Skriuw mar Frysk - basis - les 7 (papier en stiften)

Skriuw mar Frysk
basis - les 7
1 / 36
suivant
Slide 1: Diapositive
FriesBeroepsopleiding

Cette leçon contient 36 diapositives, avec quiz interactifs et diapositives de texte.

time-iconLa durée de la leçon est: 120 min

Éléments de cette leçon

Skriuw mar Frysk
basis - les 7

Slide 1 - Diapositive

Foar it skriuwen fan teksten moatst net allinne goed staverje kinne, mar hast ek
kennis nedich fan tiidwurden, grammatika en taaleigen.
Wurklist
  • Weromsjen op ôfrûne wike. Ferwurkingsopdracht húswurk.
  • Stavering ei/ij (Frysk en Wâldfrysk) en twa- en trijelûden.
  • Unregelmjittige tiidwurden.
  • Taaleigen: wurdskat & ynterferinsjes.
  • Skriuwe: diktee, in ferslachje by in foto, Skriuw mar Frysk 1.7.
  • Húswurk (kursus.edufrysk.nl)
  • Neigesetsje.

Slide 2 - Diapositive

Weromkomme op it húswurk:
- stavering y-lûden
- ûnregelmjittige tiidwurden

Noch swirrichheden by it skriuwen sjoen?

Skiednis fan it skreaune Frysk. Wa hat in Aldfryske tekst lêzen of beharke?

Skriuw mar Frysk opdracht
Wurkje yn groepkes fan 2-3.
Brûk de troch jim (oant no ta) skreaune ferhaaltsjes.
  1. Lês it ferhaaltsje datst krigen hast fan dyn buorman/-frou.
  2. skriuw 1 wurd op datsto moai fynst.
  3. skriuw 2 tiidwurden op: wannear brûkst de -n oan it ein?
  4. skriuw 3 wurden op mei y / ii / i / ie dy't goed stavere binne.
Tiid oer: lês jim ferhalen oan inoar foar.

Slide 3 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Diktee
Ik lês it diktee foar.

De dikteesin wurdt net yn de les neisjoen.

Neisjen is ûnderdiel fan it húswurk, de flaters kinne der dan maklik úthelle wurde.

Slide 4 - Diapositive

Dikteesin les 7:
De Amerikaan die in moaie keunst mei in fear foar syn freon, in hoeder en oare belangstellenden. Ik koe gelokkich frij krije yn it heechseizoen, dus heit en ik geane mei de trein op fakânsje.
Twa- en trijelûden
It Nederlânsk hat allinnich twalûden foar de -r (boer). 
It Frysk hat gâns faker in twalûd en ek trijelûden.



Lês de wurden 
fan it wurdfjild troch.
timer
2:00

Slide 5 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 1 Bingo
Elk krijt in bingokaart.

Ik lês sinnen foar. 
Ast in sin hearst dy't op dyn bingokaart stiet, dan follest dêr it juste wurd yn. Ast alle sinnen kompleet hast, hast bingo.

[boeken ticht, les diele út]

Slide 6 - Diapositive

Hantlieding lesjouwer side 96-101.
Kontrôle fan de wurden kin oan de hân fan it wurdfjild dien wurde.

De sinnen:
Dizze man komt út Amearika.
It skieppeflues wie hearlik waarm.
Ik hâld net fan soere augurken.
Wy ite jûn blomkoal.
Wa hat hjir de lieding?
Ik wol hjir net langer bliuwe.
Weagje it net om my te bedonderjen!
Is dat in Ingelskman of in Amerikaan?
47
Do moatst leare te strukturearjen.
Ik bin gleonhjit.
Do silst it net leauwe.
Do pleagest my mar wat.
Hy bleau in skoft by my sitten.
Do hast in pûkel op ’e noas.
Moatst net mei fjoer boartsje.
Dat is net sa moai!
Fuoi, dat is net sa netsjes fan dy.
De hoeder hat syn skiep ophelle.
Bern hawwe ferlet fan struktuer.
Moatst riede wat ik hjir haw.
Sinnen foar de bingo.

