In deze les zitten 20 slides, met interactieve quizzen, tekstslides en 1 video.
Onderdelen in deze les
Taal fan myn hert
31 maaie 2021
Slide 1 - Tekstslide
Weromblik
- Royal Friesians, allegear ynlevere?
- Húswurk yn Searje36
Slide 2 - Tekstslide
Lesdoel
- Oan de ein fan de les kinsto it ferskil tusken sterke en swakke tiidwurden
- Oan de ein fan de les kinsto fiif ferskillen beneame tusken taal en dialekt.
Slide 3 - Tekstslide
Sjen
Sizze
Sitte
Notiid: ik sjoch ('oh'-klank)
Doetiid: ik seach ('ea'-klank)
Mulwurd: ik ha sjoen ('oe'-klank)
Notiid: ik sis ('i'-klank)
Doetiid: ik sei ('ei'-klank)
Mulwurd: ik ha sein ('ei'-klank + n)
Notiid: ik sit ('i'-klank)
Doetiid: ik siet ('ie'-twalûd)
Mulwurd: ik ha sitten ('i'-klank wer)
Slide 4 - Tekstslide
Kies it sterke tiidwurd
A
gean
B
belje
C
prate
D
fertelle
Slide 5 - Quizvraag
Slide 6 - Video
De 9 eleminten fan de Fryske taal
IEN! It Frysk hat politike erkenning. It ryk hat it Frysk offisjeel ta twadde rykstaal ferklearre.
Slide 7 - Tekstslide
TWA! It Frysk hat status. Yn ’e wet stiet datst yn ’e rjochtseal, by de gemeente, op it plysjeburo Frysk prate meist. It Frysk hat ek status omdat it in fak is op skoalle.
Slide 8 - Tekstslide
TRIJE! It Frysk hat in taalhistoarje. In histoarje fan jewelste! It Frysk is nammentlik al hiel âld, noch âlder as it Nederlânsk. It Aldfrysk waard yn it jier 500 al sprutsen.
Slide 9 - Tekstslide
FJOUWER! It Frysk hat in rike wurdskat. Der binne in hiel soad moaie Frysk-eigen wurden. It Frysk liket yn guon gefallen sels op it Ingelsk. Sleutel? Yn it Ingelsk is dat key, yn it Frysk kaai. Samen? Together en tegearre. Grappich no?
Slide 10 - Tekstslide
FIIF! It Frysk hat eigen kombinaasjes fan lûden en bylûden. Fryske klanken as ie, ea, iuw, oe meitsje fan it Frysk in sjongerige taal. Singer-songwriters, dichters en skriuwers wurkje graach mei sa’n rike taal.
Slide 11 - Tekstslide
SEIS! It Frysk hat eigen regels foar it foarmjen fan wurden. Dat binne regels dy’tst yn oare talen net tsjin komst, dat makket de taal unyk.
Slide 12 - Tekstslide
SÂN! It Frysk hat ek eigen stavering- en grammatikaregels.
Slide 13 - Tekstslide
ACHT! It Frysk wurdt praat en skreaun. Sa’n 440.000 tûzen minsken prate de taal alle dagen. Minsken appe, maile en stjoere elkoar kaartsjes en brieven yn it Frysk.
Slide 14 - Tekstslide
NJOGGEN! It Frysk wurdt net inkeld privee, mar ek yn it offisjele libben brûkt. Sa hat Fryslân syn eigen radio en telefyzje: Omrop Fryslân. Mar ek Fryske literatuer: Fryske skriuwers en dichters skriuwe de moaiste boeken en gedichten yn harren taal fan it hert.
Slide 15 - Tekstslide
Opdracht:
Harseskrabje alfêst oer watst yn it filmke sjenlitte wolst. Betink 3 dingen dy't net ûntbrekke meie.