Skriuw mar Frysk - ferfolch - les 1 (Pippi Langkous)

Skriuw mar Frysk - ferfolch - les 1
1 / 34
suivant
Slide 1: Diapositive
FriesBeroepsopleiding

Cette leçon contient 34 diapositives, avec quiz interactifs et diapositives de texte.

time-iconLa durée de la leçon est: 120 min

Éléments de cette leçon

Skriuw mar Frysk - ferfolch - les 1

Slide 1 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Wurklist
  • Yn 'e kunde komme
  • Praktyske saken: fakânsje, kofje/tee
  • Lesboeken en koade Edufrysk
  • Folchoarder fan tiidwurden en it mulwurd
  • Stavering ú / u en -um/-em
  • Ynterferinsjes
  • Húswurk: Skriuw mar Frysk / in mail mei in klacht

koade EduFrysk

Slide 2 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Yn 'e kunde komme.
  1. Skriuw trije dingen op dy'tst graach witte wolst fan de oare kursisten.
  2. Stel dyn fragen oan dyn buorman/frou.
  3. Stel dyn buorman/frou foar oan de groep.

Slide 3 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Yn 'e kunde komme.
Elk jout antwurd op de fraach dy't op it boerd komt.

Slide 4 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

A-eksamen
Eksamen dwaan mei, mar hoecht net. B2-nivo is it taalnivo fan it A-eksamen. 

By it eksamen wurde punten takend foar it foldwaan oan de produkteasken en de struktuer, foar de stavering, grammatika en tiidwurden en foar taaleigen.

Slide 5 - Diapositive

Yn de twadde module binne de skriuwopdrachten wat langer en dreger. 

Oan de ein fan de kursus moatte de
kursisten op B2-nivo sitte en yn de lêste lessen sitte de skriuwopdrachten dan ek op dat nivo.



Buorfrou hat myn hier ...
A
knippe
B
knipje
C
knipt
D
knipd

Slide 6 - Quiz

Alle lessen begjinne mei in tal fragen út Blinder of blunder fan PraatmarFrysk.nl.

Hokker sin is goed skreaun?
A
De ponni is wol wat briek.
B
De ponny is wol wat briek.
C
De ponny is wol wat bryk.
D
De ponnie is wol wat briik.

Slide 7 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions


Wat is it Nederlânske wurd foar in 'frissel'?
A
vlecht
B
knotje
C
krul
D
staart

Slide 8 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions


Wat us de goede skriuwwize: it hier ...
A
ferfje
B
vervje
C
verfje
D
fervje

Slide 9 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Tiidwurden
1e kolom = helptiidwurden.
2e kolom = haadtiidwurden.

Haadtiidwurden jouwe de hanneling oan yn de sin. Se fertelle dus wêr’t de sin om draait.

Helptiidwurden jouwe gjin hanneling oan yn de sin, mar sizze wat oer de tiid dêr’t de sin yn stiet. Der kinne ferskillende helptiidwurden yn in sin foarkomme, mar der kin ek gjin helptiidwurd yn de sin stean.
Foarbyld:
Ik sil it boek lêze moatte.

Slide 10 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Folchoarder fan tiidwurden.
Oersjoch regels side 30-33.
Meastentiids is de folchoarder fan tiidwurden yn it Frysk krektoarsom as dy fan it Nederlânsk. Dat is lykwols net altyd it gefal.

Yn it Frysk komt yn in groep mei tiidwurden it wichtichste tiidwurd altyd as earste.
Ik weet niet of ik daar nu nog zin in zou hebben/hebben zou. Ik wit net oft ik dêr no noch nocht oan hawwe soe.
Hij denkt dat hij een slimme opmerking heeft gemaakt/gemaakt heeft.
Hy tinkt dat er in tûke opmerking makke hat.
Yn de haadsin stiet de persoansfoarm sa fier mooglik foaroan yn de sin.
Hy sil moarn de hûn útlitte moatte.

Yn de bysin stiet de persoansfoarm altyd  efteroan.
Ik sei dat ik dat wol dwaan wolle soe.

Is de persoansfoarm in foarm fan hawwe, wêze of wurde, dan stiet der ek in mulwurd yn de sin.
Ik hie it dy noch sizze wollen.
Ik wit net oft er dat al dien hat.

Slide 11 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 1 tiidwurden
Skriuw trije sinnen mei dêryn mear as ien tiidwurd. Brûk de tiidwurden fan it wurdfjild. 
1e kolom = helptiidwurden.
2e kolom = haadtiidwurden.
Foarbyld:
Ik sil it boek lêze moatte.

Slide 12 - Diapositive

MEAR FOARBYLDSINNEN
Ik hie dat graach dwaan wollen.
Wy sille in antwurd skriuwe moatte.
Ik wit net oft er it boek lêzen hat.
Do tinkst dat wy hjir ite moatte.
Opdracht 2
Meitsje de sinnen ôf mei de tiidwurden dy’t tusken heakjes steane. Set de tiidwurden yn de juste folchoarder en jou de goede tiidwurdsfoarm.

Slide 13 - Diapositive

Alle antwurden fan dy opdrachten steane yn it Antwurdboek, sadat kursisten de opdrachten sels neisjen kinne. As it op eduFrysk makke wurdt, wurdt it neisjoen troch de kompjûter. 
Opdracht 2
Neisjen.

Slide 14 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Puzel stavering ú/u en um/em
Wat witte jimme noch fan de staveringsregels?

Elk krijt in stikje fan de puzel. 
Meitsje dyn eigen puzelstikje kompleet.

Presintearje de regel fan dyn puzelstikje oan de groep.
timer
1:30

Slide 15 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Slide 16 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Slide 17 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

  Diktee
[Boek ticht & les diele út]

Slide 18 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Diktee ú/u en um/em

Slide 19 - Diapositive

Diktees binne yn it Antwurdboek útskreaun, sadat de kursisten se sels neisjen kinne. Se kinne der ek foar kieze om it diktee op eduFrysk te meitsjen, dan wurdt it neisjoen.
Skoft

Slide 20 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 3
  1. Sykje fiif tiidwurden út de tekst Tûk talmje of út it diktee (sjoch antwurdboek, side 7-8). 
  2. Meitsje mei elk tiidwurd in sin: 
  3. Skriuw twa sinnen yn de notiid.
  4. Skriuw twa sinnen yn de doetiid.
  5. Skriuw ien sin yn de folsleine tiid (mei in mulwurd).
  6. Meitsje dêr no in koart ynfolleske foar de buorman/-frou fan.
Foarbyld: Ik (stean, doetiid) hjir al lang te wachtsjen.
timer
4:44

Slide 21 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 4
Efkes tuskentroch (side 12).
Lês it ferhaaltsje en besykje de fetprinte wurden te ferfangen troch synonimen of oare omskriuwingen.

Tip: www.taalweb.frl.

Slide 22 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 5
Ferbetterje de flaters. Soms sitte der mear flaters yn in sin.

List mei ynterferinsjes:
oersjoch regels side 67-68
Liif en sûnens 2
Oer sifers en tiden

Slide 23 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 5
Antwurdboek side 8.

Wurkje yn groepkes fan 2-3.
Lês om bar in goede sin foar.

Slide 24 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Ynstruksje foar it oersetten.

Slide 25 - Diapositive

Yn it Antwurdboek stiet in foarbyldoersetting. Dat wol net sizze dat oare oersettingen altyd ferkeard binne.

Ofwikende oersettingen fan kursisten kinne mei-inoar bepraat wurde. Tink dêrby goed om ynterferinsjes!
Opdracht 6
Wurkje yn twatallen.
Elk twatal set ien of mear sinnen oer nei it Frysk.

  1. Ik heb de scharen laten slijpen. Dus die zouden nu wel moeten willen knippen.
  2. Als jullie dat straks even zouden willen proberen, lieve collega’s? 
  3. Dan weten wij hoe de vlag erbij zal hangen, als morgen de klas weer vol zal stromen met vijftien lieve kleutertjes die graag weer willen knippen.
  4. Ik denk dat ze snel zullen merken dat de scharen niet meer stomp zijn.
timer
3:00

Slide 26 - Diapositive

Yn it Antwurdboek stiet in foarbyldoersetting. Dat wol net sizze dat oare oersettingen altyd ferkeard binne.

Ofwikende oersettingen fan kursisten kinne mei-inoar bepraat wurde. Tink dêrby goed om ynterferinsjes!
Opdracht 6 foarbyld antwurden

Slide 27 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Tuskenspul

Slide 28 - Diapositive

Yn it tuskenspul, dat wol sizze alle slaggen nei it jildich weromslaan troch in perkspiler fan in opsleine bal, is it wol tastien mei twa hannen te kearen, of te slaan.
Wurdketting
Wurkje yn groepkes fan 2-3.
Elk groepke kriget in begjinletter. Betink in wurd mei dy letter. De lêste letter fan dat wurd is de earste letter fan in nij wurd. Ensfh. 
Kloppet de stavering? Hokker team hat in wurdketting makke mei de measte goede wurden?
timer
3:00
bank - klasse - ensafuorthinne

Slide 29 - Diapositive

Begjinletters:
B foar team 1
R foar team 2
S foar team 3
F foar team 4
T foar team 5
Skriuwopdracht eksamenkandidaten
Produkteasken: lesboek side 12. Oersjoch regels side 76.

Do hast in ferbouwing oan it hûs dwaan litten troch de pleatslike oannimmer. Op de rekken dy’tst dêrnei krigest, is mear yn rekken brocht as ôfpraat wie. Skriuw in mail datst it der net mei iens bist.

Slide 30 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Skriuw in pear sinnen by ien fan de plaatsjes.
Brûk yn elts gefal ien wurd út de ynterferinsjes fan dizze les.

Slide 31 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Lês mar Frysk
Foar it ferstevigjen fan it wurdbyld is it wichtich om in soad te lêzen. 

Lêstekst yn it antwurdeboek.
Nijsgjirrich om te witten.
Boeketip.

Slide 32 - Diapositive

Foar it ferstevigjen fan it wurdbyld is it wichtich om in soad te lêzen. As lêste stiet der dan noch in Boeketip om it lêzen te stimulearjen.
Húswurk
Opdrachten dy't we yn de les net dien hawwe + 7,  8 en 9: en fertel ús oer in nijsgjirrich wurd / moaie sin dy'tst tsjinkaamst.

Skriuw mar Frysk 2.1.
... jout ús nije wike in boeketip.

Slide 33 - Diapositive

Alle opdrachten dy’t neisjoen wurde kinne, steane ek op kursus.edufrysk.nl. It húswurk kin sawol dêr as yn it kursusboek makke wurde. 

De lêsteksten binne ek te finen op eduFrysk en kinne dêr foarlêzen wurde.


Slide 34 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions