Frysk - Oersjoch regels - tiidwurden

Frysk - Oersjoch regels tiidwurden
1 / 36
volgende
Slide 1: Tekstslide

In deze les zitten 36 slides, met tekstslides en 2 videos.

Onderdelen in deze les

Frysk - Oersjoch regels tiidwurden

Slide 1 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Slide 2 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Tiidwurden
Wy skriuwe yn it Frysk de tiidwurden sa koart mooglik. 
ik praatte gisteren met haar / ik prate juster mei har.
Brûk foar de d’s en t’s deselde ‘trúkjes’ as yn it Nederlânsk.
Wol of net dt? Ferfang de tiidwurdsfoarm troch de oerienkomstige foarm fan it tiidwurd ‘rinne’.
Kriget dy in t, dan kriget de oare tiidwurdsfoarm dy ek.

Foar mulwurden: Meitsje it mulwurd langer, dan hearst wat der oan de ein fan it mulwurd komme moat.
De regel fan 'T KOFSCHIP kin ek yn it Frysk tapast wurde.

Tiidwurden op –earje krije by in soad foarms brekking.
Ik protestearje – ik protestearre
Do protestearrest – do protestearrest
Hy protestearret – hy protestearre

Slide 3 - Tekstslide

It Frysk hat twa soarten regelmjittige tiidwurden mei in fêst stramyn:
-e tiidwurden
-je tiidwurden

De ûnregelmjittige tiidwurden krije meastal in lûdwiksel yn de doetiid en it mulwurd. Unregelmjittige tiidwurden moatte út de holle leard wurde.

't Kofschip https://youtu.be/9VKwhSd3yq0

Oersjoch regels (23) tiidwurden op -e / je
Lear mar Frysk - basis - Les 1
Skriuw mar Frysk - basis - Les 1, Les 3

Slide 4 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Slide 5 - Video

YouTube
Fryske útlis filmkes.
 Oersjoch regels side 23
 en boekje Tiidwurden side 20.
Skriuw doetiid sa koart mooglik: hy prate, hy antwurde. (útspraak: hy spatte, hy bidde).

Slide 6 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 3 neisjen

De tiidwurden pakke en miene.
Begjin mei de stam fan it tiidwurd: (-e fuortlitte).
Brûk 't kofschip by doetiid en mulwurd: einiget de stam op ien fan de bylûden fan 't kofschip, dan krijst -te. Oars krijst -de.

notiid
doetiid
ik
stam
stam + -te / -de
do
stam + -st
stam + -test / -dest
hy
stam + -t
stam + -te / -de
meartal + jo
stam + -e
stam + -ten / -den
mulwurd
stam + -t / -d

Slide 7 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

ik
fiel
fielde
wenje
wenne
do
fielst
fieldest
wennest
wennest
hy, sy, it
fielt
fielde
wennet
wenne
jo (u)
fiele
fielden
wenje
wennen
wy
fiele
fielden
wenje
wennen
jimme
fiele
fielden
wenje
wennen
sy
fiele
fielden
wenje
wennen
ik
haw field
haw wenne
Let op: 't KOFSCHIP bepaalt of het -t of -d wordt in verleden tijd en volt. deelw.
De regelmatige werkwoorden op -e of op -je

Slide 8 - Tekstslide

't kofschip = as de stam einiget op ien fan de bylûden (medeklinkers) fan it kofschip dan krijt it in t.

Yn it Frysk skriuwe wy de doetiid sa koart mooglik: ik praat - ik prate.

Do ... fan -je tiidwurden yn notiid (tegenwoordige tijd) en doetiid (verleden tijd) beide -est, út kontekst moat blike wat bedoeld wurdt.



ik
fertel
fertelde
wurkje
wurke
do
fertelst
ferteldest
wurkest
wurkest
hy, sy, it
fertelt
fertelde
wurket
wurke
jo (u)
fertelle
fertelden
wurkje
wurken
wy
fertelle
fertelden
wurkje
wurken
jimme
feretelle
fertelden
wurkje
wurken
sy
fertelle
fertelden
wurkje
wurken
ik
haw ferteld
haw wurke
Let op: 't KOFSCHIP bepaalt of het -t of -d wordt in verleden tijd en volt. deelw.
Opdracht 5 Regelmjittige tiidwurden

Slide 9 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Regelmjittige -je tiidwurden
Tiidwurden side 22-23.
Oersjocht regels side 24.

Slide 10 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 3 neisjen

De tiidwurden belje en reagearje.
Begjin mei de stam fan it tiidwurd: (-je fuortlitte).
De kontekst moat by 'do' útwize oft de notiid of doetiid bedoeld wurdt.

Tiidwurden op -earje krije brekking yn de 2e en 3e persoan inkeltal notiid, yn de doetiid en by it mulwurd. Skriuw dan in dûbele r:
ik avesearje = ik haw avesearre.

Stam giet út op d = -zje: wâdzje.
Stam giet út op t = -sje: flechtsje.
notiid
doetiid
ik
stam + -je
stam + -e
do
stam + -est
stam + -est
hy
stam + -et
stam + -e
meartal + jo
stam + -je
stam + -en
mulwurd
stam + -e

Slide 11 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 9 Tiidwurden
Opdracht 4 Tiidwurden

Slide 12 - Tekstslide

It Frysk hat twa soarten regelmjittige tiidwurden mei in fêst stramyn:
-e tiidwurden
-je tiidwurden

De ûnregelmjittige tiidwurden krije meastal in lûdwiksel yn de doetiid en it mulwurd. Unregelmjittige tiidwurden moatte út de holle leard wurde.
Oersjoch regels (25) ûnregelmjittige tiidwurden
Lear mar Frysk - basis - Les 1


(27) list meast frekwinte ûnregelmjittige tiidwurden

Slide 13 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Werkwoorden (= tiidwurden)
Het Fries kent zeven werkwoorden die eindigen op -n.
De werkwoorden op -n zijn altijd onregelmatig.

Alle andere werkwoorden eindigen op -e of -je. 
Deze kunnen regelmatig of onregelmatig zijn. 
De regelmatige werkwoorden worden verbogen volgens een vast schema.
jaan, dwaan, slaan, gean, stean, sjen en tsjen "Ik bin hikke en tein yn Ingelum"

Slide 14 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

ik
ha(w)
hie
bin
wie
wurd
waard
do
hast
hiest
bist
wiest
wurdst
waardst
hy, sy, it
hat
hie
is
wiene(n)
wurdt
waard
jo (u)
hawwe
hiene(n)
binne
wiene(n)
wurde
waarden
wy
hawwe
hiene(n)
binne
wiene(n)
wurde
waarden
jimme
hawwe
hiene(n)
binne
wiene(n)
wurde
waarden
sy
hawwe
hiene(n)
binne
wiene(n)
wurde
waarden
ik
ha(w) hân
ha(w) west
bin wurden
Let op: "Ik ben in Dokkum geweest" = "Ik ha(w) yn Dokkum west" (dus NIET bin west).
De onregelmatige werkwoorden hebben, zijn, worden

Slide 15 - Tekstslide

Dizze tiidwurden moatte út de holle leard wurde. Lês de rychjes even op foar de útspraak. Wiis de kursisten op it mulwurd by wêze, haw west en net bin west.

TIP:
Popkema boekje oer tiidwurden > by alle tiidwurden stiet oft it mulwurd mei 'haw' of 'bin' is.
Oersjoch regels (30) folchoarder tiidwurden
Skriuw mar Frysk - ferfolch - Les 1


(27) list meast frekwinte ûnregelmjittige tiidwurden

Slide 16 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Folchoarder fan tiidwurden
Yn de haadsin stiet de persoansfoarm sa fier mooglik foaroan.
          It famke sil aansten de hûn útlitte moatte.
          Do moatst altyd fytsend thúskomme kinne.
          Dêr silst dochs noch even nei freegje moatte.

Yn de bysin komt de persoansfoarm efteroan te stean.
          Sy leaude net dat dy jonge it famke treaun hat.
          Hy frege my oft ik sitten gean woe.
          Ik fertelde har dat ik aansten te fiskjen soe.
Meastentiids krekt oarsom as Nederlânsk.
Wichtichste tiidwurd (haadtiidwurd) foarop.

Slide 17 - Tekstslide

Meastentiids is de folchoarder fan de Fryske tiidwurden spegele oan de Nederlânske folchoarder,
mar dat giet net altyd op.
‘Ik weet niet of ik daar nu nog zin in zou hebben/hebben zou.’ Yn dy sin binne beide foarms goed yn
it Nederlânsk. Yn it Frysk is mar ien foarm goed: ‘Ik wit net oft ik dêr no noch nocht oan hawwe soe’.
It is dus better om te sizzen dat yn in groepke tiidwurden it belangrykste tiidwurd foaroan stiet.
Tiidwurden
1e kolom = helptiidwurden.
2e kolom = haadtiidwurden.

Haadtiidwurden jouwe de hanneling oan yn de sin. Se fertelle dus wêr’t de sin om draait.

Helptiidwurden jouwe gjin hanneling oan yn de sin, mar sizze wat oer de tiid dêr’t de sin yn stiet. Der kinne ferskillende helptiidwurden yn in sin foarkomme, mar der kin ek gjin helptiidwurd yn de sin stean.
Foarbyld:
Ik sil it boek lêze moatte.

Slide 18 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Folchoarder fan tiidwurden.
Oersjoch regels side 30-33.
Meastentiids is de folchoarder fan tiidwurden yn it Frysk krektoarsom as dy fan it Nederlânsk. Dat is lykwols net altyd it gefal.

Yn it Frysk komt yn in groep mei tiidwurden it wichtichste tiidwurd altyd as earste.
Ik weet niet of ik daar nu nog zin in zou hebben/hebben zou. Ik wit net oft ik dêr no noch nocht oan hawwe soe.
Hij denkt dat hij een slimme opmerking heeft gemaakt/gemaakt heeft.
Hy tinkt dat er in tûke opmerking makke hat.
Yn de haadsin stiet de persoansfoarm sa fier mooglik foaroan yn de sin.
Hy sil moarn de hûn útlitte moatte.

Yn de bysin stiet de persoansfoarm altyd  efteroan.
Ik sei dat ik dat wol dwaan wolle soe.

Is de persoansfoarm in foarm fan hawwe, wêze of wurde, dan stiet der ek in mulwurd yn de sin.
Ik hie it dy noch sizze wollen.
Ik wit net oft er dat al dien hat.

Slide 19 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Oersjoch regels (34) doelfoarm tiidwurden
Lear mar Frysk - basis - Les 8
Skriuw mar Frysk - basis - Les 4
Skriuw mar Frysk - ferfolch - Les 2

Slide 20 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Slide 21 - Video

Deze slide heeft geen instructies

Doelfoarm
Oersjoch regels side 34-36
In drege les omdat it ûnderwerp (doelfoarm) sa ûnbekend is en de measte (ek Frysktalige) minsken der noch nea fan heard hawwe. Dochs is it mooglik dat nei ôfrin fan dizze les sein wurdt: ik wist dan net dat it om de doelfoarm gie, dochs werken ik it ferskynsel wol.

As de doelfoarm goed begrepen wurdt, sil de kwaliteit fan de stikjes tekst dy’t skreaun wurde mei sprongen foarútgean.

Slide 22 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Foarbyldsinnen mei doelfoarm
1.
Wy moatte moarn te boadskipjen.
te + ynfinityf + n
2.
Ik hearde harren praten.
waarnimmingstiidwurd + ynfinityf + n
3.
Hy gie oan de rekstok hingjen.
gean + hingje + n
4.
Ik seach him yn it doarp fytsen.
waarnimmingstiidwurd + ynfinityf + n
5.
Hja sille yn de bosk te draven.
te + ynfinityf + n
6.
Do hast it drinken noch net op.
tiidwurd as haadwurd = ynfinityf + n
7.
Wy bliuwe hjir wenjen.
bliuwe + wenje + n
8.
Jimme komme mar ris te jûnpraten.
komme + te + ynfinityf + n
9.
Sy geane tegearre te reedriden.
gean + te + ynfinityf + n
10.
Bliuwe jimme hjir te sliepen?
bliuwe + te + ynfinityf + n

Slide 23 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Oersjoch regels (34) gean / bliuwe / komme
Lear mar Frysk - basis - Les 8
Skriuw mar Frysk - basis - Les 4

Slide 24 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies



PROBLEEM
It Nederlânske tiidwurd gaan kinst yn kombinaasje mei in oar tiidwurd net altyd letterlik oersette. 

OPLOSSING
Gean kin wol yn kombinaasje mei de tiidwurden sittelizzehingje en stean.
Yn oare gefallen moatst in oare konstruksje meitsje: 
Faak komt it wurdsje te dertusken.
Kinst ‘gean’ ek ferfange troch sille of moatte.
Gaan = gean ...
Ik gean sitten.
Hy giet lizzen.
Wy geane oan de reling hingjen.
Do giest stean.

Gaan = gean te ...
Wy geane te kuierjen.
Ik gean te fiskjen.

Gaan = ferfongen troch sille, begjinne te, moatte
Wy moatte ite.
Wy sille trouwe.
It begjint te reinen.
Opdracht 4 gean

Slide 25 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Gean probleem
As helptiidwurd kinst 'gean' allinnich brûke yn kombinaasje mei lichemshâldingen:
hingjen - lizzen - sitten - stean 

De lytse hûn gie lizzen.
De grutte hûn giet net lizzen.

Slide 26 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Gean oplossing
Wolsto 'gean' brûke as helptiidwurd mar net yn kombinaasje mei 
'hingje - lizze - sitte - stean'?
1. Ik ga eropuit om te ... > Brûk 'te'
Ik gean te wurkjen.
2. Het begint te ... > Brûk 'sil'
It sil reine.
Ik sil jimme wat fertelle.

Slide 27 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies



PROBLEEM
It Nederlânske tiidwurd blijven kinst as helptiidwurd net altyd letterlik oersette. 

OPLOSSING
Bliuwe kin wol yn kombinaasje mei de tiidwurden sittelizzehingjesteanwenjestykjedriuwe en plakke (+ alle tiidwurden dy’t likernôch deselde betsjutting hawwe).
Yn oare gefallen moatst in oare konstruksje meitsje. Faak komt it wurdsje te dertusken.
Soms moat de hiele sin oars wurde.
Blijven = bliuwe ...
Hy bliuwt hjir sitten.
Sy bliuwt lizzen.
Ik bliuw oan de rekstok hingjen.
Do bliuwst yn de hoeke stean.
Sy bliuwe dêr wenjen.
It boatsje bleau net driuwen.
De kaugom bleau oan syn skoech plakken.

Blijven = bliuwe te ...
Wy bliuwe dêr te feestfieren.

Blijven = fuortlitten en de sin oanpast ...
Hy prate mar troch.
Opdracht 4 bliuwe

Slide 28 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Bliuwe probleem
As helptiidwurd kinst 'bliuwe' allinnich brûke om in stilstân oan te jaan: driuwe - hingje - lizze - sitte - stean - stykje - plakke - wenje + -n.
De kaugom bliuwt plakken.
De bern bliuwe lizzen.
It hûs bliuwt stean.
De fiter bliuwt stykjen.
Ik bliuw derby sitten.

Slide 29 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Bliuwe oplossing
Wolsto 'bliuwe' brûke as helptiidwurd mar net om in stilstân oan te jaan?
Fuortlitte of sin ombouwe mei, 'te', 'oan it', 'troch' of 'hâldt mar oan'.
1. De kat hong dêr in healoere.
2. De man bliuwt oan it foeterjen.
3. Hy seurt mar troch.
4. It miaukjen hâldt mar oan.

Slide 30 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

PROBLEEM
It Nederlânske tiidwurd komen kinst as helptiidwurd net altyd letterlik oersette. 
OPLOSSING
Yn it Frysk kinst komme allinne kombinearje mei in bewegingstiidwurd. It hiele tiidwurd krijt dan in –n derefter. Yn oare gefallen moat te of om te ynfoege wurde.

Slide 31 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies



PROBLEEM
It Nederlânske tiidwurd komen kinst as helptiidwurd net altyd letterlik oersette. 

OPLOSSING
Yn it Frysk kinst komme allinne kombinearje mei tiidwurden dy't in beweging útdrukke: fytse, rinne, stowe ensfh. It hiele tiidwurd krijt dan in -n derefter. 

Yn oare gefallen moat te of om te ynfoege wurde.
Komen = komme as beweging:
Der kaam in auto oanriden.
Hy kaam hurd oanfytsen.

Komen = komme as doel:
Sy komt by ús te iten.
Opdracht 4 komme

Slide 32 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Komme probleem
As helptiidwurd kinst 'komme' allinnich brûke ast it troch in ferhâldingswurd (voorzetsel) ferbynst mei in oar tiidwurd (infinitief + -n) om it begjin fan in hanneling of beweging oan te jaan:
Hy komt nêst har sitten.
It bern kaam tusken har yn sitten.

Slide 33 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Komme oplossing
As helptiidwurd kinst 'komme'  fierder allinnich brûke:
1. Ast it oer de wize wêrop hast.
"Sy komt oanriden."
2. Ast it oer it doel fan kommen hast. Brûk '(om)te' + -n
"Sy komt hjir te wenjen."

Slide 34 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

gearstalde tiidwurden
Praat mar Frysk - basis - Les 8

Slide 35 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Gearstalde tiidwurden
Faak mei 'te' en faak tiidsbepaling.

Tsjitske stiet foar de spegel te toskpoetsen.
Pake sit yn de skommelstoel te krantlêzen.
It famke wie oan it blomkesykjen.
Ik moast hjoed autowaskje.
Escher treprint sawat de hiele dei.

Slide 36 - Tekstslide

M.C. Escher is berne yn Ljouwert. Sjoch yn it museum Princessehof.