Skriuw mar Frysk - ferfolch - les 6 (tiidwurdspultsje + memory)

Skriuw mar Frysk - ferfolch - les 6
1 / 34
volgende
Slide 1: Tekstslide
FriesBeroepsopleiding

In deze les zitten 34 slides, met interactieve quizzen en tekstslides.

time-iconLesduur is: 120 min

Onderdelen in deze les

Skriuw mar Frysk - ferfolch - les 6

Slide 1 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Wurklist
  • Weromsjen op ôfrûne wike: bjusterbaarlike wurden fûn?
  • Húswurk meitsje kinnen?
  • Skriuwopdracht weromjaan en ynleverje.
  • Betreklike, oanwizende en freegjende foarnamwurden
  • Stavering y, i, ii, ie
  • Ynterferinsjes
  • Húswurk: Skriuw mar Frysk / tips foar staazje yn it bûtenlân.

Slide 2 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Skriuw mar Frysk
Lês inoars teksten.
De tekst dy'tst lêst sjochst nei. 

Besprekpunten?

Slide 3 - Tekstslide

Hantlieding lesjouwer side 104.

Wat is de betsjutting fan:
'in lytse stjonkert'.
A
In bern dat yn 'e broek poept hat.
B
In bern dat wat gemiens dien hat.
C
In bern dat ûndogensk west hat.

Slide 4 - Quizvraag

Alle lessen begjinne mei in tal fragen út Blinder of blunder fan PraatmarFrysk.nl.

Set yn de doetiid:
'It stjonkt hjir ferskriklik'.
A
It stjonkte hjir ferskriklik.
B
It stonk hjir ferskriklik.
C
It stonken hjir ferskriklik.

Slide 5 - Quizvraag

Deze slide heeft geen instructies


Wat is de goede skriuwwize?
A
roeke
B
ruke
C
rûke

Slide 6 - Quizvraag

Deze slide heeft geen instructies


Wat is it Fryske wurd foar 'gier'.
A
dong
B
jarre
C
stront

Slide 7 - Quizvraag

Jarre = focht dat út stront rint.

Dong = stront fan bisten, al of net mongen mei strie.


Memory
Wurkje yn groepkes fan 2-3.
Doch it memory spultsje oer de (betreklike) foarnamwurden.

By elke sin op in wyt kaartsje heart ien griis kaartsje.
Klear? Bepraat de taalregels.

Slide 8 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Betreklike foarnamwurden
Oersjoch regels side 47-48 !!!
Brûk dy't / dat  en wa't / wat foar wat earder neamd is. 
Tink derom: dy (oanwizend) en wa (freegjend) is net dy't en wa't.


dy't by de-wurden
De man dy't dêr rint
dat by it-wurden
It famke dat dêr rint
wa't nei ferhâldingswurd
De man fan wa't ik dat krigen haw.
wat nei in hiele sin
Hy is slagge, wat my net ôffoel!
tiidwurd net lyk efter dy't
Ik seach in man fytsen dy't hastich wie.
tiidwurd fuort efter dy
Ik seach in man, dy wie nochal hastich.

Slide 9 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Oanwizende foarnamwurden

Oersjoch regels side 48-49.
Meast foarkommende binne: 
dizze (de-wurden tichtby)
dy (de-wurden fierder fuort)
dit (it-wurden tichtby)
dat (it-wurden fierfuort)
Ljouwert is grut. Yn dy stêd wenje in soad minsken. Sleat is in lyts stedsje, dat hat men sa besjoen.




deselde
dezelfde
itselde
hetzelfde
dyselde
diezelfde
ditselde
ditzelfde
dizze en jinge
deze en gene
dejinge
degene
dyjinge
diegene
itjinge
hetgene
datjinge
datgene
datselde
datzelfde/datgene

Slide 10 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Oanwizende foarnamwurden
Frysk: Jan-en-dy.

Slide 11 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 1
Skriuw fjouwer sinnen en brûk  betreklike en oanwizende foarnamwurden fan it wurdfjild.
timer
2:30

Slide 12 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 2
Oersjoch regels side 49.
Betink by de sinnen in fraach mei help fan de freegjende foarnamwurden út it wurdfjild.

Tink om: wa = wie.
Formeel: hokker.
Ynformeel: watfoar/welke.

Slide 13 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 3
Folje yn: dit, dizze, dat, wat, dy, dy’t of wa’t.
Earst sels neitinke.
Dan yn twatallen beprate.
Dêrnei neisjen.
timer
3:33

Slide 14 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 3
Folje yn: dit, dizze, dat, wat, dy, dy’t of wa’t.

Antwurdboek side 40.

Slide 15 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 4
Skriuw ûndersteande 8 regels foar wurden mei y-lûden op.
Sykje yn de tekst Mollepraat by elke regel in tal wurden op.
koart y-lûd, sletten wurdlid
ein fan in wurd
koart y-lûd, iepen wurdlid
twalûd
lang ii-lûd, sletten wurdlid
i-lûd fan pit
lang ii-lûd, iepen wurdlid
toanleaze e
timer
4:44
De folchoarder by it bepalen fan de stavering is hieltyd: 
wat hearst en yn it gefal fan in koart en lang lûd: is it in sletten of in iepen wurdlid.

