Lear mar Frysk - module 2 - les 5

Lear mar Frysk module 2 - les 5
1 / 25
volgende
Slide 1: Tekstslide
FriesBeroepsopleiding

In deze les zitten 25 slides, met interactieve quiz, tekstslides en 1 video.

time-iconLesduur is: 60 min

Onderdelen in deze les

Lear mar Frysk module 2 - les 5

Slide 1 - Tekstslide

Les 5 Dat raast oan de protters
Dat is heel erg.

Dit is in les oer eat oanrekommandearje of bekritisearje.
Wurklist
  • Weromsjen op de les fan ôfrûne wike (húswurk en lochboek beprate)
  • Harkje, lêze en útspraak oefenje (oer oanrekommandearje of bekritisearje)
  • Grammatika (eigenskipswurden en graadbûging = bijvoeglijk naamwoorden en trappen van vergelijking)
  • Om thús te dwaan (húswurk)
  • Neigesetsje filmke Fascinating Friesland

Slide 2 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 6, 9 (brûke we yn de les), 10, 11 en 12.

Slide 3 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 1

Beskriuw 
watsto dochst oan frijwilligerswurk 
of 
watsto dochst om in oar te helpen.

Slide 4 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 2: harkje, lêze, útspraak
Ik lês de tekst foar, lês mei.
(wol immen in foarlêsbeurt?)

We beprate drege wurden.

Dêrnei beäntwurdzje jim fragen.

Slide 5 - Tekstslide

koel - kuolkast = brekking
koel wurdt 'kuol...' yn gearstalling.
Opdracht 2: 'Ferslach test kuolkasten'
De antwurden steane letterlik yn de tekst.
1. Hoefolle kuolkasten hat de 'Consumentenbond' test?
2. Binne der ek ôfrieders?
3. Binne der ek ferskillen tusken de kuolkasten?
4. Hoe dogge de ynboufrieskasten it yn de test?
5. Wat hâlde se oer it algemien wol better stabyl? (Geef Frysk: 'oer it generaal')
6. hoe dogge de tafelmodellen sûnder friezer it yn de test?
7. Hokker sifer krijt it bêste tafelmodel kuolkast?
8. Hoe sjocht in koelfrieskombinaasje derút?
9. Wat is it ferskil mei in Amerikaanske kuolkast? (Brekking sjoch notysje)
10. Wat is in goede kar as de romte beheind is?
11. Hokker eigners binne it minst tefreden?
12. Hokker merken dogge it wol goed?
Lês de fraach foar en jou antwurd yn in hiele sin.
  1. De 'Consumentenbond' hat mear as tachtich frijsteande en ynboukuolkasten test.
  2. Ja, der binne acht ôfrieders.
  3. Ja, der binne nochal wat ferskillen tusken de frijsteande kuolkasten en de ynboumodellen.
  4. Dy dogge it wat minder goed as de frijsteande kuolkasten.
  5. Se hâlde oer it algemien better de temperatuer binnen de kuolkast en de friezer stabyl.
  6. Dy dienen it in stik better as de hege ynboumodellen mei friezer.
  7. It bêste tafelmodel kuolkast kriget in dikke 8.
  8. In koelfrieskombinaasje hat in apart grut koel- en friespart boppe elkoar.
  9. In Amerikaanske kuoolkast hat it koel- en friespart neist elkoar.
  10. Dan is in tafelmodel kuolkast in goede kar.
  11. De eigners fan in Etna en in Nordland kuolkast binne it minst tefreden.
  12. Liebherr, Miele en Pelgrim kuolkasten dogge it it bêst.

Slide 6 - Tekstslide

Amearika - Amerikaanske
Brekking = ferdwynt de klam, dan ferdwynt ek it twalûd.
Amearika > klam op ea
Amerikaanske > klam op aa
Opdracht 3: Harkje en útspraak
  1. It foldocht my hiel goed.
  2. Ik kin my der wol mei rêde.
  3. Dit skjinmakkersguod wurket goed.
  4. By dat Sineeske restaurant kinst lekker ite.
  5. It wie wol yn te nimmen.
  6. It wie net sa djoer en dochs lekker.
  7. Besykje dit mar ris.
  8. By dy kleanwinkel jouwe se goede advizen.
  9. Dit kofjesetapparaat kin ik dy oanrikkemandearje.
  10. Dat moatst altyd dwaan!
  1. As ik dy wie, soe ik der noch mar ris oer neitinke.
  2. Dit hat in misstap west.
  3. Kin ik myn jild weromkrije?
  4. Ik wol dit graach ruilje.
  5. Ik wol in klacht yntsjinje.
  6. Ik bin net sa tefreden oer dit produkt.
  7. It wie net in grut sukses / súkses.
  8. Dêr kom ik nea wer!
  9. Se hawwe der gjin goede service.
  10. Ik wie net sa wei fan it iten dêr.
aanbevelen - bevalt - Chinees - duur - indienen - lekker - niet positief - nooit - probeer 
Yn hokker sin stiet de Fryske oersetting fan:

Slide 7 - Tekstslide

HINT: ast in wurd as 'yntsjinje' stadich seist witst ek hoe'tst it skriuwe moatst.

