Lear mar Frysk - module 2 - les 4

Lear mar Frysk module 2 - les 4
1 / 30
volgende
Slide 1: Tekstslide
FriesBeroepsopleiding

In deze les zitten 30 slides, met interactieve quiz, tekstslides en 1 video.

time-iconLesduur is: 60 min

Onderdelen in deze les

Lear mar Frysk module 2 - les 4

Slide 1 - Tekstslide

Les 4: Ik sei noch sa: it kin net!
Ik zei nog zo: het kan niet!

Dizze les giet oer gefaar, warskôfje en help oanbiede.
Wurklist
  • Weromsjen op de les fan ôfrûne wike (húswurk en lochboek beprate)
  • Harkje, lêze en útspraak oefenje (oer gefaar, warskôgje en help oanbiede)
  • Grammatika (doelfoarm en tiidwurden bliuwe - gean - komme)
  • Om thús te dwaan (húswurk)
  • Neigesetsje (dingen dy't ...)

Slide 2 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 8, 9 (brûke we yn de les), 10, 11 en 12.

Slide 3 - Tekstslide

De oefeningen even koart by del rinne om der wis fan te wêzen dat de kursisten snappe wat de bedoeling is.
Foar opdracht 11 praatst mei in oar yn it Frysk bûten de lessen om. It is wichtich datst meardere aksinten hearst.

Slide 4 - Tekstslide

Omrop Fryslân - searje oer skipsbou
Emiel Stoffers hat tsien jier yn de skipsbou wurke.

YouTube
https://youtu.be/XBxum9CcgMM

Opdracht 1

Sykje in stikje út de krante, in tydskrift of op ynternet.

Skriuw yn it koart op wêr't it oer giet en fertel ek watst derfan fynst.

Ik lies op de webside fan Omrop Fryslân oer de aksje fan Buurvrouw & Buurvrouw dy't al sûnt oardel jier alle tongersdeis iten bringe nei dakleazen. It is begûn yn it jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd wie, en se dogge it ein 2022 noch altiten.
Ik fyn it moai dat se it dogge en slim dat it sa moat. It foel my op dat yn it stikje it wurd 'dakleazen' ferkeard skreaun wie, der stie 'dakloazen'.

Slide 5 - Tekstslide

Omrop Fryslân 30 septimber 2022.
Buurvrouw & Buurvrouw fleuret op en bringt iten nei dakloazen.
https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1171976/buurvrouw-en-buurvrouw-fleuret-op-en-bringt-iten-nei-dakloazen


Opdracht 2: harkje, lêze, útspraak
Ik lês de tekst foar, lês mei.
(wol immen in foarlêsbeurt?)

We beprate drege wurden.

Dêrnei beäntwurdzje jim fragen.

Slide 6 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 2: 'Oarkonde, brânprevinsjewike en frachtauto kantele'
De antwurden steane letterlik yn de tekst.
1. Wêrom krigen Jelmer en Sytse in oarkonde útrikt?
2. Koe Anneke al lang fytse?
3. Wat barde der ôfrûne tongersdei yn it park?
4. Wat dienen de jonges?
5. Wat hawwe de omstanners dien?
6. Wat fine de jonges fan alle oandacht?

7. Wêr is foaral omtinken foar yn de Brânprevinsjewike?
8. Wat docht it grutste part fan de minsken by brân?
9. Wat soe de brânwacht graach wolle?

10. Wêr soarge in frachtauto juster foar?
11. Wat siet der yn de frachtauto?
12. Hoelang duorre it foardat alles wer oprêden wie?
Lês de fraach foar en jou antwurd yn in hiele sin.
  1. Jelmer en Sytse krigen in oarkonde foar it rêden fan Anneke.
  2. Nee, Anneke koe noch mar krekt sûnder sydtsjiltsjes fytse.
  3. Anneke fytste mei har mem yn it park, doe't se út de bocht fleach en sa de fiver ynfytste.
  4. De jonges dûkten fuort it wetter yn.
  5. De omstanners hawwe Anneke, har mem en lytse bruorke nei hûs brocht.
  6. De jonges bliuwe nofter.
  7. Der is foaral omtinken foar de skea dy't reek tabringe kin.
  8. It grutste part fan de minsken flechtet troch de reek.
  9. De brânwacht soe graach sjen dat minsken in goed flechtplan hawwe.
  10. In frachtauto soarge juster foar in grutte ravaazje op de A32.
  11. Der siet bûter en tsiis yn de frachtauto.
  12. It duorre trije oeren foardat alles wer oprêden wie.

Slide 7 - Tekstslide

HINT: ast 'sydtsjiltsjes' stadich seist sprekst it goed út en witst ek hoe'tst it skriuwe moatst.
Skriuw (sûnder spiken) op yn it Frysk:
zijwieltjes

Slide 8 - Open vraag

sydtsjiltsjes
Opdracht 3: Harkje en útspraak
  1. Kin ik jo helpe?
  2. Kin ik wat foar jo dwaan?
  3. Sil ik jo helpe mei it oerstekken?
  4. Is der immen dy't my helpe kin?
  5. Wêr is it plysjeburo?
  6. Goed útsjen!
  7. Tink derom!
  8. Net dwaan!
  9. Do moatst net yn it wetter falle.
  10. Der is brân fiederop yn 'e strjitte.
  1. Warskôgje de brânwacht.
  2. Skilje 112.
  3. Mei ik jo telefoan brûke?
  4. Der is in ûngemak bard.
  5. Is der immen ferwûne?
  6. Der moat in dokter komme.
  7. Net op it iis komme!
  8. Dochst foarsichtich?
  9. Net te hurd ride!
  10. Dat is gefaarlik! 
bellen - brandweer - gewond - iemand - snel - uitkijken - waarschuwen 
Yn hokker sin stiet de Fryske oersetting fan:

Slide 9 - Tekstslide

Lês hieltyd earst in sin foar.
De hiele groep seit de sin nei of kursisten krije om bar in beurt om foar te lêzen.
Brûk de ynfolstreekjes om oersettingen op te skriuwen (steane ek achter yn it boek).
Opdracht 4: Wurdskat feiligens
oarkonde
it rêden
dûkte it wetter yn
it wetter út krije
omstanners
yn panyk
goed ôfrûn
brânprevinsjewike
skea  / reek
gefaar
...


brân / brânwacht
flechtet (begjin fan in wurd gjin v)
flechtplan (begjin fan in wurd gjin v)
frachtauto kantele (begjin fan in wurd gjin v)
ravaazje (midden yn in wurd kin v wol, hearst it oan de útspraak)
ôfsletten
oprêden
ferwûne
...
Betink sels noch fiif wurden > tsjinstellingen / synonimen
timer
3:00

Slide 10 - Tekstslide

Bepraat oersettingen (achter yn it boek)
Kursisten betinke der sels wurden fiif by, bygelyks tsjinstellingen / synonimen.
Opdracht 5: dialooch
Wurkje yn twatallen. Skriuw in dialooch (4 sinnen) út. 
Kinst sintsjes fan opdracht 3, 4 en Frysker brûke.
Wês taret op in foarlêsbeurt.
  1. Kin ik wat foar jo dwaan?
  2. Der binne twa auto's by elkoar op riden!
  3. Dochst in bytsje foarsichtich?
  4. ... Dat is gefaarlik!
  5. ... Warskôgje de plysje.
  6. ... Goed útsjen!
timer
5:00

Slide 11 - Tekstslide

Tink nei oer wurdskat en sinsbou mar it mei fonetysk, stavering is net wichtich.

Jou yn 't foar oan de twatallen troch hokker dialooch se foarlêze moatte.
Skoft

Slide 12 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Wat is de folchoarder fan tiidwurden?

Slide 13 - Tekstslide

PREZI Renske van der Meer
https://prezi.com/29wtjssgenik/tiidwurden/

Tiidwurden
De folchoarder fan tiidwurden is yn it Frysk krekt oarsom as yn it Nederlânsk.
Yn in bysin mei twa of mear tiidwurden én yn in haadsin mei mear as twa tiidwurden, wichtichste tiidwurd earst.

