Tariedende les - skiednis

Eise Eisinga en de Ferljochting
1 / 33
suivant
Slide 1: Diapositive
GeschiedenisBasisschoolGroep 5-8

Cette leçon contient 33 diapositives, avec quiz interactifs et diapositives de texte.

time-iconLa durée de la leçon est: 30 min

Éléments de cette leçon

Eise Eisinga en de Ferljochting

Slide 1 - Diapositive

de Ferljochting 
Verlichting

Slide 2 - Carte mentale

Oan ’e ein fan ’e les:
  • witst wat de Ferljochting is.
  • witst wa’t Eise Eisinga wie en wêrom’t hy in ferljochte tinker is.
  • witst wat patriotten binne.
  • bist goed taret op dyn besite oan it Planetarium.
Lesdoelen

Slide 3 - Diapositive

de Ferljochting 
De Ferljochting is in perioade yn de skiednis (1685-1815).
Yn dizze perioade binne der hieltyd mear ferljochte tinkers.

Slide 4 - Diapositive

de Ferljochting 
Se fine dat elkenien sels neitinke mei en net samar leauwe moat wat de kening en de tsjerke fertelle (lykas oant dan ta eins altyd dien waard).
Elkenien hat rjocht op in eigen miening.
Ferljochte tinkers leauwe datst de wrâld begripe kinst troch dyn ferstân te brûken.

Slide 5 - Diapositive

de Ferljochting 
Om dy earne in eigen miening oer te foarmjen, moatst der fansels wol wat fan witte. Dêrom fine Ferljochtingstinkers it hiel belangryk dat elkenien tagong hat ta kennis.
Ta beslút fine Ferljochtingstinkers dat de kening en de steedhâlders tefolle macht hawwe. Boargers moatte mear te sizzen hawwe.
Eartiids koene allinnich bern fan rike minsken nei skoalle. Ferljochte tinkers fine dat elkenien rjocht hat op kennis en dat elkenien dus ek nei skoalle kinne moat. Ek bern fan earme minsken.

Slide 6 - Diapositive


Yn hokker tiid boude Eise syn Planetarium?
A
(1500-1600) tiid fan ûntdekkers en herfoarmers
B
(1600-1700) tiid fan reginten en foarsten
C
(1700-1800) tiid fan prûken en revolúsjes
D
(1800-1900) tiid fan boargers en stoommasines

Slide 7 - Quiz

Eise Eisinga
Eise Eisinga is in echte Ferljochtingstinker. Hy wurdt yn 1744 berne yn Dronryp.

Slide 8 - Diapositive

Slide 9 - Carte

Wa wie Eise Eisinga?
De heit fan Eise hie in berop dat no net mear bestiet. Sjochst it hjirneist. Wat tinkst dat hy die?
Tip

Slide 10 - Diapositive

Wa wie Eise Eisinga?
De heit fan Eise wie wolkjimmer. As dyn heit wolkjimmer wie, koest oant dyn 12e nei skoalle. Dêrnei moast it fak fan dyn heit leare. Sa gie it ek by Eise.
In wolkjimmer krige wol fan de skiep binnen en wosk, kjimde en ferve de wol. Dêrnei koene minsken it spinne en de triedden brûke om der klean fan te meitsjen.

Slide 11 - Diapositive

Wa wie Eise Eisinga?
Mar Eise wie hiel tûk en syn âlden wisten dat. Dus mocht er ien kear yn ’e wike nei Frjentsjer rinne om dêr les te krijen yn wiskunde en stjerrekunde.
Fraach
Hoe lang soe it ûngefear duorje om fan Dronryp nei Frjentsjer te rinnen?

Antwurd
Hast oardel oere!

Slide 12 - Diapositive

Wa wie Eise Eisinga?
Eise makke in hiel soad oantekeningen ûnder syn lessen.
Hjir sjochst wiskunde-oantekeningen. Eise moast in hiel soad somkes meitsje.
Tekenesto wol ris in laitsjend gesichtsje yn de sinne? Dat die Eise ek! Sjoch mar nei de oantekeningen fan syn lessen stjerrekunde.

Slide 13 - Diapositive

Wa wie Eise Eisinga?
Om’t de heit fan Eise ‘mar’ wolkjimmer wie, koe Eise net studearje oan de universiteit.
Wolkjimmers kjimmen net allinne wol, mar ferven dit ek. Hjir sjochst in brief fan Eise wêryn’t er wol yn ferskate kleuren meistjoert foar in wedstriid.

Yn 1786 troude Eise en tegearre mei syn frou Pietsje ferhuze hy nei Frjentsjer, dêr’t er syn eigen wolkjimmerij begûn.

Slide 14 - Diapositive


Ferljochte tinkers fine it prima dat Eise net nei de universiteit kin.
A
WIER
B
NET WIER

Slide 15 - Quiz

It Planetarium
Eise kin dan wol gjin stjerrekunde studearje, dochs is hy der yn syn frije tiid in soad mei dwaande. Hy docht superyngewikkelde berekkeningen. Sa kin hy presys foarsizze wannear’t de planeten op hokker plak oan de himel stean.