Lês hieltyd earst in sin foar.
De hiele groep seit de sin nei of kursisten krije om bar in beurt om foar te lêzen.
Brûk de ynfolstreekjes om oersettingen op te skriuwen (steane ek achter yn it boek).
Skriuw (sûnder spiken) op yn it Frysk:
indienen

Slide 8 - Open vraag

yntsjinje
Skoft

Slide 9 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 4: Wurdskat feiligens
bêste
yngeand test
hoe goed
brûkersgemak
ferbrûk
skoare
minste
ôfrieders
ferskillen
dikke foldwaande
...


ûnfoldwaande
rapportsifer
in goede kar
(ûn)betrouber
ûnderfregen
konsuminten
tefreden
prestaasjes
gebrûk
konsumintepanel (gjin tusken n)
...
Betink sels noch fiif wurden > tsjinstellingen / synonimen
timer
3:00

Slide 10 - Tekstslide

Bepraat oersettingen (achter yn it boek)
Kursisten betinke der sels wurden fiif by, bygelyks tsjinstellingen / synonimen.
Opdracht 5: dialooch
Wurkje yn twatallen. Skriuw in dialooch (4 sinnen) út. 
Kinst sintsjes fan opdracht 3, 4 en Frysker brûke.
Wês taret op in foarlêsbeurt.
  1. Wat fynsto fan dat nije ôfwaskmiddel?
  2. ... ... Kin ik myn jild weromkrije?
  3. ... ... Ik woe wol dat ik it noait kocht hie!
  4. Kin ik dit ruilje? It past my net.
  5. Hasto wolris by dy pizzeria iten?
  6. ... Besykje dit mar ris!
timer
5:00

Slide 11 - Tekstslide

Tink nei oer wurdskat en sinsbou mar it mei fonetysk, stavering is net wichtich.

Jou yn 't foar oan de twatallen troch hokker dialooch se foarlêze moatte.
Tiidwurden
Wês wach by it brûken fan de tiidwurden: 
bliuwe - gean - komme.
Tink yn oplossingen!
- lit se fuort
- brûk se mei ('te' +) -n
- verfang se troch wat oars

Slide 12 - Tekstslide

Lesboek side 47-49 trochnimme !!!
Opdracht 6: doelfoarm tiidwurden
Kies a of b.
Lesboek side 61
Antwurden 
  1. b. Sjoch, it sil reine, de earste drippen falle al. (gean ferfange)
  2. a. It wie mar in lyts eintsje, dat wy gongen rinnende. (ynfinityf + -n nei gean)
  3. a. Boartsje no mar moai! (gean fuortlitte)
  4. b. Nei skoaltiid geane de jonges te fuotbaljen. (gean + te + -n)
  5. b. It moaie waar hâldt mar oan. (bliuwe ferfange)
  6. a. Myn broer en de frou útfanhúzje hjir oant sneon. (bliuwe fuortlitte)
  7. a. Dy jonge seurt mar troch oer in nije racefyts. (bliuwe ferfange)
  8. a. As it snijen sa oanhâldt, kinne wy moarn de doar net út. (bliuwe ferfange)
  9. a. Mem kaam te sjen, oft ik myn húswurk al makke hie. (komme + te +-n)
  10. b. It buorfamke komt fan 'e jûn by ús te húswarjen. (komme + te + -n)
  11. a. Hy kaam hurd oanrinnen, doe't er my seach. (ynfinityf + -n nei komme)
  12. b. Ik hearde him in ferske sjongen. (ynfinityf + -n nei hearde)
timer
10:00

Slide 13 - Tekstslide

Dit is in werhelling fan de doelfoarm fan de tiidwurden.

De kursisten hawwe as húswurk fan les 4 de grammatika trochlêzen en de bybehearrende oefening makke.

Freegje oft eltsenien de útlis begrepen hat. Doch dêrnei dizze oefening.
Grammatika

Slide 14 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Eigenskipswurden
Dit is in izeren lûkbealch.
It is in moaienien.
It hat in grutte reekplom.
Dat is wat moais.
It is ús nije trein.
Sa'n swart meunster haw ik noch nea sjoen.

(bijvoeglijk naamwoorden)

Slide 15 - Tekstslide

FOTO
Veluwsche Stoomtrein Maatschappij
https://stoomtrein.org/en/eerste-vsmsloc/

Eigenskipswurd (bijv. nw)
selsstannich
ferbûging
wurch
Ik bin wurch.
De wurge man.
-en + -ien (yn stee fan haadwurd (zelfst.nw.)
Do bist moai.
Do bist ek in moaien.
Do bist ek in moaienien.
eat, neat, wat, safolle, hoefolle, allerhanne -
Dat is moai.
Dat is wat moais.
Dat is neat bysûnders.
besitlik foarnamwurd + 
in 'de' wurd = -e (wol -e)
in 'it' wurd = -e (gjin -e)
Myn nije bank (de bank)
Myn nij bankje (it bankje)
Myn nij boek. (it boek)
in, sa'n, hoe'n gjin, elts, +
in 'it' wurd = -e (gjin -e)
Dat is in grut fabryk. (it fabryk)
Hy hat gjin griis burd. (it burd)
Ierdrykskundige eigenskipswurden -er
De Drachtster feart.
De Rypster toer.
Stoflike eigenskipswurden -en
It izeren stek.
De katoenen jurk.

Slide 16 - Tekstslide

Lesboek side 76-77 trochnimme !!!
Eigenskipswurd = bijvoeglijk naamwoord
Haadwurd = zelfstandig naamwoord
Lidwurd = lidwoord
Ierdrykskundich eigenskipswurd = aardrijkskundig bijvoeglijk naamwoord.
Stoflik eigenskipswurd = stoffelijk bijvoeglijk naamwoord.


Grut
Grutter
Grutst
Graadbûging = trappen van vergelijking

Slide 17 - Tekstslide

Lesboek side 77 trochnimme !!!
Graadbûging = trappen van vergelijking
Stellende trep
Fergrutsjende trep
Oertreffende trep
swier
swierder
swierst
einigjend op -l / -n
l / tin
mâler / mâlder
tinner / tinder
mâlst
tinst
einigjend op -s wiis
wizer
wiist (gjin -s)
einigjend op -st / -sk farsk
farsker
meast farsk
ûnregelmjittige foarmen
folle
goed
graach
in bytsje

mear
better
leaver
minder

meast
bêst
leafst
minst
Eigenskipswurden mei graadbûging (= bijv. nw. in trap v. vergelijking)

Slide 18 - Tekstslide

Stellende trep = stellende trap
Opdracht 8, 9 (                                           ), 10, 11 en 12.
www.edufrysk.nl
* harkje nei de teksten
* kompjûter sjocht dyn wurk nei
wat soesto toeristen fertelle wolle oer dyn eigen doarp of stêd

Slide 19 - Tekstslide

Opdracht 9 dogge we krekt even oars. Is der wat oer dyn eigen doarp of stêd te fertellen datst nijsgjirrich fynst.
 
Foar opdracht 11 praatst mei in oar yn it Frysk bûten de lessen om. It is wichtich datst meardere aksinten hearst.

Slide 20 - Video

YouTube
Fascinating Friesland 2013

https://youtu.be/Gi8Ki3HOf8Y

Frysk ferstean & Frysk prate

Slide 21 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Sinnen langer meitsje
We begjinne mei ien wurd en meitsje dêr in sa lang mooglike sin mei. Bygelyks: 
A seit 'buro'
B seit 'Ik haw in buro'
C seit 'ik haw in buro fan hout'
D seit 'Ik haw in buro fan hout yn myn keamer' 
E seit ...

Slide 22 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Favorite tv-programma's
Freeslike tv-programma's
Wurkje yn groepkes. Fertel elkoar oer favorite en freeslike telvyzje.

Slide 23 - Tekstslide

Fertel wat dyn favorite tv-programma is en wêrom.
Fertel watst it freeslikste tv-programma fynst en wêrom.

Miskeap
Wat hat jimme grutste miskeap ea west?
Skriuw earst in pear wurden op en fertel dêrnei oan de groep.
We sille dy ek in pear fragen stelle.

Slide 24 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 7: prate oer 'Hûs ferkeapje'
boujier
lytser wenje
buert
trije pluspunten
minpunt

tún op it suden
moderne keuken
romme sliepkeamers
fernijde badkeamer
isolearre
renovaasje
souder / garaazje
gjin parkearromte
Jim wolle graach jim hûs ferkeapje. By de makeler moatst jim hûs oanpriizgje. Fertel yn hokker jier oft it hûs boud is. Jim wolle graach wat lytser wenje, it hûs is tige geskikt foar in jonge húshâlding. Der wenje in soad bern yn 'e buert. Jou trije pluspunten en in minpunt fan it hûs.
Wurkje yn twatallen: A begjint, B reagearret.
Mooglike fragen:
1. Wêrom wolle jimme graach fuort?
2. Yn hokker jier is it hûs boud?
3. Fertel ris wat oer de yndieling fan it hûs.
4. Yn watfoar buert wenje jim no?

Slide 25 - Tekstslide

Soargje dat der yn wikseljende twatallen wurke wurdt.

Doch de opdracht earst in kear foar mei ien fan de kursisten.

Freegje oft ien twatal it petear foar de groep dwaan wol.