Slide 14 - Tekstslide

Lesboek side 47-49 trochnimme !!!
Opdracht 6: folchoarder tiidwurden
Set it lêste part fan de sin yn de goede folchoarder. 

Wurkje it selstannich út en fergelykje dêrnei dyn sinnen mei de buorman/buorfrou. 

Wês taret op in foarlêsbeurt.
Antwurden (wichtichste tiidwurd foarop / bysin)
  1. Ik wist net dat er komme soe.
  2. Hoe fynt hy it dat Jan en Aly trouwe sille.
  3. Dat hiesto net dwaan moatten.
  4. Ik tink dat sy it moai fine sil.
  5. De frouw miende dat se in hiel ein rinne moast.
  6. Sake frege oft er dêr wol wenje koe.
  7. Mei ik sitten gean?
  8. Marchje fynt dat sy bliid wêze moat.
  9. Hy tocht dat de bern sjongen hienen.
  10. Do seist datst de foto besjen silst.
  11. Hy sei dat er in fûgel heard hat.
  12. Ik sjoch dat Reina ek dûnsje kin.
timer
10:00

Slide 15 - Tekstslide

Dit is in werhelling fan de folchoarder fan de tiidwurden.

De kursisten hawwe as húswurk fan les 3 de grammatika trochlêzen en de bybehearrende oefening makke.

Freegje oft eltsenien de útlis begrepen hat. Doch dêrnei dizze oefening.
Grammatika

Slide 16 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Slide 17 - Video

YouTube
Fryske útlisfilmkes [3.16]
18. De -n achter in tiidwurd

https://youtu.be/7l55JuYTb6o

Doelfoarm
Hast alle tiidwurden yn it Frysk einigje yn de doelfoarm 
(het infinitief) op -e of -je.
Yn fjouwer situaasjes einiget de doelfoarm op -n.

LET OP: punt 4 hat noch 
in pear ekstra tûkelteammen!!!
(Lesboek side 61 - 63)
1. nei 'te'
"Wy sille te fiskjen."
2. brûkt as selstannich haadwurd, faak mei in lidwurd
"It iten smakket my net."
3. kombinaasje mei waarnimming 'hearre, sjen, fiele'
"Ik hearde him sjongen."
4. mei 'gean, bliuwe, komme'
"Hy bliuwt sitten."

Slide 18 - Tekstslide

Lesboek side 61-63 trochnimme !!!
Gean probleem
As helptiidwurd kinst 'gean' allinnich brûke yn kombinaasje mei lichemshâldingen:
hingjen - lizzen - sitten - stean 

De lytse hûn gie lizzen.
De grutte hûn giet net lizzen.

Slide 19 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Gean oplossing
Wolsto 'gean' brûke as helptiidwurd mar net yn kombinaasje mei 
'hingje - lizze - sitte - stean'?
1. Ik ga eropuit om te ... > Brûk 'te'
Ik gean te wurkjen.
2. Het begint te ... > Brûk 'sil'
It sil reine.
Ik sil jimme wat fertelle.

Slide 20 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Bliuwe probleem
As helptiidwurd kinst 'bliuwe' allinnich brûke om in stilstân oan te jaan: driuwe - hingje - lizze - sitte - stean - stykje - plakke - wenje + -n.
De kaugom bliuwt plakken.
De bern bliuwe lizzen.
It hûs bliuwt stean.
De fiter bliuwt stykjen.
Ik bliuw derby sitten.

Slide 21 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Bliuwe oplossing
Wolsto 'bliuwe' brûke as helptiidwurd mar net om in stilstân oan te jaan?
Fuortlitte of sin ombouwe mei, 'te', 'oan it', 'troch' of 'hâldt mar oan'.
1. De kat hong dêr in healoere.
2. De man bliuw oan it foeterjen.
3. Hy seurt mar troch.
4. It miaukjen hâldt mar oan.

Slide 22 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Komme probleem
As helptiidwurd kinst 'komme' allinnich brûke ast it troch in ferhâldingswurd (voorzetsel) ferbynst mei in oar tiidwurd (infinitief + -n) om it begjin fan in hanneling of beweging oan te jaan:
Hy komt nêst har sitten.
It bern kaam tusken har yn sitten.

Slide 23 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Komme oplossing
As helptiidwurd kinst 'komme'  fierder allinnich brûke:
1. Ast it oer de wize wêrop hast.
"Sy komt oanriden."
2. Ast it oer it doel fan kommen hast. Brûk '(om)te' + -n
"Sy komt hjir te wenjen."

Slide 24 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Opdracht 6, 9 (brûke we yn de les), 10, 11 en 12.
www.edufrysk.nl
* harkje nei de teksten
* kompjûter sjocht dyn wurk nei

Slide 25 - Tekstslide

De oefeningen even koart by del rinne om der wis fan te wêzen dat de kursisten snappe wat de bedoeling is.
Foar opdracht 11 praatst mei in oar yn it Frysk bûten de lessen om. It is wichtich datst meardere aksinten hearst.
Frysk ferstean & Frysk prate

Slide 26 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Hoefolle dingen?
Op it boerd sjochst in kategory.
Hoefolle dingen kinne jim by dy kategory betinke?
Wurkje yn groepkes fan 3-4 persoanen.

Slide 27 - Tekstslide

Dingen dy't rûn binne.
Dingen dy't lûd meitsje.
Dingen dy't op elektrisiteit wurkje.
Dingen dy't lytser binne as dysels.
Dingen dy't makke binne fan glês.
Dingen dêr't je op sitte kinne.
Dingen dêr't minsken graach nei sjogge.
Wurkje yn twatallen.

Jim kieze in sin út dy't hjir neist stiet en betinke:
- wa't it seit,
- hokker situaasje derby heart,
- wêr't se it oer hawwe.

Fertel it ferhaal oan de groep.
Wêr hawwe we it oer?
Do hast it net? Dan sille we it sûnder dwaan moatte.

It sit fêst, kinst my efkes helpe?

Einlings fûn! Mar no is it te let!

Dat hiest earder betinke moatten.

Slide 28 - Tekstslide

Deze slide heeft geen instructies

Unfeilige situaasjes beskriuwe.
A wit wat der bard is en antwurdet allinnich 'ja' of 'nee'
B stelt fragen om út te finen wat der bard is. 
Wurkje yn twatallen. 
B mei it boerd net sjen.

Slide 29 - Tekstslide

Immen falt yn it wetter.
Immen hat de skonk brutsen.
Der wurdt immen oerfallen.
Immen hat te hurd riden.
Der is wat stellen.
De strjitte is ôfsletten.
Der is brân.
Der is in botsing tusken in fytser en in auto.
Opdracht 7: prate oer 'oanriden'
kin ik helpe
stikken / plysje
oereinkomme
belje / skilje
alles sjoen

giet it wol
alles noch hiel
kinne jo stean
ambulânse
fierste hurd
net útsjoen
tsjûge / sinjalemint
oanjefte dwaan
Do sjochst yn 'e stêd hoe't in âlde man troch in fytser oanriden wurdt. De fytser rydt troch. Do giest nei de man ta en fregest oftst him helpe kinst. Freegje oft er wat stikken hat, oft er sels oereinkomme kin of datst in sike-auto belje moatst. Fertel datsto sjoen hast wat der barde en datst dat ek wol fertelle wolst oan de plysje.
Wurkje yn twatallen: A begjint, B reagearret.
Mooglike reaksjes:
1. Ja, it giet wol, neat stikken, tink ik. Wolst my even oerein helpe?
2. Ik bin op myn holle fallen en myn ankel docht sear.
3. It slagget my net om oerein te kommen.
4. Hasto sjoen wat der bard is? Dy smoarge jonge is trochfytst!

Slide 30 - Tekstslide

Soargje dat der yn wikseljende twatallen wurke wurdt.

Doch de opdracht earst in kear foar mei ien fan de kursisten.

Freegje oft ien twatal it petear foar de groep dwaan wol.