'Skriuw mar Frysk - basis - les 8 (flipover)

Foarbyld staveringsdroedel
Tige tank Elsa !!!

Do krijst in leech fel papier en stiften yn ferskillende kleuren. 
Tekenje earst mei in potlead of in swarte stift in droedel op it papier. It komt net hiel krekt, moar soargje yn elk gefal foar in pear grutte flakken. Elk flak wurdt no folskreaun mei in wurd mei in ei of in ij. Elk flak krijt in oar wurd en in oare kleur.
1 / 37
volgende
Slide 1: Tekstslide
FriesBeroepsopleiding

In deze les zitten 37 slides, met tekstslides en 3 videos.

time-iconLesduur is: 120 min

Onderdelen in deze les

Foarbyld staveringsdroedel
Tige tank Elsa !!!

Do krijst in leech fel papier en stiften yn ferskillende kleuren. 
Tekenje earst mei in potlead of in swarte stift in droedel op it papier. It komt net hiel krekt, moar soargje yn elk gefal foar in pear grutte flakken. Elk flak wurdt no folskreaun mei in wurd mei in ei of in ij. Elk flak krijt in oar wurd en in oare kleur.

Slide 1 - Tekstslide

Boarne: www.lessenvanlisa.nl

Foto: Elsa Verseput.

Skriuw mar Frysk
basis - les 8

Slide 2 - Tekstslide

Foar it skriuwen fan teksten moatst net allinne goed staverje kinne, mar hast ek
kennis nedich fan tiidwurden, grammatika en taaleigen.
Wurklist
  • Weromsjen op ôfrûne wike. 
  • Stavering brekking by fjouwer twalûden.
  • Grammatika meartal en ferlytsingswurden.
  • Unregelmjittige tiidwurden.
  • Taaleigen: wurdskat & ynterferinsjes oer bisten.
  • Skriuwe: diktee, in ferslach fan in gearkomste, Skriuw mar Frysk 1.8.
  • Húswurk (kursus.edufrysk.nl)
  • Neigesetsje.
Foar de EduFrysk skriuwopdracht moatst oantekeningen meitsje fan dizze les.

Slide 3 - Tekstslide

Weromkomme op it húswurk:
- stavering twa- en trijelûden
- stavering fan de ei/ij
- ûnregelmittige tiidwurden
- wurdskat wylst, ornearre foar, grutskalich

Lienwurden: Hawwe de kursisten noch mear foarbylden fan wurden út it Frânsk?

Staveringsrace
Wurkje yn 2 teams. Foarmje per team in rige by jim boerd.
Ik neam in wurd fan jim ynbrochte moaiste wurden
Dejinge dy't foaroanstiet skriuwt it wurd op: rapste + goed = 1 punt.
Jou de stift troch oan in oar teamlid.
...

Slide 4 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Staveringsrace wurdlist
mjitsk
mierzoet
fimeltiizjen
friemelen
grouwélich
buitensporig
griemen
knoeien
alteast
teminsten
flues
vlies
skobberdebonk
schobberdebonk
roppich
hongerig
strewelleguod
struikgewas
gewoanwei
gewoonlijk
rispinge
oogst
rimpen
overhaast
swiid
groots
harkenieltsje
dakkapel
bjusterbaarlik
wonderbaarlijk
brea-iten
ontbijt
alderheislikst
geweldig
oergryslik
afgrijselijk

Slide 5 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Diktee
Ik lês it diktee foar.

De dikteesin wurdt net yn de les neisjoen.

Neisjen is ûnderdiel fan it húswurk, de flaters kinne der dan maklik úthelle wurde.

Slide 6 - Tekstslide

Dikteesin les 8:
De hoanne en de jerke sieten tegearre opsletten yn it keammerke dat fol lei mei huodden.
Stavering brekking
Lês de wurden fan it wurdfjild troch.
[side 86]
timer
2:00

Slide 7 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 1
Meitsje twa rychjes.