Slide 16 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 4 antwurden
koart y-lûd, sletten wurdlid
lytse, dy't, yn, syn, ynhâld, Fryske
koart y-lûd, iepen wurdlid
skiten, titel, kreative, klassiker, fariant
lang ii-lûd, sletten wurdlid
bliid
lang ii-lûd, iepen wurdlid
ein fan in wurd
hy, dy, 
twalûd
dieder, wie, ien
i-lûd fan pit
witte, him, is, dit, sit, dizze, kinne, jildt, springt, geskink
toanleaze e
in, ferantwurdlik, alris, 

Slide 17 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

  Diktee [Boek ticht
 & les diele út]

Slide 18 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Diktee

Slide 19 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Skoft

Slide 20 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 5
Tiidwurdspultsje.
Wurkje yn groepkes fan 3-4.
Begjin by Start en goai om bar mei de dobbelstien. Gean safolle fakjes foarút ast goait hast. Meitsje in sin mei de goede tiidwurdsfoarm. Is it goed, dan meist stean bliuwe. Is it ferkeard, dan moast werom. Meastal kin in sin yn de notiid / doetiid.
timer
5:55

Slide 21 - Tekstslide

Hantlieding lesjouwer side 111.
Neisjen kin mei help fan it boekje Tiidwurden.

ANTWURDEN:
Hantlieding lesjouwer side 46.
Opdracht 5
Antwurden

Slide 22 - Tekstslide

Hantlieding lesjouwer side 111.
Neisjen kin mei help fan it boekje Tiidwurden.
Opdracht 6
Wurkje yn groepkes fan 2-3.
Jim krije kaartsjes mei sinnen en kaartsjes mei wurden.
Folje de ûntbrekkende wurden yn.
Klear? Lês it ferhaaltsje foar.
timer
6:06

Slide 23 - Tekstslide

Hantlieding lesjouwer side 103.

Knip de kaartsjes út.
Opdracht 6

Antwurden.

Klear? Lês it ferhaaltsje foar.

Slide 24 - Tekstslide

Hantlieding lesjouwer side 103.

Knip de kaartsjes út.
Opdracht 7
Ferbetterje de flaters. Soms sitte der mear flaters yn in sin.

List mei ynterferinsjes:
oersjoch regels side 72-73
Algemien 6.

Slide 25 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 8
Wurkje yn twatallen.
Elk twatal set ien of mear sinnen oer nei it Frysk.

  1. Vroeger groetten mensen die aan het wandelen waren elkaar.
  2. Soms met woorden als ‘goeie’ of ‘middei’, maar ook dikwiijls werd de wijsvinger omhoog gestoken, al dan niet gevolgd door ‘heu’ of een andere groet.
  3. Nu gebeurt dat nog wel eens in dorpen.
  4. Wie zoiets in de stad doet, wordt vreemd aangekeken.
  5. Dat wat toen normaal was, is nu meestal verleden tijd.
timer
3:00

Slide 26 - Tekstslide

Yn it Antwurdboek stiet in foarbyldoersetting. Dat wol net sizze dat oare oersettingen altyd ferkeard binne.

Ofwikende oersettingen fan kursisten kinne mei-inoar bepraat wurde. Tink dêrby goed om ynterferinsjes!
Opdracht 8 antwurden

Slide 27 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Tuskenspul

Slide 28 - Tekstslide

Yn it tuskenspul, dat wol sizze alle slaggen nei it jildich weromslaan troch in perkspiler fan in opsleine bal, is it wol tastien mei twa hannen te kearen, of te slaan.
Seeslach
Wurkje yn twatallen. 
Meitsje op dyn hokjespapier twa kear in seeslachskema. Skriuw 6 wurden yn it skema. De wurden meie elkoar net reitsje of kruse. It oare skema bliuwt leech. Om bar neame jim in fakje, b.g. C5.  
As in fakje neamd wurdt dêr't by dyn tsjinstanner in letter stiet, wurdt sein hokker letter oft it is. Folje de letter yn op it lege skema. 
Goed ret = noch in beurt. Mis = beurt foarby.

Slide 29 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Skriuwopdracht eksamenkandidaten
Produkteasken: lesboek side 69. Oersjoch regels side 76.

In pear jier lyn hasto staazjerûn yn it bûtenlân. 
Dyn buorfamke docht deselde oplieding en wol dat ek. 
Sy hat dy om advys frege. Skriuw in mail mei dyn tips.

Slide 30 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Skriuw yn de ik foarm in pear sinnen by ien fan de plaatsjes.
Brûk yn elts gefal ien wurd út de ynterferinsjes fan dizze les.

Slide 31 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Lês mar Frysk
Foar it ferstevigjen fan it wurdbyld is it wichtich om in soad te lêzen. 

Lêstekst yn it antwurdeboek.
Nijsgjirrich om te witten.
Boeketip.

Slide 32 - Tekstslide

Gjalt de Groot - We strûpe derûnder. B
Beskriuwt it libben op 'e Koapleats yn De Alde Feanen fan ein 19e iuw oant de midden fan de 20e iuw.


Foar it ferstevigjen fan it wurdbyld is it wichtich om in soad te lêzen. As lêste stiet der dan noch in Boeketip om it lêzen te stimulearjen.
Húswurk
Opdrachten dy't we yn de les net dien hawwe + 9, 10 en 11: en fertel ús oer in nijsgjirrich wurd / moaie sin dy'tst tsjinkaamst.

Skriuw mar Frysk 2.6.
... jout ús nije wike in boeketip.

Slide 33 - Tekstslide

Alle opdrachten dy’t neisjoen wurde kinne, steane ek op kursus.edufrysk.nl. It húswurk kin sawol dêr as yn it kursusboek makke wurde. 

De lêsteksten binne ek te finen op eduFrysk en kinne dêr foarlêzen wurde.


Slide 34 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies