Skriuw mar Frysk - ferfolch - les 1 (Pippi Langkous)

Skriuw mar Frysk - ferfolch - les 1
1 / 35
next
Slide 1: Slide
FriesBeroepsopleiding

This lesson contains 35 slides, with interactive quizzes and text slides.

time-iconLesson duration is: 120 min

Items in this lesson

Skriuw mar Frysk - ferfolch - les 1

Slide 1 - Slide

This item has no instructions

Wurklist
  • Yn 'e kunde komme
  • Praktyske saken: fakânsje, kofje/tee
  • Lesboeken en koade Edufrysk
  • Folchoarder fan tiidwurden en it mulwurd
  • Stavering ú / u en -um / -em
  • Ynterferinsjes
  • Húswurk: Skriuw mar Frysk / in mail mei in klacht

EduFrysk
Yrema3

Slide 2 - Slide

This item has no instructions

Yn 'e kunde komme
  1. Skriuw trije dingen op dy'tst graach witte wolst fan de oare kursisten.
  2. Stel dyn fragen oan dyn buorman/frou.
  3. Stel dyn buorman/frou foar oan de groep.
timer
5:00

Slide 3 - Slide

This item has no instructions

Yn 'e kunde komme.
Elk jout antwurd op de fraach dy't op it boerd komt.

Slide 4 - Slide

This item has no instructions

A-eksamen
Eksamen dwaan mei, mar hoecht net. B2-nivo is it taalnivo fan it A-eksamen. 

By it eksamen wurde punten takend foar it foldwaan oan de produkteasken en de struktuer, foar de stavering, grammatika en tiidwurden en foar taaleigen.

Slide 5 - Slide

Yn de twadde module binne de skriuwopdrachten wat langer en dreger. 

Oan de ein fan de kursus moatte de
kursisten op B2-nivo sitte en yn de lêste lessen sitte de skriuwopdrachten dan ek op dat nivo.



Buorfrou hat myn hier ...
A
knippe
B
knipje
C
knipt
D
knipd

Slide 6 - Quiz

Alle lessen begjinne mei in tal fragen út Blinder of blunder fan PraatmarFrysk.nl.

Hokker sin is goed skreaun?
A
De ponni is wol wat briek.
B
De ponny is wol wat briek.
C
De ponny is wol wat bryk.
D
De ponnie is wol wat briik.

Slide 7 - Quiz

This item has no instructions


Wat is it Nederlânske wurd foar in 'frissel'?
A
vlecht
B
knotje
C
krul
D
staart

Slide 8 - Quiz

This item has no instructions


Wat is de goede skriuwwize: it hier ...
A
ferfje
B
vervje
C
verfje
D
fervje

Slide 9 - Quiz

This item has no instructions

  Diktee
[Boek ticht & les diele út]

Slide 10 - Slide

This item has no instructions

Diktee ú/u en um/em

Slide 11 - Slide

Basearre op:
We strûpe derûnder
Gjalt de Groot

Skoft

Slide 12 - Slide

This item has no instructions

Stavering
 ú/u -um/-em
Wurkje yn twatallen. 

Folje foar eltse kolom de regel yn. Folje de foarbyldwurden oan. 

Slagget it sûnder hints?
timer
5:00

Slide 13 - Slide

HINTS
iepen wurdlid
oan 'e ein fan in wurd
NED -um
NED -zaam
oare wurden
plaknammen
sletten wurdlid útspraak koart
sletten wurdlid útspraak koart en lang

Stavering ú/u -um/-em
iepen wurdlid = open lettergreep
sletten wurdlid = gesloten lettergreep
ú
yn sletten wurdlid > útspraak koart en lang
tút, sprút, rút, nút (koart), drúf (lang)
u
yn sletten wurdlid > útspraak
put, grut, stumper, wurch
u
altyd yn iepen wurdlid
tuten, ruten, spruten, druven
u
altyd oan 'e ein fan in wurd
akku, menu
-um
yn plaknammen
Dokkum, Weidum
-um
yn it Nederlânsk ek -um
fisum (visum), sintrum (centrum), foarum (forum)
-um
yn it Nederlânsk -zaam
iensum (eenzaam), riedsum (raadzaam)
-em
oare wurden
biezem (bezem), boaiem (bodem), stikem (stiekem)
(oersjoch regels side 7)

Slide 14 - Slide

In belangryk útgongspunt yn dizze skriuwkursus is dat de kursisten net allinne de regels leare, mar dat se ek
stimulearre wurde om op wurdbyld te staverjen. Om it wurdbyld te ferstevigjen wurde der wurdfjilden jûn by
elk staveringsûnderdiel mei dêrby in opdracht. Dêrnei folget de útlis fan it staveringsûnderdiel. De útlis stiet
yn it boek Oersjoch regels. Dêr kinne de kursisten de útlis letter nochris neilêze. De útlis wurdt folge troch in
ynfolopdracht en in diktee.
Tiidwurden
(oersjoch regels side 27)
Haadtiidwurden jouwe de hanneling oan yn de sin. Se fertelle dus wêr’t de sin om draait.

Helptiidwurden jouwe gjin hanneling oan yn de sin, mar sizze wat oer de tiid dêr’t de sin yn stiet. Der kinne ferskillende helptiidwurden yn in sin foarkomme, mar der kin ek gjin helptiidwurd yn de sin stean.
Foarbyld:
Ik sil it boek lêze moatte.
Helptiidwurden
Haadtiidwurden
wêze
dwaan
hawwe
rinne
wurde
lêze
bliuwe
fytse
kinne
witte
litte
bringe
meie
skriuwe
moatte
krije
sille
ite
wolle
tinke

Slide 15 - Slide

This item has no instructions

Folchoarder fan tiidwurden.
Oersjoch regels side 30-33.
Meastentiids is de folchoarder fan tiidwurden yn it Frysk krektoarsom as dy fan it Nederlânsk. Dat is lykwols net altyd it gefal.

Yn it Frysk komt yn in groep mei tiidwurden it wichtichste tiidwurd altyd as earste.
Ik weet niet of ik daar nu nog zin in zou hebben/hebben zou. Ik wit net oft ik dêr no noch nocht oan hawwe soe.
Hij denkt dat hij een slimme opmerking heeft gemaakt/gemaakt heeft.
Hy tinkt dat er in tûke opmerking makke hat.
Yn de haadsin stiet de persoansfoarm sa fier mooglik foaroan yn de sin.
Hy sil moarn de hûn útlitte moatte.

Yn de bysin stiet de persoansfoarm altyd  efteroan.
Ik sei dat ik dat wol dwaan wolle soe.

Is de persoansfoarm in foarm fan hawwe, wêze of wurde, dan stiet der ek in mulwurd yn de sin.
Ik hie it dy noch sizze wollen.
Ik wit net oft er dat al dien hat.

Slide 16 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 1
Skriuw trije sinnen mei dêryn mear as ien tiidwurd. 
Brûk de tiidwurden dy't hjirnêst jûn wurde.
Foarbyld:
Ik sil it boek lêze moatte.
Helptiidwurden
Haadtiidwurden
wêze
dwaan
hawwe
rinne
wurde
lêze
bliuwe
fytse
kinne
witte
litte
bringe
meie
skriuwe
moatte
krije
sille
ite
wolle
tinke

Slide 17 - Slide

MEAR FOARBYLDSINNEN
Ik hie dat graach dwaan wollen.
Wy sille in antwurd skriuwe moatte.
Ik wit net oft er it boek lêzen hat.
Do tinkst dat wy hjir ite moatte.
Opdracht 2
Meitsje de sinnen ôf mei de tiidwurden dy’t tusken heakjes steane. Set de tiidwurden yn de juste folchoarder en jou de goede tiidwurdsfoarm.

Slide 18 - Slide

Alle antwurden fan dy opdrachten steane yn it Antwurdboek, sadat kursisten de opdrachten sels neisjen kinne. As it op eduFrysk makke wurdt, wurdt it neisjoen troch de kompjûter. 
Opdracht 2
Neisjen.

Slide 19 - Slide

This item has no instructions

Tuskenspul

Slide 20 - Slide

Yn it tuskenspul, dat wol sizze alle slaggen nei it jildich weromslaan troch in perkspiler fan in opsleine bal, is it wol tastien mei twa hannen te kearen, of te slaan.
Wurdketting
Wurkje yn groepkes fan 3-4.
Elk groepke kriget in begjinletter. Betink in wurd mei dy letter. De lêste letter fan dat wurd is de earste letter fan in nij wurd. Ensfh. 
Kloppet de stavering? Hokker team hat in wurdketting makke mei de measte goede wurden?
timer
3:00
bank - klasse - ensafuorthinne