Ik jou in oantal wurden. Meitsje fan it wurd earst in meartal en set it dêrnei yn it goede rychje.
[boeken ticht, les diele út]
gjin brekking by it meartal
wol brekking by it meartal

Slide 8 - Tekstslide

Ofbylding: iisbearen AquaZoo.
doar, roas, bear, toer, kies, boer, stien, liet, peal, doaze.
Opdracht 1 neisjen
Meitsje twa rychjes.




Ik jou in oantal wurden. Meitsje fan it wurd earst in meartal en set it dêrnei yn it goede rychje.
[boeken ticht, les diele út]
gjin brekking by it meartal
wol brekking by it meartal

Slide 9 - Tekstslide

doar, roas, bear, toer, kies, boer, stien, liet, peal, doaze

Slide 10 - Video

Deze slide heeft geen instructies

Brekking by twalûden
Ferskil tusken brekking en in grûnwurd:

Grûnwurd kjel: hearst in jè-lûd. It is net fan in oar wurd ôflaat, staverje fonetysk mei je.
Brekking kealtsjes: hearst in jè-lûd. It komt fan it wurd keal, dêrom staverje mei ea.

Grûnwurd fjild hearst ek in ji-lûd. It is net fan in oar wurd ôflaat, dus staverje mei ji.
Brekking stiennen: hearst in ji-lûd. It komt fan it wurd stien, dêrom staverje mei ie.




Slide 11 - Tekstslide

Brekking is ien fan de lestichste staveringsûnderdielen. Lit goed it
ferskil yn de útspraak hearre.
Brekking by twalûden
Brekking kin foarkomme by fjouwer twalûden (oa, ie, ea, oe): de útspraak feroaret by meartal, ferlytsing of gearstalling. De klam ferspringt dan.
(oersjoch regels side 19)
grûnwurd
gjin brekking meartal / ferlytsing
brekking (tink om dûbel bylûd)
roas / doar / doaze
roazen, roaske / doazen
doarren, doarke / doaske
kier / stien
kieren / kierke
stiennen, stientsje
bear / peal / beam
bearen / bearke
peallen, pealtsje / beammen, beamke
boer / foet / stoel
boeren / boerke
fuotten, fuotsje / stuollen, stuoltsje (oe > uo)
skuorre / muorre / buorlju
skuorren, skuorke (uo al yn grûnwurd)
doarp / koart
doarpen, doarpke (oa al yn grûnwurd)

Slide 12 - Tekstslide

Brekking is ien fan de lestichste staveringsûnderdielen. Lit goed it
ferskil yn de útspraak hearre.

Brekking is gjin regel foar, men moat wurd foar wurd besjen oft it wurd al as net brekking krijt. 
Opdracht 2

Set de wurden tusken heakjes oer yn it Frysk.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
4:00

Slide 13 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Diktee

Ik lês it diktee foar.

[boek ticht + les diele út]




It diktee wurdt yn de les neisjoen.

Jou dyn wurk oan dyn buorman/buorfrou. Dy sjocht dyn tekst nei. It giet fansels benammen om de:
twalûden en brekking.

Slide 14 - Tekstslide

It diktee fan it kursusboek kin yn Edufrysk makke wurde.

As it te lang is: de helte foarlêze.
Diktee neisjen: twalûden en brekking.

Slide 15 - Tekstslide

Boarne:  Omrop Fryslân nijs 2021.
Skoft

Slide 16 - Tekstslide

Schrijfplankje van Tolsum
In het jaar 1914 werd een Romeins schrijfplankje gevonden met daarop een Latijnse tekst. De handgeschreven letters waren moeilijk leesbaar, maar toch kon een tekst worden ontcijferd. De tekst bleek een Romeins koopcontract te zijn over de verkoop van een koe voor een bedrag van 115 muntstukken, in hoogstwaarschijnlijk de eerste eeuw na Chr.
Unregelmjittige tiidwurden

Sjoch yn it boekje Tiidwurden hoe’t de tiidwurden bringe, drinke, glimme, helpe, hingje, klimme, klinke, minge, sinke, sjonge, skinke, skrikke, springe, swimme en tinke bûgd wurde.

Slide 17 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 3 = húswurk
Folje de goede tiidwurdsfoarm yn.

Antwurdboek side 48.

Slide 18 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Slide 19 - Video

YouTube [3:56]
https://youtu.be/3SKn9YpQ5i0

Sjoch ek filmke 12:
Twalûden en brekking.
Meartal
Fan haadwurd meartal meitsje:
-s tafoegje: leppel - leppels.
-en tafoegje: skoalle - skoallen.


Tink om:
Brekking by twalûden.
Ferkoartsjen fan de útspraak.

Slide 20 - Tekstslide

Guon meartallen krije brekking, dêr binne gjin fêste regels foar.
Utsûnderings moatte út de holle leard wurde.
Meartal útgong
-en
Wurden mei ien wurdlid.
boeken, dingen, jassen, slakken
Mei klam op it lêste wurdlid.
papieren, getallen, misdriuwen
Alle wurden op -e (útsein lienwurden en ferlytsingswurden).
skoallen, skjirren, wurkwizen, ûlen
Alle wurden op -skip, -dom, -ij, -ling.
mienskippen, eigendommen, rederijen, bijen, learlingen
Meartal útgong
-s
Lienwurden dy't einigje op in lûd.
rûtes, telefyzjes, auto's, paraplu's
Ferlytsingswurden.
foarkjes, leppeltsjes, bedsjes, blomkes
Wurden dy't einigje op -el, -em, -er(t), -ier, -en, um.
wafels, tafels, biezems, boaiems, bjinders, hynders, kikkerts, rinteniers
Wurden dy't einigje op -sje en -zje.
situaasjes, garaazjes
Wurden op -ing by foarkar in -s.
hjerrings/hjerringen, útfierings/útfieringen.
-heid = -heden / -fol = -follen
oerheden, bûsfollen, hânfollen

Slide 21 - Tekstslide

wurdlid = lettergreep
klam = klemtoon

Alle regels zelfde als Nederlands, behalve de meervoud -s na -ing.

Wurden dy't einigje op in lûd krije in apostrof as dat needsaaklik is foar de útspraak: aoto's, paraplu's.
Meartal: brekking en ferkoarting
Utsûnderingen:
moatte út 'e holle leard wurde!
Brekking
skoech - skuon, brief - briefkes (útspraak ji)
Brekking twalûden
beam - beammen (bjemm), keal - keallen (kjelln),
tried - triedden (trjiddn), doar - doarren (dwarrn)
Ferdûbbeling bylûd
jas - jassen, skip - skippen
Ferkoarting fan in lang lûd nei in koart lûd
tsiis - tsyskes, glês - gleskes,  doaze - doaskes, peal - pealtsjes, bern - berntsjes, fear - fearkes
Ferkoarting aa foar m
daam - dammen, faam - fammen, laam - lamkes
Ferkoarting ô wurdt o
rôt - rotten (lang bliuwe: bôle - bôlen, fôle - fôlen)
Ferkoarting â wurdt a
bân - bannen, lân - lannen (lang bliuwe en gjin ferdûbeling fan it bylûd: stâl - stâlen, wâl - wâlen)

Slide 22 - Tekstslide

lûd = klinker
bylûd = medeklinker

Foar brekking is gjin regel.
Brekking is faak te herkennen oan de stavering by guon wurden mei in twalûd. Want dan wurdt it twalûd folge troch twa bylûden.

Slide 23 - Video

youTube [2:50]
https://youtu.be/0OnrTkWauUY

Ferlytsing (tink om: ek brekking)
Ferlytsing fan haadwurden troch tafoegjen fan: -ke, -tsje, -sje of -je.

(as it haadwurd einiget op in -e, dan is de foarôfgeande letter beskiedend: panne-pantsje, brêge-brechje, skjirre-skjirke)
 -ke as it haadwurd einiget op in lûd of op -b, -p, -m, -f, -r, -s, -w (-ve/-f, -ze/-s)
doke, laam-lamke, fearke, sweefke,
lampke, doaze-doaske, tsiis-tsyske, triuwke, beam-beamke, glês-gleske, brief-briefke (útspraak -ji)
-tsje as it haadwurd einiget op -n, -l,
hûntsje, ieltsje, kealtsje, pealtsje, berntsje, hintsje
-sje as it haadwurd einiget op -d, -t (as de slot-t net sein wurdt, mei de útgong ek -ke wêze)
paadsje, houtsje, sleatsje
nêst-nestke, nestje
-je as it haadwurd einiget op -ch, -ge, -k, -ng (-ng wurdt -nk)
baarch-barchje, flagge-flachje, seage-seachjes, fiskje, 
tonge = tonkje, ding-dinkje, 

Slide 24 - Tekstslide

lûd = klinker
bylûd = medeklinker

Foar brekking is gjin regel. Brekking is faak te herkennen oan de stavering by guon wurden mei in twalûd. Want dan wurdt it twalûd folge troch twa bylûden.
Opdracht 4

Meitsje fan de wurden tusken heakjes meartal.

Tink om brekking, ferkoarting en ôfwikende foarms.



Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
4:00

Slide 25 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 5

Meitsje fan de wurden tusken heakjes ferlytsingswurden.

Tink om brekking, ferkoarting en ôfwikende foarms.



Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
4:00

Slide 26 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Taaleigen: fariaasje yn wurdskat. 
Oersjoch regels side 59-60.
Regel o/m ferlieze.

Slide 27 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Ynterferinsje
NED ynstee fan geef Frysk.

Yn sprektaal wurdt mear akseptearre as yn skriuwtaal. 
Hâld rekken mei de doelgroep.


Oersjoch regels side 65.

Slide 28 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 6
Ferbetterje de flaters yn de sinnen.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
8:00

Slide 29 - Tekstslide

Helte fan de groep begjint by 1.
Oare helte begjint by 22.
Skriuwopdracht
Do hast oantekeningen makke by de les fan hjoed. Wurkje dy oantekeningen út.
 
Skriuw safolle mooglik folsleine sinnen en soargje dat in oare kursist it begrypt. Skriuw op syn minst in heale A-4 en it ferslach is kwa stavering en grammatika korrekt.

Slide 30 - Tekstslide

Ta beslút stiet der yn elke les in skriuwopdracht. Dy skriuwopdrachten wurde opboud fan A1 nei B2. It doel is om
oan de ein fan module 2 nivo B2 te heljen.

By de skriuwopdracht mei it
wurdboek brûkt wurde. Nei de opdracht sjogge de kursisten elkoars stikje nei. Lit
se eventuele flaters mei-inoar beprate. Bepraat dêrnei noch even koart eventuele
swierrichheden.
Húswurk
EduFrysk en/of Antwurdboek:
  • Opdracht 7: Sjoch de dikteesin nei.
        Ferbetterje flaters. Earst sels neitinke!
  • Lêsteksten: brekking.
  • Diktee en skriuwopdracht yn EduFrysk.
  • Opdracht 8: tiidwurden.
  • Opdracht 9: sinnen oersette.
  • Opdracht 10: Frisismen.
Lêze: 
- Nijsgjirrich om te witten.
- Boeketip

Slide 31 - Tekstslide

De lêsteksten kinne yn EduFrysk foarlêzen wurde.

Hiel lang stiene der yn de LC stikjes út it Bokwerder Belang. Yn dy stikjes stiene in
soad frisismen, krekt as yn it liet fan Piter Wilkens.
Skriuw in pear sinnen by ien fan de plaatsjes.
Brûk yn elts gefal 1 meartal en 1 ferlytsingswurd.

Slide 32 - Tekstslide

flinter, ko, jaar, donker, fange, heine.
Neigesetsje

Slide 33 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

It is in spultsje fan sjesa
Elk krijt in stik papier en skriuwt dêr in sin op dy't net ôf is. De buorman/frou makket de sin ôf en skriuwt wer in nije sin dy't net folslein is. It briefke wurdt hieltyd trochjûn. 
Ta beslút lêze we de ferhaaltsjes oan elkoar foar.

Slide 34 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Wurdbingo
Wurkje yn groepkes fan 4-5.
Elk kiest seis wurden út it wurdfjild en skriuwt dy op.
De spullieder neamt wurden op.
Wa hat as earste bingo?

Slide 35 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Diktee

Slide 36 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Slide 37 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies