frysk

Frysk
Groep 5/6

Tema: Planeten
Wy leare hjoed oer Eise Eisinga en it planetarium!
1 / 11
next
Slide 1: Slide
FriesBasisschoolGroep 5

This lesson contains 11 slides, with interactive quizzes, text slides and 1 video.

Items in this lesson

Frysk
Groep 5/6

Tema: Planeten
Wy leare hjoed oer Eise Eisinga en it planetarium!

Slide 1 - Slide

Eise Eisinga en syn Planetarium
Eise Eisinga begûn yn 1774 oan de bou fan in planetarium yn syn hûs yn Frentsjer. In ûnfoarstelber knap stik wurk, wylst hy mar 'gewoan' amateur-stjerrekundige wie. Yn it deistich wurk wie er wolfabrikant. Hy hie in driuwende reden om dat planetarium te meitsjen, hy woe nammentlik bewize dat de wrâld net fergean soe.

Slide 2 - Slide

It Planetarium

Slide 3 - Slide

Eise Eisinga
Tusken 1774 en 1781 bout Eise Eisinga yn syn hûs wat hiel bysûnders: in planetarium, ús eigen sinnestelsel op skaal. It is it âldste noch wurkjende planetarium ta wrâld.

Help myn man is in klusser!
Dit is Pytsje Jacobs, de frou fan Eise. Se libbet sân jier lang yn in wenkeamer fol my seachsel, stof en ark. Sels de bedstee fan har en Eise wurd ferboud.
ús sinnestelsel
In planetarium is in skaalmodel fan ús sinnestelsel. Do kinst der krekt op sjen wêr de sinne, de ierde en de oare planeten stean. En do kinst sjen hoe de planeten rûnom de sinne draaie.
It raderwerk op souder
Hjir sjochsto it knapste diel fan Eise's planetarium: it raderwerk. Dit soarget derfoar dat de planeten yn syn planetarium wier draaie kinne! En dat net allinne: Se draaie ek noch ris lykas sa fluch as yn it echt! De mini-ierde fan Eise draait yn 365 dagen om de sinne, lykas de echte ierde.

Slide 4 - Slide

Slide 5 - Video

Wa is Pytsje Jacobs?
A
De dochter fan Eise Eisinga
B
De frou fan Eise Eisinga.
C
Wit ik net
D
De span fan Eise Eisinga

Slide 6 - Quiz

Wer wenne Eise Eisinga mei syn frou Pytsje?
A
Frentsjer
B
Ljouwert
C
Terherne
D
Snits

Slide 7 - Quiz

Wer boude Eise it planetarium?
A
Yn de tsjerke fan Boazum.
B
Yn syn wolfabryk.
C
Yn syn wenhûs.
D
Yn de skoalle fan Frentsjer.

Slide 8 - Quiz

Wêrom boude Eise Eisinga in Planetarium?
A
Hy woe bewize dat de wrâld net fergean soe.
B
Hy foen it moaie dekoraasje.
C
Syn frou foen it moai.
D
Hy woe mear witte oer de stjerren.

Slide 9 - Quiz

Hoe lang hat Eise oer de bou fan it Planetarium dien?
A
In heal jier
B
Twa jier
C
Sân jier
D
Fiif jier

Slide 10 - Quiz

Opdracht

Tekenje alle planeten yn de goeie kleur. Skriuw de namme fan de planeet en de kleur yn it Frysk derby.
Merkurius: grys
Fenus: grys-blau-beige
Ierde: blau en grien
Mars: read
Jupiter: oranje – brún 
Saturnus: giel-oranje mei in ring (dy kinst der gewoan op tekenje) 
Uranus: blau
Neptunus: blau

Slide 11 - Slide