Slide 21 - Slide

Begjinletters:
B foar team 1
R foar team 2
S foar team 3
F foar team 4
T foar team 5
Opdracht 3
  1. Sykje fiif tiidwurden út de tekst Tûk talmje of út it diktee (sjoch antwurdboek, side 7-8). 
  2. Meitsje mei elk tiidwurd in sin: 
  3. Skriuw twa sinnen yn de notiid.
  4. Skriuw twa sinnen yn de doetiid.
  5. Skriuw ien sin yn de folsleine tiid (mei in mulwurd).
  6. Meitsje dêr no in koart ynfolleske foar de buorman/-frou fan.
Foarbyld: Ik (stean, doetiid) hjir al lang te wachtsjen.
timer
4:44

Slide 22 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 4
Efkes tuskentroch (side 12).
Lês it ferhaaltsje en besykje de fetprinte wurden te ferfangen troch synonimen of oare omskriuwingen.

Tip: www.taalweb.frl.

Slide 23 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 5
Ferbetterje de flaters. Soms sitte der mear flaters yn in sin.

List mei ynterferinsjes:
oersjoch regels side 67-68
Liif en sûnens 2
Oer sifers en tiden

Slide 24 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 5
Antwurdboek side 8.

Wurkje yn groepkes fan 2-3.
Lês om bar in goede sin foar.

Slide 25 - Slide

This item has no instructions

Ynstruksje foar it oersetten.

Slide 26 - Slide

Yn it Antwurdboek stiet in foarbyldoersetting. Dat wol net sizze dat oare oersettingen altyd ferkeard binne.

Ofwikende oersettingen fan kursisten kinne mei-inoar bepraat wurde. Tink dêrby goed om ynterferinsjes!
Opdracht 6
Wurkje yn twatallen.
Elk twatal set ien of mear sinnen oer nei it Frysk.

  1. Ik heb de scharen laten slijpen. Dus die zouden nu wel moeten willen knippen.
  2. Als jullie dat straks even zouden willen proberen, lieve collega’s? 
  3. Dan weten wij hoe de vlag erbij zal hangen, als morgen de klas weer vol zal stromen met vijftien lieve kleutertjes die graag weer willen knippen.
  4. Ik denk dat ze snel zullen merken dat de scharen niet meer stomp zijn.
timer
3:00

Slide 27 - Slide

Yn it Antwurdboek stiet in foarbyldoersetting. Dat wol net sizze dat oare oersettingen altyd ferkeard binne.

Ofwikende oersettingen fan kursisten kinne mei-inoar bepraat wurde. Tink dêrby goed om ynterferinsjes!
Opdracht 6 foarbyld antwurden

Slide 28 - Slide

This item has no instructions

Skriuwopdracht eksamenkandidaten
Produkteasken: lesboek side 12. Oersjoch regels side 76.

Do hast in ferbouwing oan it hûs dwaan litten troch de pleatslike oannimmer. Op de rekken dy’tst dêrnei krigest, is mear yn rekken brocht as ôfpraat wie. Skriuw in mail datst it der net mei iens bist.

Slide 29 - Slide

This item has no instructions

Skriuw in pear sinnen by ien fan de plaatsjes.
Brûk yn elts gefal ien wurd út de ynterferinsjes fan dizze les.

Slide 30 - Slide

This item has no instructions

Lês mar Frysk
Foar it ferstevigjen fan it wurdbyld is it wichtich om in soad te lêzen. 

Lêstekst yn it antwurdeboek.
Nijsgjirrich om te witten.
Boeketip.

Slide 31 - Slide

Foar it ferstevigjen fan it wurdbyld is it wichtich om in soad te lêzen. As lêste stiet der dan noch in Boeketip om it lêzen te stimulearjen.
Húswurk
Opdrachten dy't we yn de les net dien hawwe + 7,  8, 9 en fertel ús oer in nijsgjirrich wurd / moaie sin dy'tst tsjinkaamst.

Skriuw mar Frysk 2.1.
... jout ús nije wike in boeketip.

Slide 32 - Slide

Alle opdrachten dy’t neisjoen wurde kinne, steane ek op kursus.edufrysk.nl. It húswurk kin sawol dêr as yn it kursusboek makke wurde. 

De lêsteksten binne ek te finen op eduFrysk en kinne dêr foarlêzen wurde.


Neigesetsje

Slide 33 - Slide

This item has no instructions

Fryske runen
423-525 Skanomodu 
Skjin/skientme-moed

Slide 34 - Slide

Boarne:
Reitze J. Jonkman & Arjen P. Versloot.
Tuskentalen - it ferhaal fan de Fryske taal, side 24.

Slide 35 - Slide

This item has no instructions