Praat mar Frysk - basis - les 3

Praat mar Frysk - basis - les 3
Besykje ris mei immen op 'e merk te praten  oer de merke.
1 / 23
suivant
Slide 1: Diapositive
FriesBeroepsopleiding

Cette leçon contient 23 diapositives, avec diapositives de texte et 1 vidéo.

time-iconLa durée de la leçon est: 120 min

Éléments de cette leçon

Praat mar Frysk - basis - les 3
Besykje ris mei immen op 'e merk te praten  oer de merke.

Slide 1 - Diapositive

In sintersk boadskip
In (gauris optocht) boadskip dat neat te betsjutten hat. 
It tema fan dizze les is boadskipje.
Winkels binne in gaadlik plak om it Frysk praten te oefenjen. Besykje by de slachter, de bakker, de grienteboer en op 'e merk safolle mooglik Frysk te praten.

Wurklist
Húswurk fan ôfrûne wike beprate.
Wurdskat útwreidzje: dialooch oer boadskipjen.
Grammatika: meartal.
Húswurk foar kommende wike.
Neigesetsje.

Slide 2 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Húswurk beprate
ôfspraak meitsje
fan Frysk nei Nederlânsk 
(side 83-84)

Slide 3 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Groepsdomino
Elk kriget fjouwer kaartsjes mei in antwurd en in fraach. 
Dejinge mei it kaartsje 'start' stelt lûdop de fraach en leit it kaartsje op tafel. 
Dejinge dy't it kaartsje mei it antwurd hat seit dat lûdop, slút it kaartsje oan en stelt de nije fraach.

Slide 4 - Diapositive

Dominokaartsjes side 53.
Yn petear oer dagen en tiden.
Jim krije om bar in fraach.
Jou yn it Frysk antwurd.
Foarbyld:
Wannear hasto dyn jierdei?
Ik bin berne op freed 18 augustus 1967.

Slide 5 - Diapositive

Watfoar dei is it hjoed?
Wat foar dei wie it juster?
Watfoar dei wie it earjuster?
Wat foar dei is it moarn?
Watfoar dei is it oaremoarn?
Wannear hasto dyn jierdei?
Hoe let is it no?
Op watfoar dagen wurkesto (as frijwilliger)?
Fan hoe let oant hoe let bisto oan it wurk (as frijwilliger)?
Oant hoe let duorret dizze les?
Hoe let komsto moarns fan 't bêd?
Hoe let ite jim jûns?
Yn hokker jier bisto berne?
Fragen en antwurden mei tiidwurden.
Tink om de notiid/doetiid/folsleine tiid fan de tiidwurden.
Jim krije om bar in fraach. 
Jou yn it Frysk antwurd.

Let op it wikseljen 
fan de persoansfoarm.
Baktesto in taart foar my?
Ja, ik bakte in taart foar dy.
Nee, ik bakte net in taart foar dy.

Slide 6 - Diapositive

Let op it wikseljen fan de persoansfoarm.

Tel ik de apels?
Fytse wy nei Ljouwert?
Stelle jimme apels by de grienteboer?
Trout hy mei de ferkearde frou?
Drave sy om it hurdst?
Dûkten jimme yn it wetter?
Stapte ik flink troch?
Wurkesto yn de supermerk?
Sparje jimme foar letter?
Spylje ik op myn fioele?
Flechten sy foar de stoarm?
Dûnse sy mei dyn man?
Haw ik it lytse famke fuorre?
Swimsto yn see?
Roppe wy te lûd?
Wykaginda
Wurkje yn twatallen
A freget oan B: "Wat diest op ..."
B freget oan A: "Wat diest op ..."

Slide 7 - Diapositive

Wykaginda's 
A side 54
B side 55
Opdracht 1 & 2 Dialooch
Ik lês de tekst earst foar.

Wurkje yn twatallen.
Oefenje it petear.
Wikselje fan rol.

Slide 8 - Diapositive

Sels foarlêze of fia EduFrysk.
Opdracht 3 wurdskat útwreidzje
bôle
yochert
brea
Alsjebleaft. Oars noch wat?
gehak
sûpe
woarst
Hawwe jo der tsien sint by?
molke
broadsjes
par
Kinne jo dit wikselje?
sipel
koal
Mei ik wol twa kilo apels fan jo?
sjippe
jittik
in pûn
snobbersguod
fleis
in ûns
...
...
...
...
Betink 7 wurden en sinnen dy't nedich binne by it boadskipjen. Sjoch ek yn it lesboek side 85-88.
Wurkje yn groepkes: 
1. grienteboer.   2. bakker.   3. slachter.   4. supermerk.

Slide 9 - Diapositive

Lês de wurden en sinnen foar.

Betink meielkoar watfoar wurden en sinnen oft der noch mear nedich binne foar it boadskipjen.

Foarbyldsinnen steane efter yn it kursusboek.
Skoft
Mei ik kofje?
Ik wol graach in kopke tee.
Mei molke en sûker.
Wolst ek in stikje koeke?

Tankjewol.
Graach dien.

Slide 10 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Meartalsfoarms
ûnregelmjittige meartallen

> útgong -en 
> útgong -s

Brekking meartal by twalûden.
Ferkoartsjen fan de útspraak.

Slide 11 - Diapositive

Guon meartallen krije brekking, dêr binne gjin fêste regels foar.
Utsûnderings moatte út de holle leard wurde.
Meartal útgong
-en
Wurden mei ien wurdlid (= lettergreep).
boeken, dingen, jassen, slakken
Mei klam op it lêste wurdlid.
papieren, getallen, misdriuwen
Alle wurden op -e (útsein lienwurden en ferlytsingswurden).
skoallen, skjirren, wurkwizen, ûlen
Alle wurden op -skip, -dom, -ij, -ling.
mienskippen, eigendommen, rederijen, bijen, learlingen
Meartal útgong
-s
Lienwurden dy't einigje op -e.
rûtes
Alle ferlytsingswurden.
foarkjes, leppeltsjes, bedsjes, blomkes
Wurden dy't einigje op -el, -em, -er(t), -ier, -en, um.
wafels, tafels, biezems, boaiems, bjinders, hynders, kikkerts, rinteniers
Wurden dy't einigje op -sje en -zje.
situaasjes, garaazjes
Wurden op -ing by foarkar in -s.
hjerrings/hjerringen, gearstallings/gearstallingen.

Slide 12 - Diapositive

wurdlid = lettergreep
klam = klemtoon

Alle regels zelfde als Nederlands, behalve de meervoud -s na -ing.
Utspraak: brekking en ferkoartsjen
Utsûnderingen:
moatte út 'e holle leard wurde!
Brekking
skoech - skuon, brief - briefkes (útspraak ji)
Brekking twalûden
beam - beammen (bjemm), keal - keallen (kjelln),
tried - triedden (trjiddn), doar - doarren (dwarrn)
Ferkoartsjen fan in lang lûd nei in koart lûd
tsiis - tsyskes, laam - lamkes, glês - gleskes,  doaze - doaskes, peal - pealtsjes, bern - berntsjes, fear - fearkes

Slide 13 - Diapositive

lûd = klinker
bylûd = medeklinker

Foar brekking is gjin regel.
Brekking is faak te herkennen oan de stavering by guon wurden mei in twalûd. Want dan wurdt it twalûd folge troch twa bylûden.

Slide 14 - Vidéo

YouTube [3:56]
https://youtu.be/3SKn9YpQ5i0

Sjoch ek filmke 12:
Twalûden en brekking.
Opdracht 4 Meartal
Wurkje yn twatallen.
Lês om bar in foarbyldsin mei de meartalsfoarms foar.

útgong -en
útgong -s
útsûnderings

Slide 15 - Diapositive

earm - earms (arm - armen = lichaam)
earme - earmen (arme - armen = mensen)

earms (útspraak jérms)
Opdracht 5 skriuw inkeldtal + meartal op

Slide 16 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 6 Feroarje de sin
Betink sels in fraach mei dêryn in inkeldtal (kin fan alles wêze).
A stelt syn/har fraach.
B jout antwurd mar feroaret it inkeldtal / meartal. 

Foarbyld:
A: Is de appel lekker?
B: Nee, ik hâld net sa fan appels.

Slide 17 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

TIP: Oefening tiidwurden

Lês de tekst.
Skriuw op:
- it tiidwurd
- it ynfinityf
- de doetiidsfoarm
- it mulwurd
tiidwurd
ynfinityf
doetiid
mulwurd
keapet
keapje
kocht
kocht

Slide 18 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Húswurk
Lear de wurden en sinnen fan dizze les. 
Mear foarbylden steane efter yn it lesboek. 

Lear de wurdskat fan iten en drinken
fan Frysk nei Nederlânsk (side 85-87).



EduFrysk flitskaarten boadskipje en meartal.
Hint: Op (skoalle) knippe de (beuker) mei lytse (skjirre).

Slide 19 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Neigesetsje

Slide 20 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Yn petear oer dyn aginda
Wurkje yn twatallen of groepkes fan trije.
Ien stelt in fraach, elk jout antwurd.
  • Wat is it earste watst dochst ast moarns wekker wurdst?
  • Wat is it lêste watst dochst foardatst jûns op bêd giest?
  • Wat is dyn favorite dei fan de wike?
  • Wat hast it ôfrûne wykein dien?
  • Wat binne dyn plannen foar it kommende wykein?

Slide 21 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Groepsdomino
Jim rinne trochelkoar.
Krigest in kaartsje mei in antwurd en in fraach. Sykje immen dy't antwurd hat op dyn fraach. Dyjinge syket dêrnei ek immen dy't antwurd hat op syn/har fraach.

Slide 22 - Diapositive

Dominokaartsjes side 53.
Yn petear oer telefyzje sjen.
Wurkje yn twatallen.
Jim krije in programmaoersjoch.

Stel elkoar fragen oer de 
tv-programma's.
Foarbyld
- Hoe let begjint sneontejûn it nijs?
- Watfoar programma's binne der moandeis op NPO 1?

Slide 23 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions