Ekskurzje
Au! Hy kriget in dúst fan Jan-Piter. ‘Hee jong, gek! Wat dochst no? Ik wie al heal yn ’e sûs.’ ‘Aukje sit wer te sjen…’
Sybe docht ien each in hiel ein iepen. Hy gluorket tusken ’e eachteisters troch. Duvel! It is ek noch wier! It moaie famke sit hielendal omkeard op har bank en docht krekt oft se wat om har hinne sit te sjen. Mar har eagen rêste krekt wat te faak op him…
‘Hmm…it sil wol. Lit my no mar gewurde. Daalk bin’we der follybal en dan ha ’k noch mar krekt bysliept. Ik bin striemin op ’e bealch.’
‘Us freon Grimbaerd sei sakrekt noch troch de mikrofoan dat it ferkear fierderop hielendal fêstsit en dat de sjauffeur in oar paad besykje sil. It koe wol in oere langer duorje.’
‘Moatst yn sa’n stêd ek mei de metro reizgje, oars duorret it in ivichheid. Mar dat fyn ik hjoed allinne mar goed. Trusten.’
‘Ien ding noch…’ ‘Mmmmjaaa?’ ‘Dû bist der fan ’e jûn dochs wol by?’ ‘Op ’e manljuskeamer? Ja fansels? Wat dan?’ ‘Omdat ik al begûn te tinken datst ien fan dy mytsjes wiest dy’t fannacht sa nedich let op ’e koai wolle, omdat se net oer te folle sliep kinne. Of net oer te min drank fansels. It is mar krekt hoe’t je it besjogge…’
‘Ah, man, jou dy ôf. Ik sil dy aansen omseamje. Of nee: ik stjoer dy werom nei Sytske. Dan kin sy it foar my dwaan!’
‘Dream dû mar lekker fierder, jong. En dream mar moai fan Aukje. O nee, ik bedoel fan Anneke fansels.’
Mar Sybe heart it noch mar heal. En hy dreamt yndie.
Mar wol fan Anneke…