Meartaligens; taalsensibilisearring

Meartaligens; taalsensibilisearring
1 / 44
suivant
Slide 1: Diapositive
AardrijkskundeMiddelbare schoolLeerjaar 1

Cette leçon contient 44 diapositives, avec quiz interactifs, diapositives de texte et 2 vidéos.

Éléments de cette leçon

Meartaligens; taalsensibilisearring

Slide 1 - Diapositive

Slide 2 - Vidéo

Plenning
De kommende trije lessen sille wy dwaande mei it ûnderwerp meartaligens.

Les 1: taalpaspoart meitsje; hokker talen behearskje ik?
Les 2: wrâldkaart talen; hokker talen behearsket de klasse?
Les 3: kultuer yn de klasse; "salad bowl" of "melting pot"?

Slide 3 - Diapositive

Les 1: taalpaspoart
Oan de ein fan de les witst hokker talen datst behearskest en hokker talen dyn groepgenoaten behearskje. 

Dat doel behellest troch it meitsjen fan dyn taalpaspoart en dizze te presintearjen yn in lyts groepke learlingen.

Slide 4 - Diapositive

Do bist fêst ek meartalich!
- Neist it Standertnederlânsk praatst grif noch in taal. Dialekten, gebeartetalen, strjittalen, chat-talen en ynformeel taalgebrûk binne ek foarbylden fan talich ferskaat.

W: meitsje dyn taalpaspoart
H: rin stap 1 oant en mei 4 troch fan it plan
H: freechje earst dyn buorman/frou
T: oant 10 minuten foar it einde fan de les
U: lêste 10 minuten beprate yn dyn groepke.
K: meitsje dyn paspoart moai mei tekentsjes

Slide 5 - Diapositive

Presintearje
W: presintearje dyn taalpaspoart oan dyn groepke. 
H: lit dyn paspoart sjen en lis út.
H: ûnderling beprate wa 't earst giet.
T: 1 minuut de man. Klok op boerd.
U: harkje goed, hoefolle talen behearsket jim groepke?
K: nei de presintaasjes freget de dosint hoefolle talen jim groepke kin.

Slide 6 - Diapositive

Wie it in moaie opdracht? Lis út wêrom wol of net?

Slide 7 - Question ouverte

Hast ek wat nijs leard? Lis út.

Slide 8 - Question ouverte

De ein fan les 1

Slide 9 - Diapositive

Les 2: wrâldkaart talen
Oan de ein fan de les witst hokker talen jim as klasse behearskje.

Dit dogge wy troch mei ús allen de talen dy 't wy behearskje oan te jaan op in wrâldkaart.

Slide 10 - Diapositive

Opdracht
Stel dy foar, wy sille mei de hiele klasse op wrâldreis. Yn hokker lannen soenen wy ús rêde kinne om't wy de taal behearskje?
W: wy jouwe op de wrâldkaart oan hokker talen wy yn de klasse hawwe. 
H: troch post-it briefkes mei de nammen fan de taal op de kaart te plakken.
H: sjoch op dyn taalpaspoart. 
T: sa lang it duorret.
U: soenen wy ús yn in soad lannen rêde kinne? 
K: ôfslútende fragen.

Slide 11 - Diapositive

Daliks in pear fragen
W: jou antwurd op de fragen.
H: yn lessonup, op de laptop.
H: stek dyn finger op.
T: 1 min per fraach.
U: beprate wy nei de fraach.
K: as de lêste fraach bepraat is, meist foarsichtich oprûmje.

Slide 12 - Diapositive

Wistest dat der safolle talen yn de klasse wienen?

Slide 13 - Question ouverte

Fûnsto dit in aardige opdracht? Lis út wêrom wol of net?

Slide 14 - Question ouverte

De ein fan les 2

Slide 15 - Diapositive

Les 3: kultuer yn de klasse
Oan de ein fan de les kinst de definysje fan de begrypen kultuer, salad bowl en melting pot en dizzen tapasse op dyn klasse.

Slide 16 - Diapositive

Slide 17 - Vidéo

De kultuerkwis
Sa as jimme sjen koene is taal in ûnderdiel fan kultuer, mar kultuer is ek  de noarms en wearden, de tradysjes en gewoanten dy't in folk hat. 


Jimme krije daliks tweintich stellingen. 
Bist it iens mei de stelling giest oan de lofterkant fan it lokaal stean, net iens oan de rjuchterkant.
De dosint freget guon learlingen om harren beargumintaasje.
Der is gjin goed as fout. It giet der om datst dysels en dyn klasgenoaten better kennen learst troch oerienkomsten en ferskillen te sjen.

Slide 18 - Diapositive

Ik yt thús minimaal trije dagen yn de wike ierappels, griente en fleis.

Slide 19 - Diapositive

Ik fyts alle dagen nei skoalle.

Slide 20 - Diapositive

Ik groetsje ûnbekende minsken as ik se tsjenkom op strjitte.

Slide 21 - Diapositive

Ik beskôgje mysels sawol Fries, Nederlanner as Jeropeaan.

Slide 22 - Diapositive

Ik doch oan fierljeppen

Slide 23 - Diapositive

Ik doch oan keatsen

Slide 24 - Diapositive

Wy fiere thús Sinteklaas

Slide 25 - Diapositive

Ik fier Keningsdei.

Slide 26 - Diapositive

Ik bin wol ris oan it sjoelen

Slide 27 - Diapositive

Mei jierdei's sitte wy faak yn in kring.

Slide 28 - Diapositive

Ik rin wol ris op klompen

Slide 29 - Diapositive

Ik fyn sûkerbôle lekker

Slide 30 - Diapositive

Ik haw de alvestêdetocht alris fytst.

Slide 31 - Diapositive

Ik mei graach reedride.

Slide 32 - Diapositive

Ik sjoch graach nei skûtsjesilen.

Slide 33 - Diapositive

Ik bin alle jierren te aaisykjen.

Slide 34 - Diapositive

Ik drink wolris berenburg

Slide 35 - Diapositive

ik yt graach oranjekoeke

Slide 36 - Diapositive

Ik haw op in Frysk hynder riden.

Slide 37 - Diapositive

Ik bin mei âld en nij oan it karbidsjitten.

Slide 38 - Diapositive

Wy hawwe thús in Fryske stabij.

Slide 39 - Diapositive

Wy meitsje oaljekoeken mei âld en nij.

Slide 40 - Diapositive

Ik hâld fan draaioargel musyk.

Slide 41 - Diapositive

Jim sjogge wol dat jim guon Nederlânske en Fryske kultuerskaaimerken yn stân hâlde, mar guon ek net.
Der komme hieltiten mear ynfloeden út oare kultueren by. Tink mar oan de nasi of pasta dy'tst ytst, mar ek streetdance of kickboxen wêrst op sitst, Halloween watst fierst, black friday wêrst nij guod keapest, rapmusyk wêrst nei lústerst ensfh. 
De Nederlânner of Fries bestiet net. We binne allegearre ek ûnderdiel fan in subkultuer lykas ...
Ferskaat makket ús kultuer riker. It soe net best wêze dat wy allegearre krekt itselde wiene, dat hie wol hiel saai west. 

Slide 42 - Diapositive

Wat hasto de ôfrûne trije lessen leard?

Slide 43 - Question ouverte

Wat fûnsto aardich om te dwaan en wat fûnsto minder moai?

Slide 44 - Question ouverte