This lesson contains 27 slides, with interactive quizzes and text slides.
Lesson duration is: 30 min
Items in this lesson
Untdek it Planetarium!
Slide 1 - Slide
Wat sjochst hjir?
Slide 2 - Slide
Seachst krekt it bysûndere plafond yn de wenkeamer fan Eise Eisinga
Plafond
Slide 3 - Slide
Oan ’e ein fan ’e les:
witst wa’t Eise Eisinga wie.
witst wat in planetarium is.
witst yn hokker tiid oft Eise libbe.
bist goed taret op dyn besite oan it Planetarium.
Lesdoelen
Slide 4 - Slide
Wa wie Eise Eisinga?
Eise waard yn 1744 berne yn Dronryp.
Slide 5 - Slide
Slide 6 - Map
Wa wie Eise Eisinga?
Syn bertehûs stiet dêr noch altyd!
Slide 7 - Slide
Wa wie Eise Eisinga?
De heit fan Eise hie in berop dat no net mear bestiet. Sjochst it hjirneist. Wat tinkst dat hy die?
Tip
Slide 8 - Slide
Wa wie Eise Eisinga?
De heit fan Eise wie wolkjimmer. As dyn heit wolkjimmer wie, koest oant dyn 12e nei skoalle. Dêrnei moast it fak fan dyn heit leare. Sa gie it ek by Eise.
In wolkjimmer krige wol fan de skiep binnen en wosk, kjimde en ferve de wol. Dêrnei koene minsken it spinne en de triedden brûke om der klean fan te meitsjen.
Slide 9 - Slide
Wa wie Eise Eisinga?
Mar Eise wie hiel tûk en syn âlden wisten dat. Dus mocht er ien kear yn ’e wike nei Frjentsjer rinne om dêr les te krijen yn wiskunde en stjerrekunde.
Fraach
Hoe lang soe it ûngefear duorje om fan Dronryp nei Frjentsjer te rinnen?
Antwurd
Hast oardel oere!
Slide 10 - Slide
Wa wie Eise Eisinga?
Eise makke in hiel soad oantekeningen ûnder syn lessen.
Hjir sjochst wiskunde-oantekeningen. Eise moast in hiel soad somkes meitsje.
Tekenesto wol ris in laitsjend gesichtsje yn de sinne? Dat die Eise ek! Sjoch mar nei de oantekeningen fan syn lessen stjerrekunde.
Slide 11 - Slide
Wa wie Eise Eisinga?
Om’t de heit fan Eise ‘mar’ wolkjimmer wie, koe Eise net studearje oan de universiteit.
Wolkammers kamden niet alleen wol, maar verfden dit ook. Hier zie je een brief van Eise waarin hij wol in verschillende kleuren meestuurt voor een wedstrijd.
Yn 1786 troude Eise en tegearre mei syn frou Pietsje ferhuze hy nei Frjentsjer, dêr’t er syn eigen wolkjimmerij begûn.
Slide 12 - Slide
It Planetarium
Eise kin dan wol gjin stjerrekunde studearje, dochs is hy der yn syn frije tiid in hiel soad mei dwaande.
Yn 1774 betinkt Eise dat hy in planetarium bouwe sil. Gewoan yn syn eigen wenkeamer.
Slide 13 - Slide
Wat is in planetarium?
A
In neiboud model fan de ierde.
B
In neiboud model fan de sinne en de planeten.
C
In soart klok dêr’tst de stân fan de moanne op sjen kinst.
D
In soart kalinder dêr’tst op sjen kinst watfoar dei oft it is.
Slide 14 - Quiz
It Planetarium
In planetarium is in neiboud model fan de sinne en de planeten en wurdt brûkt om út te lizzen hoe’t dy neffens elkoar bewege.
In planetarium seach der eartiids faak sa út. Yn ’e midden sjochst de sinne, mei op ferskillende ôfstannen de planeten deromhinne. Eise makke neist it planetarium op dizze foto noch in planetarium, mar dan ien yn syn plafond!
Slide 15 - Slide
It Planetarium
Om it Planetarium te bouwen ferleget Eise syn plafond yn de wenkeamer en makket dêrboppe in rêdwurk. It rêdwurk bestiet út sa’n 60 houten kamrêden mei izeren pinnen as tosken.
Slide 16 - Slide
Hoefolle izeren pinnen brûkte Eise foar syn Planetarium?
A
Ungefear 60
B
Ungefear 600
C
Ungefear 6000
D
Ungefear 16.000
Slide 17 - Quiz
It Planetarium
It duorret seis jier om it hiele Planetarium te betinken en bouwen. En noch ris in jier om it te skilderjen. Yn 1781 is it Planetarium ôf.
Sjochst hjir it laaike dêr’t Eise al syn yngewikkelde berekkeningen op makke. Kinst ’m besjen yn it Planetarium!
Slide 18 - Slide
It Planetarium
It Planetarium is sa bysûnder dat it fuortdaliks ferneamd is. Minsken reizgje út ferskillende lannen om it te besjen. En sels de kening (Willem I) bringt in besite oan Eise syn wenkeamer.
Slide 19 - Slide
Yn hokker tiid boude Eise syn Planetarium?
A
(1500-1600) tiid fan ûntdekkers en herfoarmers
B
(1600-1700) tiid fan reginten en foarsten
C
(1700-1800) tiid fan prûken en revolúsjes
D
(1800-1900) tiid fan boargers en stoommasines
Slide 20 - Quiz
It Planetarium
De planeten yn it Planetarium draaie krekt sa fluch (of stadich) om de sinne as yn it echt. Ien lytse klok soarget der mei acht gewichten foar dat alles bewege kin.
Slide 21 - Slide
It Planetarium
Dat sjocht der
ûngefear sa út:
Slide 22 - Slide
It Planetarium
Ek al is it Planetarium al mear as 200 jier lyn boud, it lit noch altyd de goede stân fan de planeten sjen!
Ek kinst sjen hokker dei oft it is, hokker datum, hokker jier en hoe let oft it is.
Slide 23 - Slide
It Planetarium
Elk jier op 31 desimber ferskoot de jierplanke hiel stadich. Ast dat folle flugger dochst, sjocht dat der sa út.
Slide 24 - Slide
It Planetarium
It Planetarium fan Eise Eisinga is it âldste noch wurkjende planetarium fan ’e wrâld! En jim komme meikoarten om it te besjen.
Slide 25 - Slide
.
Wat soesto noch oer Eise Eisinga of it Planetarium witte wolle?