Lear mar Frysk - module 2 - les 2

Lear mar Frysk module 2 - les 2
YouTube : De Kast - Hert fan myn gefoel
1 / 30
volgende
Slide 1: Tekstslide
FriesBeroepsopleiding

In deze les zitten 30 slides, met interactieve quiz, tekstslides en 2 videos.

time-iconLesduur is: 60 min

Onderdelen in deze les

Lear mar Frysk module 2 - les 2
YouTube : De Kast - Hert fan myn gefoel

Slide 1 - Tekstslide

Les 2  Ik bin sa lulk, it baarnt my yn!
It baarnt my yn = ik ben ongeduldig.

Dizze les giet oer it útdrukken fan it gefoel.
Wurklist
  • Weromsjen op de les fan ôfrûne wike (húswurk en lochboek beprate)
  • Harkje, lêze en útspraak oefenje (oer it útdrukken fan it gefoel)
  • Grammatika (ûnregelmjittige tiidwurden)
  • En no mar prate
  • Om thús te dwaan (húswurk)

Slide 2 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 8, 9 (brûke we yn de les), 10, 11 en 12.

Slide 3 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Winter 1979
14 febrewaris 1979
Snie
Net nei skoalle
Broer syn jierdei
Molke fan de ko
Bôle op
Nei oar doarp om medisinen

Slide 4 - Tekstslide

https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/868486/de-sniewinter-fan-1979-mei-de-hiele-buert-yn-it-spier-om-de-snie-fuort-te-krijen

Hjir kinst in foto fan dysels ynleverje.

Slide 5 - Open vraag

Kursisten leverje digitaal foto yn. 
1. Lit in foto sjen, kursisten riede fan wa't de foto is.
2. Dejinge fan wa't de foto is:
- fertelt wêr't de foto makke is
- fertelt wannear't de foto makke is
- fertelt wat oer him/har as bern
OF
- lêst in stikje foar dat makke is by opdracht 9 fan les 1.
Húswurk les 1 opdracht 11:
Wolst net prate mei immen mar wol Fryske aksinten heare? 
Sjoch HEA! filmkes op YouTube.

Slide 6 - Tekstslide

Is it slagge om in persoan te finen om Frysk mei te praten? 
Hoe ferrûn it petear?
Noch nije wurden leard?
Opdracht 2: harkje, lêze, útspraak
Ik lês de tekst foar, lês mei.
(wol immen in foarlêsbeurt?)

We beprate drege wurden.

Dêrnei beäntwurdzje jim fragen.

Slide 7 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 2: Fragen oer 'De wrâld'
De antwurden steane letterlik yn de tekst.
1. Wêrom hat de tún fan Piersma in fiver?
2. Wêr mei Piersma graach nei sjen?
3. Hokker bisten binne foar syn libbensgelok ek belangryk?
4. Wat krige Piersma as lyts jonkje as presintsje?5. Wat woe Piersma as jonkje wurde?
6. Wat koe Piersma as jonkje yn alle gefallen?7. Wat die de fûgelfanger foar Piersma?
8. Wat wie foar Piersma in útdaging?
9. Wêr gie it stik oer dat Piersma op 'e middelbere skoalle lies?
10. Wêrom hat Piersma in ferskriklik soad mazzel hân?
11. Is Piersma minder somber as eartiids?
12. Wat docht Piersma mei syn frustraasjes?
Lês de fraach foar en jou antwurd yn in hiele sin.
  1. De tún hat in fiver om de boel wat wiet te hâlden.
  2. Hy mei graach sjen nei sweltsjes dy't in nêst bouwe.
  3. Kwetsbere bisten, oft it no fûgels bine of kikkerts yn 'e sleat.
  4. Theunis krige as lyts jonke in Walt Disneyboekje oer eamelders.
  5. Theunis woe biolooch wurde, plan B wie oppasser yn Artis.
  6. Hy koe goed hynstestâlen mjoksje.
  7. De fûgelfanger treau him de goede kant út.
  8. It lêzen fan it blêd Ardea wie in útdaging.
  9. Dat stik gie oer it NIOZ op Teksel.
  10. Omdat er de kâns krige om te dwaan wat er graach woe.
  11. Ja, hy is minder somber en kin better mei syn frustraasjes omgean.
  12. Hy hat leard syn frustraasjes om te setten yn it sjen fan positive útdagingen. (let op stavering positive)

Slide 8 - Tekstslide

NIOZ = Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee.
ARDEA is wetenschappelijk tijdschrift van de Nederlandse Ornithologische (vogelkunde) Unie.
Snappe we -e en -je tiidwurden?

Slide 9 - Tekstslide

PREZI Renske van der Meer
https://prezi.com/29wtjssgenik/tiidwurden/

Slide 10 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Frysk bloed __1___ op! 
Wol no ris __2___ en __3___,
En __4___ troch ús ieren om!
Flean op! 
Wy __5___ it bêste lân fan d'ierde,
It Fryske lân fol eare en rom.

Klink dan en __6___ fier yn it rûn, 
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Gatsjetekst oer tiidwurden

Slide 11 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Frysk bloed tsjoch op! 
Wol no ris brûze en siede,
En bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! 
Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,
It Fryske lân fol eare en rom.

Klink dan en daverje fier yn it rûn, 
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Gatsjetekst oer tiidwurden

Slide 12 - Tekstslide

https://www.fryslan.frl/frysk-folksliet
tekst: "De âlde friezen" fan Eeltsje Halbertsma.

YouTube
https://youtu.be/blfTdqas3pghttps://nl.wikipedia.org/wiki/Fries_volkslied

Slide 13 - Video

Fjouwer koupletten:
YouTube [4.25]
https://youtu.be/blfTdqas3pg
Tiidwurden
Dit binne de (ûnregelmjittige) tiidwurden dy't einigje op -n.

jaan, dwaan, slaan, 
gean, stean, sjen en tsjen 
"Frysk bloed tsjoch op!
Wol no ris brûze en siede"

Slide 14 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Skoft

Slide 15 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 3: Harkje en útspraak
  1. Ik mei graach fytse.
  2. Ik kin net goed oer lûde muzyk.
  3. Hy is poer om't syn fyts stellen is.
  4. Fardou har fiskje is deagien, se hat fertriet.
  5. In soad wille mei jimme nije boat!
  6. Hy skatteret it út fan it laitsjen.
  7. Wy ha in noflike jûn hân.
  8. De foarstelling foel my wat ôf.
  9. Buorman is lilk.
  10. Ik ha my ta de teannen út fermakke.


  1. Jelle hat it wol besjoen.
  2. It griist my oan.
  3. Ik yt it leafst pankoeken mei sjerp.
  4. Ik bin bang foar hûnen.
  5. Wêr wurdsto bliid fan?
  6. Hy is út 'e skroeven.
  7. Har entûsjasme is oansteklik.
  8. Ik mei dat net lije.
  9. Dat is moai.
  10. Makkest my kjel.
boos - gezellige - gruwel ervan - niet leuk - ontzettend - opgetogen - schrikken - woest  
Ik lês de sinnen foar. Sprek dêrnei de sinnen sels út.
De betsjutting fan de fetdrukte wurden stiet hjirûnder (net op folchoarder)

Slide 16 - Tekstslide

Lês hieltyd earst in sin foar.
De hiele groep seit de sin nei of kursisten krije om bar in beurt om foar te lêzen.
Brûk de ynfolstreekjes om oersettingen op te skriuwen (steane ek achter yn it boek).
Opdracht 4: Wurdskat útdrukken gefoel
fielst dy ferantwurdlik foar
glimke om 'e mûle
dêr mei ik sa graach nei sjen
belangstelling hân
kwetsbere
libbensgelok
fassinearre
...


mazzel hân
wat ik graach woe
frustraasjes
minsklike omgong
somber
entûsjasme
positive útdagingen
...

Betink sels noch fiif wurden > tsjinstellingen / synonimen
Ik haw my de bûsen útskuord 
(jin ta de teannen út fermeitsje, tige laitsje)
timer
3:00

Slide 17 - Tekstslide

Bepraat oersettingen (achter yn it boek)
Kursisten betinke der sels wurden fiif by, bygelyks tsjinstellingen / synonimen.
Opdracht 5: dialooch
Wurkje yn twatallen. Skriuw in dialooch (4 sinnen) út. 
Kinst sintsjes fan opdracht 3, 4 en Frysker brûke.
Wês taret op in foarlêsbeurt.
  1. Wolsto mei te fytsen?
  2. ... Ik kin dêr net sa goed oer.
  3. Wat hast op dyn frije dei dien?
  4. ... Wat is dat fertrietlik.
  5. ... ... It wie tige nei 't sin.
  6. ... ... ... Hy wie poer!
timer
5:00

Slide 18 - Tekstslide

Tink nei oer wurdskat en sinsbou mar it mei fonetysk, stavering is net wichtich.

Jou yn 't foar oan de twatallen troch hokker dialooch se foarlêze moatte.
Opdracht 6: regelmjittige -e tiidwurden
Foarbyld:
wy + bakke
wy bakke - wy bakten



tiidwurd + hokker persoan
ik - do - hy
wy - jimme - jo
notiid = tegenw. tijd
doetiid = verleden tijd
Foarbyld:
ik + arbeidzje
ik arbeidzje - ik arbeide



Slide 19 - Tekstslide

-e tiidwurden

Lês de tiidwurden yn de list earst efkes foar en freegje oft de betsjutting dúdlik is.
Opdracht 6: regelmjittige -je tiidwurden
Foarbyld:
wy + bakke
wy bakke - wy bakten



tiidwurd + hokker persoan
ik - do - hy
wy - jimme - jo
notiid = tegenw. tijd
doetiid = verleden tijd
Foarbyld:
ik + arbeidzje
ik arbeidzje - ik arbeide



Slide 20 - Tekstslide

-je tiidwurden
Lês de tiidwurden yn de list earst efkes foar en freegje oft de betsjutting dúdlik is.

Slide 21 - Video

Professor Henk: problemen by -je tiidwurden [2:05]
https://youtu.be/l-dkkTYR50U

-je tiidwurden einigje yn de doetiid en by it mulwurd net in t of d.

Grammatika

Slide 22 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

ûnregelmjittige tiidwurden

Slide 23 - Tekstslide

lûd = klinker
notiid = tegenwoordige tijd
doetiid = verleden tijd
folsleine tiid = voltooide tijd

PREZI Renske van der Meer https://prezi.com/29wtjssgenik/tiidwurden/
Dwaan
Swimme
ik
doch
die
swim
swom
do
dochst
diest
swimst
swomst
hy, sy, it
docht
die
swimt
swom
jo (u)
dogge
diene(n)
swimme
swommen
wy
dogge
diene(n)
swimme
swommen
jimme
dogge
diene(n)
swimme
swommen
sy
dogge
diene(n)
swimme
swommen
volt. deelw.
haw dien
haw swommen
Let op: by ûnregelmjittige tiidwurden feroaret de klank: yn de doetiid en folsleine tiid.
Sa no en dan feroaret de klank fan it lûd ek yn de notiid.
De ûnregelmjittige tiidwurden
(lesboek side 35)

Slide 24 - Tekstslide

Lesboek module 1 In list mei meast foarkommende ûnregelmjittige tiidwurden.


Opdracht 8, 9 (brûke we yn de les), 10, 11 en 12.
www.edufrysk.nl
* harkje nei de teksten
* kompjûter sjocht dyn wurk nei

Slide 25 - Tekstslide

De oefeningen even koart by del rinne om der wis fan te wêzen dat de kursisten snappe wat de bedoeling is.
Foar opdracht 11 praatst mei in oar yn it Frysk bûten de lessen om. It is wichtich datst meardere aksinten hearst.
Frysk ferstean & Frysk prate

Slide 26 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Petear yn twatallen: prate oer it gefoel
1. Myn grutste frustraasje is ...
2. Ik hâld net fan ...
3. Ik wurd hiel bliid fan ...
4. Ik fyn it net fijn as ...
5. Ik wurd poer as ...
Meitsje de sin ôf mei eigen wurden.
Wês taret op in foarlêsbeurt.

Slide 27 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

We dogge it spultsje 'ik gean op reis en nim mei ...'

Meitsje de sin ôf:
Ik hâld fan ...

Eltsenien werhellet de sin en de al taheakke wurden en follet de sin oan mei ien wurdt.

It kin fansels ek mei saken dêr't we gjin nocht oan hawwe.

Meitsje de sin ôf:
Ik haw in grouwélige hekel oan ...

Slide 28 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 7: prate oer 'in priis wûn'
priis / priisfraach
winner /  bliid
wike yn in hotel
mei wolle

dit leaust nea
ried ris 
dreech
ik haw wûn
fjouwer stjerren
ynklusyf moarnsbrochje
jûnsiten ynbegrepen
op it strân 
optein
Do bellest mei in freon/freondinne om te fertellen datst in priis wûn hast. Ferline wike hast meidien oan in priisfraach dy't yn 'e krante stie. Der moast in riedsel oplost wurde en út de goede oplossingen is in winner lutsen. De priis is in wike foar twa persoanen yn in hotel oan see. Fertel datsto sa bliid bist mei de priis omdatst noait wat winst. Freegje dyn freon/freondinne oft se mei wol.
Wurkje yn twatallen: A begjint, B reagearret.
Mooglike reaksjes:
1. Wat leuk foar dy!
2. Dat soe ik nea ret hawwe!
3. Wêr hast dy priis mei wûn?
4. Fansels wol ik mei dy mei, wannear geane we?

Slide 29 - Tekstslide

Soargje dat der yn wikseljende twatallen wurke wurdt.

Doch de opdracht earst in kear foar mei ien fan de kursisten.

Freegje oft ien twatal it petear foar de groep dwaan wol.
wurdpearen
Eltsenien krijt in kaartsje
 mei in wurd. 
Jimme rinne troch elkoar, freegje nei elkoars wurd en betink tegearre oft de wurden byelkoar hearre. 

Slide 30 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies