen, doarpen/stêden.
EIO 4: ynformeel en yn bûtenskoalske ferbannen
wurkje en leare.
EIO
Europeeske en
ynternasjonale
oriëntaasje
Slide 24 - Diapositive
Foarbyld FTF út 'e praktyk
Slide 25 - Diapositive
Foarbyld FTF út 'e praktyk
Slide 26 - Diapositive
Foarbyld FTF út 'e praktyk
Slide 27 - Diapositive
úttsjekke
Wat wie foar dy it meast weardefol hjoed?
Wêr hast it meast sin om mei oan de slach te gean?