Skriuw mar Frysk - basis - les 1

Skriuw mar Frysk - basis - les 1
1 / 14
volgende
Slide 1: Tekstslide

In deze les zitten 14 slides, met tekstslides.

Onderdelen in deze les

Skriuw mar Frysk - basis - les 1

Slide 1 - Tekstslide

Foar it skriuwen fan teksten moatst net allinne goed staverje kinne, mar hast ek
kennis nedich fan tiidwurden, grammatika en taaleigen.
Wurklist
  • Diktee.
  • Stavering ú / u.
  • regelmjittige tiidwurden op -e.
  • Taaleigen wurdksat.
  • Ynterferinsjes: oer iten. 
  • In boadskipbriefke skriuwe. 

Slide 2 - Tekstslide

De lessen begjinne mei in ynliedend stikje tekst en de leardoelen fan de les.
Foar it ferstevigjen fan it wurdbyld stiet der by elk staveringsûnderdiel earst in wurdfjild
mei in opdracht. De útlis fan de stavering is te finen yn it boek Oersjoch regels.
Nei de útlis wurde hieltyd in (ynfol)opdracht en in diktee jûn.
De stavering wurdt folge troch in tal tiidwurden yn in wurdfjild. De útlis of de bûging
fan de tiidwurden stiet wer yn it boek Oersjoch regels of yn it boekje Tiidwurden.
De opdracht by de tiidwurden stiet yn it kursusboek.
Under it kopke Oer taal falle de ûnderdielen grammatika, taaleigen en ynterferinsjes.
Utlis en ferklearring fan de wurden steane yn it boek Oersjoch regels, de opdrachten
dêrby steane yn it kursusboek.
Elk haadstik wurdt ôfsletten mei in skriuwopdracht, sadat it learde yn praktyk brocht
wurde kin. It nivo fan de skriuwopdrachten rint op fan A1 nei B2 (module 2).
By Om thús te dwaan fine jo efterinoar it neisjen fan in dikteesin, in lêstekst mei
in koarte opdracht, in diktee op eduFrysk, in tiidwurde-opdracht en in koarte
oersetopdracht. 

Ta beslút wurdt oan de ein in boeketip jûn foar it ferstevigjen fan it wurdbyld en it
útwreidzjen fan de wurdskat.
De stavering fan de ú / u
Lês de wurden fan it wurdfjild troch.

Oersjoch regels side 7.
- iepen wurdlid
- sletten wurdlid



Slide 3 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 1
Meitsje twa rychjes: ú / u.

[skerm diele útsette]

Ik lês in oantal wurden op. Set dy wurden yn it goede rychje.

Slide 4 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 2
Folje yn: ú, u, um of em.

Slide 5 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Diktee
Ik lês it diktee foar.

Slide 6 - Tekstslide

Oan it begjin fan elke les jout de lesjouwer in dikteesin. Dy sin wurdt bewarre foar it húswurk.
Nei de útlis oer de stavering kinne de flaters der dan maklik úthelle wurde. 
Regelmjittige tiidwurden op -e

Slide 7 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 3
Skriuw de tiidwurden pakke en miene hielendal út.

Oersjoch taalregels side 23 en boekje Tiidwurden.

Slide 8 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 4
Folje de goede tiidwurdsfoarm yn.

Slide 9 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Taaleigen
Wat fersteane wy no krekt ûnder taaleigen? Yn alle talen komt it foar: foar itselde ferskynsel hat de iene taal mar ien wurd en in oare taal mear as ien. Of wurden lykje in hiel soad opinoar, mar hawwe wol in oare betsjutting. Soksoarte wurden kinne fansels foar in protte betizing soargje. Dêrneist hat elke taal fansels ek syn eigen moaie wurden en útdrukkingen.
Oersjoch regels side 54: merk/merke, sline/snobje, bôle/brea/brogge, slikje/slokke.

Slide 10 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Ynterferinsjes
By ynterferinsjes brûkt men Nederlânske wurden, wurdfoarms, útdrukkingen of konstruksjes yn stee fan geef Fryske. Ynterferinsje docht him in hiel soad foar. Dat komt omdat it Nederlânsk in mearderheidstaal is en dêrom in soad ynfloed hat. Boppedat hawwe in soad Friezen gjin of te min ûnderwiis hân yn de Fryske taal. Faak binne minsken harren net iens bewust fan it feit dat se de ferkearde wurden brûke.
Oersjoch regels side 62: Oer iten.

Slide 11 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 5
Ferbetterje de flaters yn de sinnen.

Slide 12 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Skwriuwopdracht
Do fregest ien fan dyn húsgenoaten om wat boadskippen foar dy te dwaan.
Skriuw foar him/har in boadskipbriefke.
Op it briefke steane op syn minst tsien boadskippen en it briefke is kwa stavering korrekt.

Slide 13 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Húswurk
  • Opdracht 6 antwurdboek side 10: Sjoch de dikteesin nei op ú, u, -um en -em. Ferbetterje flaters.
  • Lêstekst side 15: ûnderstreekje yn de tekst de 10 wurden mei ú en 3 wurden mei u yn in iepen wurdlid.
  • Opdracht 7: Folje de goede tiidwurdsfoarm yn.
  • Opdracht 8: set de app-petearen oer.
  • Nijsgjirrich om te witten.
  • Boeketip

Slide 14 - Tekstslide

https://neerlandistiek.nl/2020/10/regionale-voornamen-fryslan/