Slide 16 - Diapositive

It Planetarium
Mar alle kearen dy berekkeningen meitsje is in hiel soad wurk. Kin dat net makliker...?
Yn 1774 betinkt Eise dat hy in planetarium bouwe sil. Gewoan yn syn eigen wenkeamer.

Slide 17 - Diapositive


Wat is in planetarium?
A
In neiboud model fan de ierde.
B
In neiboud model fan de sinne en de planeten.
C
In soart klok dêr’tst de stân fan de moanne op sjen kinst.
D
In soart kalinder dêr’tst op sjen kinst watfoar dei oft it is.

Slide 18 - Quiz

It Planetarium
In planetarium is in neiboud model fan de sinne en de planeten en wurdt brûkt om út te lizzen hoe’t dy neffens elkoar bewege.
In planetarium seach der eartiids faak sa út. Yn ’e midden sjochst de sinne, mei op ferskillende ôfstannen de planeten deromhinne. Eise makke neist it planetarium op dizze foto noch in planetarium, mar dan ien yn syn plafond!

Slide 19 - Diapositive

It Planetarium
De planeten yn it Planetarium draaie krekt sa fluch (of stadich) om de sinne as yn it echt. Ien lytse klok soarget der mei acht gewichten foar dat alles bewege kin.

Slide 20 - Diapositive

It Planetarium
Dat sjocht der
ûngefear sa út:

Slide 21 - Diapositive

de Ferljochting
Dat Eise in planetarium bout, komt goed út, want net elkenien begrypt de bewegingen fan planeten sa goed as hy. Dat blykt wol as yn 1774 wat bysûnders foarsein wurdt: fjouwer planeten komme mei de moanne op ien rige oan de himel te stean.
Hier zie je de voorspelde samenstand. Klik op de afbeelding om hem groter te maken.

Slide 22 - Diapositive

de Ferljochting
In dûmny yn Fryslân tinkt dat dy gearstân fan planeten de ein fan ’e wrâld betsjut. Hy foarseit in botsing fan planeten wêrby’t de ierde út syn baan slingere wurdt en ferbrânt yn ’e sinne...

Slide 23 - Diapositive

de Ferljochting
Eise wit better. Fan de ierde ôf liket it miskien oft de planeten ticht byinoar stean, mar in botsing soe dus echt net barre. Yn syn Planetarium kin elkenien dat fuortdaliks sjen.

Slide 24 - Diapositive

It Planetarium
It planetarium fan Eise is sa bysûnder dat it fuortdaliks ferneamd wurdt sa gau’t it ôf is. Der komme allegear minsken te sjen. Troch nei it plafond fan de wenkeamer fan Eise te sjen leare se hoe’t it sinnestelsel wurket.
Je ziet hier het leitje (een soort ouderwets wisbordje) waar Eise al zijn ingewikkelde berekeningen op maakte. Je kunt deze bekijken in het Planetarium!

Slide 25 - Diapositive

Patriotten
Eise hold him net allinnich dwaande mei de wolkjimmerij en it Planetarium, mar ek mei polityk. Eise is in patriot.
Patriotten fûnen dat de steedhâlder Willem V tefolle macht hie. Hij besleat oer fan alles yn de Republyk. Neffens patriotten moasten de boargers hjir ek wat oer sizze kinne.

Slide 26 - Diapositive

Patriotten
Spitigernôch rint it net goed ôf foar de patriotten. Yn 1787 lit de steedhâlder alle patriotten oppakke. Eise flechtet dêrom nei Dútslân. Uteinlik komt hy in pear jier letter likegoed noch yn de finzenis telâne en mei dêrnei as straf in hiel skoft Fryslân net yn.
Patriotten flechtsje (soms mei harren hiele húshâlding) de stêd Frjentsjer út.

Slide 27 - Diapositive

Patriotten
Eise kin dus ek net nei it Planetarium. Gelokkich past syn famylje der goed op. Wannear't Eise wer yn Fryslân komt, wurket it Planetarium noch hieltyd.

Slide 28 - Diapositive

Eise Eisinga
As Eise wer werom is yn syn Planetarium krijt er sels in hiel bysûndere besiker: Kening Willem I komt lâns!
Eise hat fan it begjin fan syn Planetarium ôf in gasteboek byholden, dêr’t minsken harren namme yn sette koene as se lâns west hiene. Ek Kening Willem I hat it gasteboek tekene. Spitigernôch is syn hantekening út it gasteboek stellen.

Slide 29 - Diapositive

Eise Eisinga
Yn 1828 stjert Eise yn ’e âldens fan 84 jier.

Slide 30 - Diapositive

.
Wêrom is Eise in echte Ferljochtingstinker?
Hint
Verlichtingsdenkers:
- vinden kennis voor iedereen heel belangrijk.
- vinden dat iedereen recht heeft op een eigen mening.
- vinden het belangrijk dat iedereen zelf nadenkt.
- vinden dat de koning teveel macht heeft en willen dat burgers meer inspraak krijgen.

Slide 31 - Question ouverte

.
Wat soesto noch oer Eise Eisinga of it Planetarium witte wolle?

Slide 32 - Question ouverte

Oant gau!

Slide 33 - Diapositive