Ik kies Frysk!

Ik kies Frysk!
1 / 14
suivant
Slide 1: Diapositive
FryskMiddelbare schoolvmbo k, g, t, mavoLeerjaar 3

Cette leçon contient 14 diapositives, avec diapositives de texte et 2 vidéos.

Éléments de cette leçon

Ik kies Frysk!

Slide 1 - Diapositive

Slide 2 - Diapositive

Om't it megahandich is foar letter!
75% fan jim bliuwt yn Fryslân  wenjen en wurkjen
54% fan de bedriuwen komt faak oant hiel faak yn kontakt mei it Frysk
elkoars taal ferstean/ sprekke soarget foar in bettere relaasje en resultaten
Ut ûndersyk docht bliken: Frysk is in pree yn sektoaren as de soarch, it ûnderwiis, de winkels, buorkerij, befeiliging, plysje, technyk, ensfh. 

Slide 3 - Diapositive

Slide 4 - Vidéo

Om't it oer dysels giet
Dyn taal heart by dy. It is in part fan wa'tsto bist. Oft dat no Frysk, Nederlânsk, Arabysk of Papiamentû is. 
It fak Frysk biedt romte oan ferskillende talen fan it hert.
Taal ferbynt. Elk hat ommers in taal fan it hert. Yn watfoar taal dreamsto? Telsto? Bisto lilk? Sjongsto? Appsto? 
It Frysk heart by de Friezen. Mar wat witsto eins oer it Frysk en (de skiednis fan)Fryslân? Meitsje it dy eigen en lear mear!

Slide 5 - Diapositive

Om't it neist taal ek oer kultuer giet
En kultuer stiet foar muzyk, teater, films, ferhalen, vlogs, poëzy, útstapkes, skiednis, eveneminten, lânskip, sport en mear!
SjONG
FeRstival 
Lês No
LinKk magazine

Slide 6 - Diapositive

Slide 7 - Vidéo

Om't meartalich wêze foardielen hat
Do learst sneller mear talen
Do bist taalgefoeliger en taalbewuster
Do hast in positivere hâlding tsjinoer oare talen en kulturen
Do kinst dy gemiddeld better konsintrearje
Do kinst earder abstrakt tinke
Goeie redenen om dyn meartaligens nei in heger plan te tillen!

Slide 8 - Diapositive

Om'tst mear learst oer de wrâld
Troch mear te learen oer oare talen, learst mear oer de wrâld.
In minderheidstaal allinnich foar Fryslân? Echt net! Neist de 24 grutte talen, wurde der yn Europa 60 lytsere talen yn praat!
Troch mear oer dysels te learen, witst better wa'tst wêze wolst yn dizze wrâld. 

Slide 9 - Diapositive

Wat kinst ferwachtsje?

Slide 10 - Diapositive

  • DOCH! Projektûnderwiis. Per projekt mei in groepke wurkje oan in kreatyf einprodukt, passend by de taaldomeinen.

  • LEAR! Selsstannich en op eigen tempo en nivo Fryske taalfeardigens leare, en oefenje foar it eksamen.

  • UNDERSYKJE! Yn de boppebou dogge learlingen ûndersyk nei ferskate ûnderwerpen oer de Fryske taal, kultuer en skiednis.

Slide 11 - Diapositive

  1. Taal fan myn hert (keppeling mei dysels)

  2. Frysk yn bedriuw (keppeling mei praktyk)

  3. Magazine meitsje (keppeling mei belibbingswrâld)

  4. Praat mar Frysk (keppeling mei omjouwing)

  5. SjONG/FeRstival (keppeling mei kulturele eveneminten)

  6. It moaiste boek/Lêsklup (keppeling mei literatuer)

  7. Wikiwomen (keppeling mei kultuer/skiednis)

  8. Fryslânkunde (keppling mei sport/natuer)

Slide 12 - Diapositive

Slide 13 - Diapositive

Slide 14 - Diapositive