Dêrom Frysk Eksamen Frysk

1 / 18
suivant
Slide 1: Diapositive
FryskMiddelbare schoolvmbo, mavo, havo, vwoLeerjaar 4-6

Cette leçon contient 18 diapositives, avec diapositives de texte.

Éléments de cette leçon

Slide 1 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Wolkom

Slide 2 - Diapositive

Wolkom allegear, wat geweldich moai dat jim hjir binne. Wy kinne eins wol stelle dat dit in histoarysk momint is. Noch noait earder wie der safolle ynteresse fanút ferskillende fuortset ûnderwiis skoallen om it eksamenfak Frysk op harren skoalle oan te bieden.
Yn 1974 waard Frysk foar it earst oanbean as eksamenfak op it Nassau College op it Fean en Bogerman Snits (Burgum doe of wat letter ek, freegje ik noch nei)
Tsjintwurdich biedt csg Bogerman it op alle lokaasjes oan: neist Snits ek Koudum, (Wommels) en Balk. It Drachtster Lyceum, it Ljouwerter Lyceum, Liudger Burgum en OSG Singelland. It Dockinga College en it Marne hearden dêr ek by, mar op it stuit biede sy it net oan. Hiel lang bleau dat sa, sa'n 8 fuortset ûnderwiis skoallen yn hiel Fryslân. Doe kaam in pear jier lyn AMS Frjentsjer derby en sûnt dit skoaljier ek Aeres It Fean en aanst Aeres Ljouwert.
Geweldich! In boppeslach! Mar tagelyk ek in reality check: fijn dat we no op 10 skoallen sitte, mar fan de pak 'm beet 60 lokaasjes yn Fryslân is dat fansels mar in hiel lyts bytsje...
En we sjogge dat it fak op guon skoallen ek hiel fragyl blykt te wêzen, in nije direkteur dy't in oare wyn waait en fuort binne alle jierrenlange ynspanningen en suksessen.
De krantekoppen fan de ôfrûne jierren soargen foar noch in reality check, en ek foar argewaasje....
Mar 0,0 noch wat prosint fan de learlingen kieze Frysk as eksamenfak. Wat wie dit foar berekkening? De sifers waarden ferdraaid. Want fan al dy eksamenlearlingen fan dy 60 skoallen, koenen je it überhaupt mar op wat mear as in hantsje fol skoallen kieze! Dat lei ‘m net oan ynteresse, mar oan oanbod.
At wy no sjogge nei hoe grut de eksamenklassen wurde kinne (Tjeerd?) en we dat berekkenje soenen op it totaal oantal eksamenlearlingen fan dy skoallen, dan krije we fansels in hiele oare útkomst.
Hawar...

Slide 3 - Diapositive

Wy sjogge foaral prachtige dingen barren op de skoallen dy't it eksamenfak Frysk oanbiede. Entûsjaste bern, dy't we jierren letter gauris oantreffe yn it Fryske fjild (Joyce Folkertsma, Antsje Greidanus, Gretha -Geart Tiggelaar, Douwkje, Arnold Hiemstra), geweldige dosinten mei in passy foar it Frysk, bysûndere gearwurkingen, útwikselingen nei it bûtenlân (WikiWomen), in (hiel) soad oandacht fanút de media, sels fanút it bûtenlân (BBC) en sa kinne we noch wol efkes trochgean.
Alles foar it Frysk liket wol yn de lift te sitten, de digitale metoade Searje 36 mei hast 6000 brûkers, LêsNo mei 5,500 earste klassers, Tydskrift LinKk mei 3700 abonnees, eveneminten as FeRstival, SjONG, nije entûsjaste dosinten!
Allegear fjoer! Positiviteit! Taalplan Frysk 2030 hat hjiryn in soad nije kânsen bean en dat wat al stie, fersterke. En... as skoalstipers binne we op alle fû skoallen yn Fryslân binnen. Guon moatte miskien noch fan fier komme, mar we sjogge oan bygelyks PJ Ynsicht dat it ek hiel hurd gean kin (Debbie).
En hjoed, hjir yn it Reade Hynder yn Wommels, binne der ek nije skoallen dy’t harren oriëntearje om aanst ek eksamen Frysk oan te bieden. Yes!
- Tjalling Koopmans
- PJ Ynsicht
- Bornego
- RSG Snits
- Comenius Zamenhof
- Ulbe van Houten
- Dalton Dokkum/PJ De Dyk
- OSG Sevenwolden, lokaasje Buitenbaan (Is Menno der?)
Machtich moai! Geweldich dat jim der binne! Wy hoopje jim hjoed te ynspirearjen, te ynformearjen en te entûsjasmearjen. Sadat bern yn hiel Fryslân fan 2030 ôf (of earder fansels) de kâns krije kinne om aanst Frysk kieze te kinnen!
It programma fan hjoed:

PROGRAMMA
15.00-15.15 Ynrin, kofje en gebak
15.15-15.35 Wolkom en yntroduksje troch team fû
15.35-15.45 Fakfernijingskommisje Frysk
15.45-16.05 Good practices
16.05-16.15 Fernijd promoasjemateriaal
16.15-16.45 Lesmateriaal & belied
16.45-17.00 Romte foar fragen en ôfsluting

Slide 4 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

YNTRODUKSJE DOKUMINT 
'Examenvak Friese taal en cultuur'
Skoalstiper/ûnderwiisbegelieder Marrit de Schiffart, Cedin

Slide 5 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

ENKÊTE
Skoalstiper/ûnderwiisbegelieder Jaap Cuperus, Cedin

Slide 6 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Slide 7 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

FAKFERNIJINGSKOMMISJE
Gerrit Hoekstra, fak-ekspêr en regyfierder

Slide 8 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

GOOD PRACTICE
Tjeerd Kooistra, dosint Frysk CSG Liudger Burgum
timer
10:00

Slide 9 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

GOOD PRACTICE
Idske Bangma, dosint Frysk AMS Frjentsjer
timer
10:00

Slide 10 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

FERNIJD PROMOASJEMATERIAAL
Lisa Boersma, projektkoördinator FÛ, Afûk

Slide 11 - Diapositive

1. Posters/flyers
2. LessenUp - Kies mar Frysk!
3. Enkête OfficeForms
4. Klassem!nt + lesbrieven/fotomapkes

Slide 12 - Diapositive

Posters - Meitsje mei dizze poster de fiif redenen sichtber yn dyn lokaal, op ‘e gong of yn ‘e dosintekeamer.
Flyer - Om út de dielen by iependagen, by werving fan learlingen om Frysk te kiezen, om mei dyn dekaan te bepraten, foar learlingen om it der thús mei harren heit en mem oer te hawwen ensafh.

Fergees mei te nimmen aanst!
2 posters per skoalle en pak safolle klassesets ast nedich hast (by werving)

Slide 13 - Diapositive

In oansprekkende presintaasje dy’tsto as dosint brûke kinst ast de klassen bydel giest om learlingen entûsjast te meitsjen om foar Frysk as eksamenfak te kiezen. Fansels kinst hjirby dan ek de flyer útdiele. De presintaasje kin ek brûkt wurde as ûnderbouwing om it Frysk op skoalle as trochgeande line oan te bieden.
Yn de LessenUp wurdt djipper yngien op de redenen om Frysk te kiezen, mei praktyske foarbylden en stipe fan filmkes. Ek wurdt koart ferteld wat learlingen ferwachtsje kinne fan it oanbod. Watfoar projekten sille se oan wurkje?

Dizze presintaasje stiet yn LessenUp. It is in basis. Kinst de les ek kopiearje en der dyn eigen draai oan jaan, troch bygelyks foarbylden ta te heakjen dy’t passe by dyn learlingen. De link nei LessenUp stiet ûnder oare learmiddelen, yn de map Dêrom Frysk, by promoasje

Slide 14 - Diapositive

Fragelist dy’t brûkt wurde kin om te ynvintarisearjen watfoar learlingen foar it Frysk kieze wolle soene. Foaral om ynsichtlik te krijen wat harren redenen hjirfoar binne.
Ek soe dizze fragelist hiel goed brûkt wurde kinne op skoallen dêr’t it Frysk noch net oanbean wurdt. Oan de hân fan dizze fragelist kin yn kaart brocht wurde wat it animo wêze soe. Moaie ynformaasje foar dekanen en bestjoeren.
Learlingen jouwe antwurd op fragen oer de thústaalsituaasje, harren Fryske taalfeardigens en tinke nei oer redenen om better Frysk leare te wollen.

Dizze fragelist stiet yn OfficeForms. It is in basis. Do moatst de fragelist duplisearje sadatsto de antwurden ek binnenkrijst (en net wy). By dat duplisearjen soest evt ek noch fragen oanpasse/tafoegje of fuortlitte kinne. Dêrnei dielst it mei dyn learlingen. De link nei de Fragelist stiet ûnder oare learmiddelen, yn de map Dêrom Frysk, by promoasje

Slide 15 - Diapositive

Klassem!nt is in taalsosjologysk Doch! projekt yn Searje 36. Klassem!nt is fan‎út Dêrom Frysk ûntwikkele en no bliuwend beskikber foar alle skoallen.
It projekt makket learlingen bewust fan de wearde fan taal. Want wêrom is in taal belangryk foar dy of foar in oar? En wannear brûkst hokker taal? Wat docht taal mei dy? Yn in 6tal fideoportretten, fertelle Friezen wat sy mei de taal hawwe. Fynsto oansluting by de Friezen? Of tinksto hiel oars oer it Frysk? Klassem!nt is in bewustwurdingsprojekt dat learlingen de mearwearde fan it Frysk sjenlit en neitinke lit oer wat it Frysk foar harren betsjut. Om harren sa te entûsjasmearjen om mear mei it Frysk te dwaan. Yn te setten oan it begjin fan it skoaljier (taalsosjology foar taallearen) of foar de perioade fan werving. De fragelist/powerpoint/flyers soene hjir in moai ferfolch op wêze kinne.

It projekt stiet klear foar Klasse 1 en 2. De fragen by de fideoportretten binne ek op papier te meitsjen mei de lesbrief. Dizze kinne jim aanst fergees meinimme! Lykas de fotomapkes, wêrmei’t de learlingen harren eigen taalportret meitsje.

LESMATERIAAL         &           BELIED
Stephan Berger, Afûk                                                Provinsje, Cedin
timer
30:00

Slide 16 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

FRAGEN & FERLET
En dêrnei, WOL THÚS!

Slide 17 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Slide 18 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions