Lear mar Frysk - module 2 - les 3

Lear mar Frysk module 2 - les 3
1 / 30
next
Slide 1: Slide
FriesBeroepsopleiding

This lesson contains 30 slides, with interactive quizzes, text slides and 1 video.

time-iconLesson duration is: 60 min

Items in this lesson

Lear mar Frysk module 2 - les 3

Slide 1 - Slide

Les 3: Fynsto de bern ek sa bedoarn?
Vind jij de kinderen ook zo verwend.

Dizze les gied oer it earne mei iens / ûniens wêze.
Wurklist
  • Weromsjen op de les fan ôfrûne wike (húswurk en lochboek beprate)
  • Harkje, lêze en útspraak oefenje (it earne mei iens/ûniens wêze)
  • Grammatika (tiidwurden)
  • En no mar prate
  • Om thús te dwaan (húswurk)
  • Neigesetsje (iens/ûniens oer Fryske keunst)

Slide 2 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 8, 9 (brûke we yn de les), 10, 11 en 12.

Slide 3 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 1
Beskriuw de lêste kear datst ferskriklik lake hast om in grap of ûnnoazele situaasje.

Bygelyks:
YouTube Ferdivedaasje TV
Gurbe en Piebe - Afl 02 Tegels

Slide 4 - Slide

YouTube [8:02]
Filmkes fan Buurman en Buurman ynsprutsen troch Emiel Stoffers fan De Hûnekop.
https://youtu.be/5a7aT4YPgMY

Opdracht 2: harkje, lêze, útspraak
Ik lês de tekst foar, lês mei.
(wol immen in foarlêsbeurt?)

We beprate drege wurden.

Dêrnei beäntwurdzje jim fragen.

Slide 5 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 2: Fragen oer 'No boeie' & 'Gearkomste Doarpsbelang'
De antwurden steane letterlik yn de tekst.
1. Wa is Djoeke?
2. Wat is der ôfpraat mei Djoeke?
3. Wat fynt Britt fan Sjors?
4. Wêrom fynt mem dat Britt en Sjors tegearrre fytse moatte?

5. Wat waard dúdlik op de gearkomste fan it Doarpsbelang?
6. Hoe leit de situaasje der no hinne?
7. Wêrom bringt 60% fan de âlden de bern mei de auto?
8. Wêr kleie de oare âlden oer?
9. Wêr pleitet in groepke âlden foar?
10. Wat hat dat groepke start?
11. Wêr pleitsje de tsjinstanners fan dy aksje foar?
12. Wat wie it útstel fan de foarstitter fan Doarpsbelang?

Lês de fraach foar en jou antwurd yn in hiele sin.
  1. Djoeke is de mem fan Sjors.
  2. Der is ôfpraat dat Britt en Sjors fan nije wike ôf tegearre fytse.
  3. Britt fynt it in sukkel en in loser.
  4. Mem fynt it in feilich idee dat har famke net alle dagen in oere hinne en in oere werom allinne by de dyk del swalket.
  5. Der waard dúdlik dat de kwestje 'Ferkear by skoalle' it doarp yn twaen spjalt.
  6. Moarns by it bringen fan 'e bern ûntstiet in grutte gaos.
  7. Omdat se dêrnei trochride nei it wurk.
  8. Dat it gefaar opleveret foar de bern.
  9. Se pleitsje derfoar dat parkeare yn in straal fan 1 km om de skoalle hinne ferbean wurdt.
  10. Dat groepke hat in hantekeninge-aksje start.
  11. De tsjinstanners pleitsje foar mear parkearplakken foar de skoalle oer.
  12. Hy stelde út om in enkête yn it doarp te hâlden.

Slide 6 - Slide

This item has no instructions

Opdracht 3: Harkje en útspraak
  1. En wat fynsto der eins fan?
  2. Wat is dyn stânpunt?
  3. Ik bin it hjir út noch yn net mei iens!
  4. Ik bin der poer op tsjin!
  5. Ik bin foar.
  6. Ik stean hielendal efter it bestjoer.
  7. Wat binne de afguminten?
  8. Sis do der ek ris wat fan.
  9. It is my wol goed sa.
  10. It makket my net safolle út.
  1. It leit my wol flak.
  2. We moatte der gjin spul om krije.
  3. Dat is myn miening.
  4. Of bist it der net mei iens?
  5. Sille we it sa ôfprate?
  6. Wat is it tsjinfoarstel?
  7. Ik wol graach even oerlizze.
  8. Ik kom der noch wol even op werom.
  9. Ik bin hjir net sa wei fan.
  10. It liket my wol nei fleanen.
absoluut - faliekant - niet zo kapot van - ruzie - vind het wel goed - vind het maar niks 
Yn hokker sin stiet de Fryske oersetting fan:

Slide 7 - Slide

Lês hieltyd earst in sin foar.
De hiele groep seit de sin nei of kursisten krije om bar in beurt om foar te lêzen.
Brûk de ynfolstreekjes om oersettingen op te skriuwen (steane ek achter yn it boek).
Skoft

Slide 8 - Slide

This item has no instructions

Snappe we ûnregelmjittige tiidwurden?

Slide 9 - Slide

PREZI Renske van der Meer
https://prezi.com/29wtjssgenik/tiidwurden/

Opdracht 6: ûnregelmjittige tiidwurden
De earste tsien sintsjes steane yn de doetiid, feroarje de tiidwurden yn de notiid.
De lêste tsien sintsjes steane yn de notiid, feroarje de tiidwurden yn de doetiid.
Wurkje it selstannich út en fergelykje dêrnei dyn sinnen mei de buorman/buorfrou.
Wês taret op in foarlêsbeurt.
1. Hy bleau hjir te iten.
2. Ik soe nei de winkel te boadskipjen.
3. Wy seagen har fytsen!
4. Do hongst op 'e kop.
5. Ik lake my slop om de clown.
6. Sytske rôp om har mem.
7. Jimme smieten stiennen yn it wetter.
8. De frou klage nochal wat.
9. Ik fûn der neat oan!
10. Frank biet op syn tonge.
11. Ik rin op 'e dyk.
12. Begrypsto it wol?
13. Leo faget it paad oan.
14. Moandeis siedt ús heit it iten.
15. Ik snij de appel yn partsjes.
16. Swimme jimme yn it bûtenwetter?
17. Ik sprek de jonge ta.
18. Hy priuwt in hapke fan de makaroany.
19. Do krijst noch jild fan my.
20. It fleske brekt samar.

Slide 10 - Slide

Dit is in werhelling fan de ûnregelmjittige tiidwurden.

De kursisten hawwe as húswurk fan les 2 de grammatika trochlêzen en de bybehearrende oefening makke.

Freegje oft eltsenien de útlis begrepen hat. Doch dêrnei dizze oefening.
Grammatika

Slide 11 - Slide

This item has no instructions

Tiidwurden
De folchoarder fan tiidwurden is yn it Frysk krekt oarsom as yn it Nederlânsk.
Yn in bysin mei twa of mear tiidwurden én yn in haadsin mei mear as twa tiidwurden, wichtichste tiidwurd earst.

Slide 12 - Slide

Lesboek side 47-49 trochnimme !!!
We dogge sa in digitale kwis

Slide 13 - Slide

This item has no instructions

6

Slide 14 - Video

YouTube
FRYAZ - Tiid foar tiidwurden [3:30]
https://youtu.be/hCX5R68SYMo

00:37
Hy sjongt earst oer de flater
"dat hiest net moatte dwaan"
letter ferbetteret hy dat yn ...
A
dat hiest net dwaan moatten
B
dat hiest net dwaan moatte

Slide 15 - Quiz

This item has no instructions

00:48
Hy sjongt earst oer de flater
"dat hie ik wol wolle hawwen"
letter ferbetteret hy dat yn ...
A
dat hie ik wol wollen hawwe
B
dat hie ik wol hawwe wollen

Slide 16 - Quiz

This item has no instructions

00:58
Hy sjongt hjir earst yn it geef Frysk
"tiidwurden ferkeardom brûkt wurde"
wat klinkt neffens him knudde?
A
tiidwurden ferkeardom wurden brûkt
B
tiidwurden ferkeardom wurde brûkt

Slide 17 - Quiz

This item has no instructions

01:24
Hy sjongt:
"as ik wer immen sizzen hear".
Is dat in goede tiidwurdfolchoarder?
A
ja
B
nee

Slide 18 - Quiz

This item has no instructions

01:39
Hy sjongt:
"dat hie ik wol kinne krije"
Is dit in goede tiidwurdfolchoarder?
A
ja
B
nee

Slide 19 - Quiz

This item has no instructions

01:55
Hy sjongt yn it Frysk oer:
"dat had ik moeten doen"
Wat is in goede oersetting nei it Frysk?
A
dat hie ik moatte dwaan
B
dat hie ik dwaan moatten

Slide 20 - Quiz

This item has no instructions

Opdracht 4: Wurdskat iens/net mei iens
ôfpraat
dat doch ik net
dêr komt neat fan yn
no giest te fier
diskusje sletten
de ferhâldingen
gearkomste
kwestje
yn twaen spjalt
argewaasje
...


kleie
diskusje op skerp te stean
pleitet
hantekeninge-aksje
tsjinstanners
harren miening
enkête
útstel
yn petear gean
...

Betink sels noch fiif wurden > tsjinstellingen / synonimen
timer
3:00

Slide 21 - Slide

Bepraat oersettingen (achter yn it boek)
Kursisten betinke der sels wurden fiif by, bygelyks tsjinstellingen / synonimen.
Opdracht 5: dialooch
Wurkje yn twatallen. Skriuw in dialooch (4 sinnen) út. 
Kinst sintsjes fan opdracht 3, 4 en Frysker brûke.
Wês taret op in foarlêsbeurt.
  1. ... Ik fyn it wol goed sa.
  2. Hans, Marijke wol jûn nei de disko.
  3. ... ... Of bist it der net mei iens?
  4. Sille we it sa dwaan?
  5. ... Ik bin der net sa foar.
  6. Wat seisto derfan?
timer
5:00

Slide 22 - Slide

Tink nei oer wurdskat en sinsbou mar it mei fonetysk, stavering is net wichtich.

Jou yn 't foar oan de twatallen troch hokker dialooch se foarlêze moatte.
Opdracht 8, 9 (brûke we yn de les), 10, 11 en 12.
www.edufrysk.nl
* harkje nei de teksten
* kompjûter sjocht dyn wurk nei

Slide 23 - Slide

De oefeningen even koart by del rinne om der wis fan te wêzen dat de kursisten snappe wat de bedoeling is.
Foar opdracht 11 praatst mei in oar yn it Frysk bûten de lessen om. It is wichtich datst meardere aksinten hearst.
Frysk ferstean & Frysk prate

Slide 24 - Slide

This item has no instructions

Slide 25 - Slide

Yn petear: oer iens / net mei iens.
Wat sprekt dy it measte oan? Wêrom al / wêrom net?
1. Jopie Huisman - de skuon fan Abe Lenstra. 
2. M.C. Escher - journey to infinty.
3. Jentsje Popma - koolzaadveld met fluitekruid
4. Laurens Alma Tadema - amo te ama me

Tiidwurden
Jim krije fan my in tiidwurd.
Besykje mei alle letters 
fan dat tiidwurd nije tiidwurden op te skriuwen.

Is dat slagge?
Brûk dan alle tiidwurden 
yn in lyts ferhaaltsje.
Foarbyld:
RINNE
Roppe
Ite
Naaie
Nifelje
Eamelje

Slide 26 - Slide

No jim: tiidwurd stiet op kommende slide.
Tiidwurden
Jim krije fan my in tiidwurd.
Besykje mei alle letters 
fan dat tiidwurd nije tiidwurden op te skriuwen.

Is dat slagge?
Brûk dan alle tiidwurden 
yn in lyts ferhaaltsje.
Foarbyld:
RINNE
Roppe
Ite
Naaie
Nifelje
Eamelje

No jim: SLIEPE

Slide 27 - Slide

TIP:
- sykje yn it tiidwurdenboekje.
- sykje op it ynternet nei 'werkwoorden met een ...'.
Opdracht 7: prate oer 'TV kapot (stikken)'
telefyzje
garânsje ôfrûn
kapot / stikken
net mei iens
reparaasje

krekt
frjemd byld
snie op it skerm
lûd falt wei
net akseptabel
ûnfatsoenlik
gewoanwei
makke wurde
Dyn telefyzje is kapot gongen, mar do hiest him noch mar in jier. De garânsje is krekt ôfrûn en dêrom wol de winkel neat foar dy dwaan. De bellest mei it haadkantoar. Fertel wat der mei de tv oan 'e hân is en datst it net iens bist mei de reaksje fan de man yn de winkel. Do ferwachtest fan de firma dat de tv reparearre wurdt of datst in nijen krijst.
Wurkje yn twatallen: A begjint, B reagearret.
Mooglike reaksjes:
1. As de garânsje ôfrûn is, kin ik net safolle foar jo dwaan.
2. Fansels meie jo ferwachtsje dat in tv langer meigiet.
3. Ik sil kontakt opnimme mei de winkel en dan skilje ik jo letter werom. (NED "Ik ga ..." = FR "Ik sil ...")
4. Ik sil in monteur stjoere, dan beprate we letter hoe't it oplost wurdt.

Slide 28 - Slide

Soargje dat der yn wikseljende twatallen wurke wurdt.

Doch de opdracht earst in kear foar mei ien fan de kursisten.

Freegje oft ien twatal it petear foar de groep dwaan wol.
Mei iens / Net mei iens. Ik fyn dat ... 
Der komt in stelling op it boerd.
A jout yn in sin in reaksje en freget B wat hy/sy derfan fynt. 
B reagearret yn in sin.

Slide 29 - Slide

This item has no instructions

Fraachsinnen
Jimme krije fan my in wurd.
A betinkt hjir in fraachsin by.
B jout it antwurd.
Wurden dy't jim brûke kinne:
wurk
ite
fakânsje
lêze

Foarbyld:
boadskipje

A "Giesto wolris te boadskipjen?"
B "Nee, ik lit de boadskippen thús besoargje."

Slide 30 - Slide

This item has no instructions