Slide 7 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Twalûden
(oersjoch regels side 16-17)
-r
altyd in twalûd foar in -r
oere, boer (NED twalûd: foar -r)
oe
útspraak al as net in twalûd
AL: hjoed, goed NET: hoeke, boek
ea, oa, ue, ie, eo
stavering jout oan dat it in twalûd is
keatse, roas, flues, natuer, giel, freon, gleon
ea/e, oa/o, ue/u
as de klam ferdwynt, kin ek it twalûd ferdwine
Amearika / Amerikaan, kategoarysk/kategory, struktuer/struktureel
iuw (altyd mei w)
útspraak iuw fan liuw + fan eau
iuw, de liuw, triuwe, bliuwe, bedriuw
eau
útspraak net mei de iuw fan liuw
leauwe, ik leau, wat sleau
eau
doetiid en mulwurd (útspraak ö.ǝ)
preau, preaun, bleau, bleaun
eo
foar de -n (útspraak ö.ǝ)
sneon, freon, gleon
eu
foar de -r (útspraak lykas NED ö:)
sjauffeur, kleur, fleur, dreun
ui
útspraak lykas NED
trui, fruit

Slide 8 - Diapositive

In twalûd is in fêste kombinaasje fan twa lûden yn ien wurdlid dy't soepel yn elkoar oergeane.

Tink om it ferskil tusken it lange ii-lûd en it twalûd ie

Frysk hat gjin dûbele uu, wol it twalûd ue
Trijelûden





Brekking wurdt yn les 8 behannele.
(oersjoch regels side 18)
oai 
twalûd (útspraak ooi) 
moai, oktroai
oai
trijelûd by brekking
moaier, koaike (keunstaai yn it nêst fan in ljip)
uoi
trijelûd
muoike (tante), muoilik (oandien), ruoikje (súntsjes roeie), fuoi (ôfkarrend)

Slide 9 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 2

Set de wurden tusken heakjes oer yn it Frysk.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
4:00

Slide 10 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Stavering ei/ij
Wâldfriezen sizze de ei/ij oars.

Lês de wurden 
fan it wurdfjild troch.
timer
2:00

Slide 11 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Stavering ei/ij
Ferskil Klaaifrysk en Wâldfrysk:
Heit sei: it reinde juster yn De Pein.

As je de stavering fan de ei/ij leare moatte, 
is it handicht om de wurden as in Klaaifries út te sprekken.






(oersjoch regels side 21)
ij
útspraak Klaaifrsyk en yn 'e Wâlden gelyk
nij, trije, frije, benijd, krije, swije
ei
útspraak Klaaifrysk ai/oi en yn 'e Wâlden ij
wein, slein, beide, snein, rein
dweil
y
útspraak Klaaifrysk ij en yn 'e Wâlden y
hy, sy, wy, my, dy, by

Slide 12 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 3 Meitsje in staveringsdroedel.

Do krijst in leech fel papier en stiften yn ferskillende kleuren. 
Tekenje earst mei in potlead of in swarte stift in droedel op it papier. It komt net hiel krekt, moar soargje yn elk gefal foar in pear grutte flakken. Elk flak wurdt no folskreaun mei in wurd mei in ei of in ij. Elk flak krijt in oar wurd en in oare kleur.

Slide 13 - Diapositive

Boarne: www.lessenvanlisa.nl

Foto: Elsa Verseput.

Opdracht 4

Folje yn: ei of ij.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
4:00

Slide 14 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Diktee

Ik lês it diktee foar.

[boek ticht + les diele út]




It diktee wurdt yn de les neisjoen.

Jou dyn wurk oan dyn buorman/buorfrou. Dy sjocht te tekst nei. It giet fansels benammen om de:
ei/ij.

Slide 15 - Diapositive

It diktee fan it kursusboek kin yn Edufrysk makke wurde.

As it te lang is: de helte foarlêze.
Diktee neisjen: ei/ij.
www.ferstival.frl/snein

Slide 16 - Diapositive

Boarne: Ferstival Topppers.
Diktee

Ik lês it diktee foar.

[boek ticht + les diele út]




It diktee wurdt yn de les neisjoen.

Jou dyn wurk oan dyn buorman/buorfrou. Dy sjocht dyn tekst nei. It giet fansels benammen om de:
twa- en trijelûden.

Slide 17 - Diapositive

It diktee fan it kursusboek kin yn Edufrysk makke wurde.

As it te lang is: de helte foarlêze.
Diktee neisjen: twa- en trijelûden.

Slide 18 - Diapositive

Boarne: 
Hylke Speerstra : It wrede paradys - It ferfolch.
Skoft

Slide 19 - Diapositive

Schrijfplankje van Tolsum
In het jaar 1914 werd een Romeins schrijfplankje gevonden met daarop een Latijnse tekst. De handgeschreven letters waren moeilijk leesbaar, maar toch kon een tekst worden ontcijferd. De tekst bleek een Romeins koopcontract te zijn over de verkoop van een koe voor een bedrag van 115 muntstukken, in hoogstwaarschijnlijk de eerste eeuw na Chr.
Unregelmjittige tiidwurden

Sjoch yn it boekje Tiidwurden hoe’t de tiidwurden bite, doare, ferdwine, hjitte, ite, kenne, kieze, lêze, litte, ride, sitte, sliepe, smite, stelle en stride bûgd wurde.

Slide 20 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 5 = húswurk
Folje de goede tiidwurdsfoarm yn.

Antwurdboek side 43.

Slide 21 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Taaleigen: fariaasje yn wurdskat. 
Oersjoch regels side 59.
Sinnigje o/m werom.

Slide 22 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Ynterferinsje
NED ynstee fan geef Frysk.

Yn sprektaal wurdt mear akseptearre as yn skriuwtaal. 
Hâld rekken mei de doelgroep.


Oersjoch regels side 65.

Slide 23 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 6
Ferbetterje de flaters yn de sinnen.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
8:00

Slide 24 - Diapositive

Helte fan de groep begjint by 1.
Oare helte begjint by 15.
Skriuwopdracht
Do hast in foto op Facebook set fan it jierdeifeest fan dyn soan. Skriuw der in koart ferslachje by.
 
Skriuw dúdlik om watfoar feest oft it giet en skriuw oer wat der op de foto stiet. Skriuw op syn minst 15 sinnen en it ferslachje is kwa stavering en grammatika korrekt.

Slide 25 - Diapositive

Ta beslút stiet der yn elke les in skriuwopdracht. Dy skriuwopdrachten wurde opboud fan A1 nei B2. It doel is om
oan de ein fan module 2 nivo B2 te heljen.

By de skriuwopdracht mei it
wurdboek brûkt wurde. Nei de opdracht sjogge de kursisten elkoars stikje nei. Lit
se eventuele flaters mei-inoar beprate. Bepraat dêrnei noch even koart eventuele
swierrichheden.
Húswurk
EduFrysk en/of Antwurdboek:
  • Opdracht 7: Sjoch de dikteesin nei.
        Ferbetterje flaters. Earst sels neitinke!
  • Lêsteksten: wurdskat en tiidwurden.
  • Diktee en skriuwopdracht yn EduFrysk.
  • Opdracht 8: tiidwurden.
  • Opdracht 9 en 10: sinnen oersette.
  • Opdracht 11: lienwurden.
Lêze: 
- Nijsgjirrich om te witten.
- Boeketip

Slide 26 - Diapositive

De lêsteksten kinne yn EduFrysk foarlêzen wurde.
Skriuw in pear sinnen by ien fan de plaatsjes.
Brûk yn elts gefal 3 wurden mei in twalûd / trijelûd.

Slide 27 - Diapositive

Amearika, Amerikaan, noas, oere, goed, hiel, giel, freon, gleon, struktuer, struktureel, preau, preaun, bleau, bleaun, sneon, freon, gleon, sjauffeur, kleur, fleur, trui, fruit, leau, sleau, bliuwe, bedriuw, moai, moaier, muoike, fuoi.
Neigesetsje

Slide 28 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Wat is de goede skriuwwize?
1
A
Amerikaen
B
Amearikaan
C
Amerikaan

Slide 29 - Quiz

Amerikaan = klam.
Wat is de goede skriuwwize?
2
A
struktuerearje
B
strukturearje
C
struktureerje

Slide 30 - Quiz

strukturearje = klam en twalûd foar in -r
Wat is de goede skriuwwize?
3
A
hait
B
heit
C
hijt

Slide 31 - Quiz

heit = Klaaifrysk / Wâldfrysk
Ik ... it boek yn twa oeren út.
4
A
lêsde
B
lies

Slide 32 - Quiz

lies = ûnregelmjittich tiidwurd.
Juster hat ús heit te hurd ...
5
A
riden
B
rieden
C
ride

Slide 33 - Quiz

riden = iepen wurdlid
Jou ús hjoed ús dagelijks brea.
6
A
Is goed skreaun.
B
Is net goed skreaun.

Slide 34 - Quiz

deistich
Wa wennet der op dy pleats?
7
A
Is goed skreaun.
B
Is net goed skreaun.

Slide 35 - Quiz

dêr

NED 'er' yn it Frysk fuortlitte.
NED Ik heb er vijf. FRYSK Ik haw fiif.
NED Eet jij drie boterhammen? Ik eet er twee. FRYSK Ytsto trije brochjes? Ik yt twa.

Slide 36 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions