Lear mar Frysk - module 2 - les 6

Lear mar Frysk module 2 - les 6
Der op út yn Fryslân: Tsjerkepaad & Stichting Alde Fryske tsjerken.
1 / 31
next
Slide 1: Slide
FriesBeroepsopleiding

This lesson contains 31 slides, with interactive quizzes, text slides and 1 video.

time-iconLesson duration is: 60 min

Items in this lesson

Lear mar Frysk module 2 - les 6
Der op út yn Fryslân: Tsjerkepaad & Stichting Alde Fryske tsjerken.

Slide 1 - Slide

Les 6 Is hjir noch wat te rêden?
Valt hier nog iets te beleven?

Dit is in les oer it freegjen fan ynformaasje.

Tsjerkepaad
https://www.tsjerkepaad.nl/

Stichting Alde Fryske Tsjerken
https://aldefrysketsjerken.nl/

Wurklist
  • Weromsjen op de les fan ôfrûne wike (húswurk en lochboek beprate)
  • Harkje, lêze en útspraak oefenje (oer it freegjen en jaan fan ynformaasje)
  • Grammatika (lidwurden en ferhâldingswurden = voorzetsels)
  • Om thús te dwaan (húswurk)

Slide 2 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 6, 89 (dogge we aanst), 10, 11 en 12.

Slide 3 - Slide

This item has no instructions

Eigenskipswurden
Hylper skilderwurk, Workumer & Makkumer ierdewurk

Slide 4 - Slide

EduFrysk opdracht 8
Ik haw oan de Afûk trochjûn dat dizze opdracht yn Edufrysk net kloppet.
Wat is de goede oersetting fan:
Wat zou je toeristen
graag willen laten zien?
A
Wat soest toeristen graach wolle litte sjen?
B
Wat soest toeristen graach sjen litte wolle?

Slide 5 - Quiz

B Wat soest toeristen graach sjen litte wolle.

Tiidwurdfolchoarder krekt oarsom as Nederlânsk.
Opdracht 1

Wat soesto toeristen graach 
fertelle wolle oer dyn eigen stêd, doarp of earne yn Fryslân? 
Skriuw in reklamepraatsje om se dêrhinne te krijen.
Boppe op 'e Seedykster Toer by Marrum sjochst de eachein foarby oer it Noarderleech en it Waad.
Op 'e dyk fynst it Timpeltsje fan Ids.

Slide 6 - Slide

Het Lage Noorden van Stephan Valk en Sandra Jansen.
https://www.natuurlijknoorden.nl/friesland/dagje-uit-friesland/de-seedykstertoer/

De Timpel fan Ids Willemsma
https://nl.wikipedia.org/wiki/De_Timpel_fan_Ids



Opdracht 10
Betink by elk haadwurd sa'n fjouwer eigenskipswurden.


De ... kat.
De ... bank.
It ... hûs.
It ... iten.

Slide 7 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 2 Tresoar

Slide 8 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 2: harkje, lêze, útspraak
Ik lês de tekst foar, lês mei.
(wol immen in foarlêsbeurt?)

We beprate drege wurden.

Dêrnei beäntwurdzje jim fragen.

Slide 9 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 2: 'Tresoar'
De antwurden steane yn de tekst.
1. Wat is Tresoar?
2. Wat hat Tresoar njonken Frysk erfgoed?
3. Wat is de omfang fan de samling boeken?
4. Hokker boeken meitsje dêr ek in part fan út?
5. Wêr hat Tresoar abonneminten op?
6. Wêr is spesjaal omtinken foar yn de útstallingsromte?
7. Wat wol Tresoar mei syn kolleksjes?
8. Wat binne skienis en literatuer?
9. Yn hokker foarm makket Tresoar ferrassende presintaasjes?
10. Wat is der noch mear yn it gebou?
11. Wat kinne besikers op de stúdzjeseal dwaan?
12. Wa kinne jo dêrby helpe?
Lês de fraach foar en jou antwurd yn in hiele sin.
  1. Tresoar is in biblioteek, in argyf en in museum yn ien.
  2. In grutte kolleksje wittenskiplike boeken oer û.o. skiednis, godstsjinst, rjocht en filosofy.
  3. De samling boeken hat likernôch in omfang fan 650.000 stiks.
  4. De boeken fan de eartiidske Frjentsjerter Universiteit en it Hof fan Fryslân. 
  5. Tresoar hat abonneminten op likernôch tûzen tysdskirften.
  6. Der is spesjaal omtinken foar alle winners fan de grutte Fryske literatuerpriis, de Gysbert Japicxpriis.
  7. Tresoar wol syn kolleksjes graach sichtber meitsje.
  8. Skiednis en literatuer binne fitale eleminten yn ús maatskippij.
  9. Tresoar makket ferrassende presintaasjes yn de foarm fan útstallings, lêzings, sympoasia, festivals ensfh.
  10. Yn it gebou binne ek noch in bioskoopromte, in kaartekammenet en eksposysjeromte.
  11. Besikers kinne boeken liene en argyfstikken oanfreegje en bestudearje.
  12. In saakkundich team fan meiwurkers kin jo dêrby behelpsum wêze.

Slide 10 - Slide

HINT: ast 'godstsjinst' stadich seist witst ek hoe'tst it skriuwe moatst.
û.o. = ûnder oare = onder andere
likernôch = ongeveer
ensfh. = ensafuorthinne = enzovoort
Wat is in geef Fryske oersetting fan:
godsdienst

Slide 11 - Open question

godstsjinst
Skoft

Slide 12 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 3: Harkje en útspraak
  1. Mei ik jo wat freegje?
  2. Hawwe jo wat mear ynformaasje oer dy boattocht?
  3. Hoelang duorret de kuiertocht?
  4. Wat binne de iepeningstiden fan it museum?
  5. Kin ik hjir kaartsjes keapje?
  6. Is it mooglik om kaarten te reservearjen?
  7. Hoe let begjint de foarstelling?
  8. Wat is der yn Ljouwert te besjen?
  9. Rydt der in bus nei it sintrum?
  10. Kinne we tichtby parkearje?
  1. Hoe let giet de lêste trein?
  2. Wat is der dit wykein te rêden?
  3. Wat is de tagongspriis?
  4. Kinne we mei pin betelje?
  5. It spyt my, ik kin jo net fierder helpe.
  6. Sorry, dat wit ik net.
  7. Ik sil it even foar jo neifreegje.
  8. Hjir is in plattegrûn fan de stêd.
  9. Ik stjoer jo wol wat ynformaasje ta.
  10. Miskien witte se dat by de VVV.
centrum - duurt - hoe laat - navragen - reserveren - te beleven - te bezichtigen - vragen  
Yn hokker sin stiet de Fryske oersetting fan:

Slide 13 - Slide

Lês hieltyd earst in sin foar.
De hiele groep seit de sin nei of kursisten krije om bar in beurt om foar te lêzen.
Brûk de ynfolstreekjes om oersettingen op te skriuwen (steane ek achter yn it boek).
Opdracht 4: Wurdskat Tresoar
biblioteek
argyf
museum
útstalling
ynformaasje
boeken
dokuminten
kaarten
kolleksje
...


lêzings
sympoasia
kaartekabinet (kammenet = kast, kabinet = útstalling)
atlassen
eksposysje
stúdzjeseal
saakkundich
behelpsum
kompjûter
ûndersyk
triedleas ynternet
...
Betink sels noch fiif wurden > tsjinstellingen / synonimen
timer
3:00

Slide 14 - Slide

Bepraat oersettingen (achter yn it boek)
Kursisten betinke der sels wurden fiif by, bygelyks tsjinstellingen / synonimen.
Opdracht 5: dialooch
Wurkje yn twatallen. Skriuw in dialooch (4 sinnen) út. 
Kinst sintsjes fan opdracht 3, 4 en Frysker brûke.
Wês taret op in foarlêsbeurt.
  1. ... It spyt my, dêr wit ik neat fan ôf.
  2. .Wy wolle graach nei de nije foarstelling fan Tryater.
  3. ... ... Wat binne de iepeningstiden?
  4. Wat is der yn Snits te dwaan (te rêden)?
  5. ... Ik sil it even foar jo neifreegje.
  6. ... ... Kinne we mei de pin betelje?
timer
5:00

Slide 15 - Slide

Tink nei oer wurdskat en sinsbou mar it mei fonetysk, stavering is net wichtich.

Jou yn 't foar oan de twatallen troch hokker dialooch se foarlêze moatte.
Eigenskipswurden & Graadbûging
De triemichste grutste spûnzigste fetste hamburger.

Slide 16 - Slide

Triemich = ranzig
timer
10:00
Opdracht 6: Betink by de bisten eigenskipswurden. 
Fergrutsjende trep
1. de ko
2. it hynder
3. de baarch
4. it skiep
5. de fisk
6. de slang
7. de krokodil
8. de liuw
9. it nylhoars
10. de mich
Oertreffende trep
11. de hin
12. de ein
13. de ezel
14. de oaljefant
15. de foks
16. de aap
17. de sjiraffe
18. de bij
19. de bear
20. de knyn
De kat is aardiger as de hûn.                   
De hûn blaft it lûdst.

Slide 17 - Slide

Dit is in werhelling fan de eigenskipswurden en de graadbûging.

De kursisten hawwe as húswurk fan les 5 de grammatika trochlêzen en de bybehearrende oefening makke.

Freegje oft eltsenien de útlis begrepen hat. Doch dêrnei dizze oefening.
Grammatika

Slide 18 - Slide

This item has no instructions

Slide 19 - Video

YouTube [1:43]
Fryske útlisfilmkes 14 De spaasje yn kombinaasje mei de apostrof 
https://youtu.be/hO6K7fT8aRI
Lidwurden
Fan 't simmer op in waarme dei sieten Gurbe en Loltsje neist de auto yn 'e berm. De holle moai yn 't skaad en oan 't praat te hearren hiene se it wakker nei 't sin. Nei 't bakje kofje giene se op 'e tiid wer nei hûs.

Slide 20 - Slide

FOTO Bermtoerisme www.Stefenfen.nl.
Yn it Frysk wurde lidwurden faak ôfkoarte ta 'e en 't.
Fan 't simmer =  't yn fêste kombinaasje.
De holle = FR de, NED het.
It sin = betsjuttingsferskil tusken 'de sin' = de zin taalkundich en 'it sin' = het humeur
Op 'e tiid = FRYSk wol in lidwurd.

ûnbepaald lidwurd
in
in teekopke.
bepaald manlik, froulik en meartal
de
'e
'e nei in koart ferhâldingswurd: yn 'e auto, oan 'e doar.
ûnsidich inkeltal en ferlytsing
it
't
Ik sjoch troch it rút fan 't hûs.
Fêste kombinaasjes
Yn 'e hûs (it hûs), oan 'e praat (it praat). Fan 't simmer.
FR WOL in lidwurd
op 'e strjitte (op straat), op 'e tiid (op tijd), yn 'e brân (in brand).
FR it (NED de)
it
it wang, burd, boarst, ankel, kin, slaad, laad, plak, brief, skouder, kût, boadskip, finsterbank, fabryk, sop, skaad.
FR de (NED het)
de
de holle, skonk, fôle, baarch, hikke, oere, mar
Betsjutting feroaret
de seal - it seal, de Skrift - it skrift, de sin - it sin, de moed - it moed, de stof - it stof, de minske - it minske, de hier - it hier.

Slide 21 - Slide

Lesboek side 89-90.
Ferhâldingswurd = voorzetsel.

LET OP: skriuwst it lidwurd yn ferkoarte foarm, mei in apostrof, dan bliuwt it in apart wurd en hat it dus in spaasje foar 'e en foar 't.

Hoe soargest dat de komma de goede kant op wiist?
- twa losse '' en de ferkearde fuorthelje.
- yn Word: Ctrl (de control knop) yndrukke en dan twa kear ' (de komma neist de <enter>)
     yn          op         ûnder      efter         foar   
   boppe       ûnder         tusken         neist        

Slide 22 - Slide

NED  beneden / onder FR ûnder.
in
voor
buiten
tegen
bij
zonder
boven
aan
achter
naast
yn
boppe
by
tsjin
neist
bûten
oan
foar
sûnder
efter

Slide 23 - Drag question

by = bij
oan = aan
sûnder = zonder
efter = achter
yn = in
tsjin = tegen
boppe = boven
foar = voor
neist = naast
bûten = buiten


Ferhâldingswurden
Nei in koart ferhâldingswurd 'e / 't:
yn 'e brân, fan 't slot.
Skieding fan ferhâldingswurden:
fan njoggen oere ôf, foar de tsjerke oer.
Ferhâldingswurd mei efteroan:
Swimmen hâld ik net fan
Syn earlikens twifelje ik oan.

Sjoch nei de list hjirnjonken mei 
ferskillen tusken Frysk en Nederlânsk wat ferhâldingswurden oanbelanget.


Slide 24 - Slide

Lesboek side 90-91.

Ferhâldingswurden kinst foar of achter in haadwurd sette: op 'e kast, fanwegen de fakânsje, de tún yn.

Hy sprong oer it stek hinne. (hij sprong over het hek).

Frysk ferstean & Frysk prate

Slide 25 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 7: prate oer 'Yn it restaurant'
ôfspraak
ôfrekkenje
in neigesetsje
fernimme
roppich
fegetarysk

bôle as foargesetsje
hokker datum en tiid
trije haadgerjochten
ythúske / restaurant
mei likernôch fyftjin persoanen
Do giest nei in restaurant om in ôfspraak te meitsjen foar jim kursusgroep dy't in kear delkomme wol om te iten. De fertelst dat der likernôch fyftjin persoanen komme sille, op hokker datum en om hokker tiid oft jimme komme sille en wat elkenien graach ite wol. Jim wolle yn elk gefal earst in bôleplankje foarôf. It soe aardich wêze as minsken kieze kinne tusken trije haadgerjochten, dêrûnder ien mei fisk. Do fregest ek hokker neigesetsjes oft der binne. Freegje oft der yn ien kear ôfrekkene wurde moat.
Wurkje yn twatallen: A begjint, B reagearret.
Mooglike fragen:
1. Goejûn, kin ik helpe?
2. Mei hoefolle persoanen binne jim?
3. Wolle jimme fan de kaart bestelle of allegearre itselde ite?
4. Wy hawwe leaver net dat eltsenien apart ôfrekkenet.

Slide 26 - Slide

Soargje dat der yn wikseljende twatallen wurke wurdt.

Doch de opdracht earst in kear foar mei ien fan de kursisten.

Freegje oft ien twatal it petear foar de groep dwaan wol.
Opdracht 8, 9 (brûke we yn de les), 10, 11 en 12.
www.edufrysk.nl
* harkje nei de teksten
* kompjûter sjocht dyn wurk nei

Slide 27 - Slide

De oefeningen even koart by del rinne om der wis fan te wêzen dat de kursisten snappe wat de bedoeling is.
Foar opdracht 11 praatst mei in oar yn it Frysk bûten de lessen om. It is wichtich datst meardere aksinten hearst.
Omrop Fryslân
It waar

Slide 28 - Slide

https://www.omropfryslan.nl/fy/waar

We dogge krekt as bin ik in marsmantsje en begryp ik neat fan de gewoane dingen hjir op ierde.
Jim sjogge hjirneist in wurd ferskinen en dêr stel ik fragen oer. Jou antwurd.

Hjir komme de dingen dêr't it marsmantsje neat fan begrypt.

  • skip
  • lampe
  • banaan
  • muzyk
  • kofje
  • telefoan
  • tafel
Bygelyks: auto.
Marsmantsje: "wat is in auto?"
A: "Minsken reizgje yn auto's."
Marsmantsje: "Wat is reizgje?"
B: "dat dogge minsken om fan it iene plak nei it oare te kommen."
Marsmantsje: "Hoe sjocht in auto derút?"
C: ...

Slide 29 - Slide

This item has no instructions

Lis út hoe'tst nei hûs reizgest.

Slide 30 - Slide

https://www.fryslan.frl/kaart-van-fryslan


Wa heart by wa
Elts kriget in kaartsje mei in fraach of mei in antwurd.
Fraach en antwurd hearre byelkoar.
Set dyn fraach/antwurd oer nei it Frysk.
Rin troch elkoar en stel dyn fraach / jou dyn antwurd.
De bedoeling is datst in goede kombinaasje sikest fan fraach & antwurd.

Slide 31 - Slide

De kaartsjes fynst yn de dosintehantlieding op side 43.