Praat mar Frysk - ferfolch - les 1 (mei oare wurden)

Praat mar Frysk - ferfolch - les 1
1 / 19
next
Slide 1: Slide
FriesBeroepsopleiding

This lesson contains 19 slides, with text slides.

time-iconLesson duration is: 120 min

Items in this lesson

Praat mar Frysk - ferfolch - les 1

Slide 1 - Slide

PLAATSJE: Fryslân ûnder wetter yn Natuurmuseum.

Les 1: Ien mei de natuer wêze = Jin hielendal oanpasse oan 'e natuerlike omjouwing.

Alle lessen begjinne mei ien of mear stikjes tekst om te lêzen. De teksten binne bedoeld om it tema fan de les yn te lieden en fansels is it ek goed om de útspraak te oefenjen mei it lûdop foarlêzen.

Nei it skoft is it de bedoeling dat kursisten prate oer in ûnderwerp dat se sels taret hawwe. Dat kin oer fan alles gean. Sprekbeurten kinne beoardiele wurde mei in rubric.

Wurklist
Yn 'e kunde komme
Praktyske saken: EduFrysk
                                     Lesserige en fakânsje
                                     Kofje / tee (1 euro de jûn, ôfrekkenje lêste les)
Foarlêze
Praatopdrachten, spultsjes en oefenje mei tiidwurden
Húswurk
Neigesetsje
8E6ubU

Slide 2 - Slide

This item has no instructions

Yn 'e kunde komme
Sis dyn namme én:
leeftiid
hâld (net) fan ...
Ik bin gek op ...
Ik bin sljocht op ...
Ik haw niget oan ...
Ik haw it mier oan ...
...

Slide 3 - Slide

This item has no instructions

Tongbrekkers
Advys foar Hollanners dy’t Frysk leare:
Hâld de konversaasje, foaral yn it begjin, ienfâldich.
Sis net:
Wylst de sinne de blommen tutet, snaskje de maitsen fan in wesp 
yn it farske fleis fan in libbene rûp om,
ferkokhalzet in riger in alles fan de dei ferwachtsjende kikkert, 
wâdet de natoerbeskermer trije strânljipaaien plat 
en tefret in foks in hin.
Mar sis:
Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn!
Rients Gratama

Slide 4 - Slide

Ut: Ik woe dat ik in Drint wie, Afûk 2003

TIP: Yn EduFrysk harkje.

Slagget it kursisten om dit foar te lêzen?
Echt wier?!!
Wurkje yn twa groepen.
Betink trije dingen oer dysels.
Twa binne wier, ien is net wier.

Fertel dyn groep oer alle trije.
De oaren moatte riede
 wat net wier is.

Slide 5 - Slide

FOTO: Frans Faber.
Foarlêze
Lês om bar in stikje foar.
Tink dêrby goed om de útspraak.


Ut: Teltsjes fan Tellegen : Alventritich bisteferhalen.

Slide 6 - Slide

Gloeiwjirm = glimworm (Frysker: Glimwjirm)
Tuorre = tor / kever
Stiifsinnich = stijfkoppig

Wurdfjild
Side 14 - 16

Meitsje in persoanlike top 5
fûgelnammen
beammenammen
plantenammen
En brûk dy wurden alle wiken!

Slide 7 - Slide

This item has no instructions

Praat mar Frysk

Wurkje yn groepkes fan 3-4. 
Jou inoar feedback.

A praat oer it tema.
B & C (en D) harkje en lette op:
wurdskat & útspraak
grammatika & tiidwurden



Prate oer Natuer

Fertel wat der allegearre yn dyn tún stiet, rint en fljocht.
Wat is dyn favorite bist en wêrom?
Giesto faak de natuer yn? Wêr giest dan it leafst hinne?
...
timer
1:30

Slide 8 - Slide

This item has no instructions

Skoft
Skoft

Slide 9 - Slide

This item has no instructions

side 16
1. Sa smoarch as in
2. Sa wurch as in
3. Sa toarstich as in
4. Sa nidich as in
5. Sa meager as in
6. Sa lilk as in
7. Sa sinnich as in
8. Sa grou as in
9. Sa sêd as in
10. Sa grutsk as in
11. Sa kâld as in
12. Sa bliid as in 
.... witte jimme der noch mear?

Slide 10 - Slide

Ferlikingen mei bisten.
side 16
1. Sa smoarch as in baarch.
2. Sa wurch as in maits.
3. Sa toarstich as in hynder.
4. Sa nidich as in spin.
5. Sa meager as in roek (... as branhout).
6. Sa lilk as in tuorre.
7. Sa sinnich as in baarch.
8. Sa grou as in tyk.
9. Sa sêd as in mûs.
10. Sa grutsk as in pau.
11. Sa kâld as in bok.
12. Sa bliid as in protter.
.... witte jimme der noch mear?

Slide 11 - Slide

Ferlikingen mei bisten.
Tiidwurden
Sykje út de tekst 'Lit bern bûten op ûntdekking gean' (side 13) in tiidwurd en feroarje dan hieltyd de persoan en dus de foarm fan it tiidwurd. Doch dat foar de notiid en de doetiid.

De bern boartsje yn de modder.
Hy boartet yn de modder. (notiid)
Hy boarte yn de modder. (doetiid)

Slide 12 - Slide

This item has no instructions

Mei oare wurden
Wurkje yn groepkes fan 3-4.
Ien fan de teamleden omskriuwt in wurd / it bonuswurd fan it kaartsje, de oare teamleden besykje se te rieden. By it omskriuwen meist gjin diel(en) fan it wurd of in oersetting brûke. Bonuspunten foar it rieden fan alle wurden binnen 30 sekonden.
Fragen beantwurdest mei ja/nee.
timer
0:30

Slide 13 - Slide

This item has no instructions

Húswurk
Wurdskat Natuer.
EduFrysk flitskaarten.
EduFrysk ekstra materiaal.

Sprekbeurt tariede:
dyn bist / in bist
hâld net fan bisten

timer
2:00

Slide 14 - Slide

YouTUbe 
Hynders fan it waad rêden yn 2006.

https://youtu.be/0tu54wkY--o?si=jgmwqEVrX36qVI0T

Neigesetsje

Slide 15 - Slide

This item has no instructions

Wurdsiker
Fûgelnammen

Slide 16 - Slide

This item has no instructions

Memory fûgels
Ferdiel de groep yn 4 groepkes. Elts groepke kriget in steapeltsje memory-kaartsjes.
Lis de kaartsjes mei it plaatsje/de tekst nei ûnderen op tafel.
A draait twa kaartsjes. Is it in plaatsje fan in fûgel en de bypassende fûgelnamme? Dan meist beide kaartsjes hâlde en hâldst de beurt. Is dat net sa, dan bist dyn beurt kwyt.
B draait twa kaartsjes. ...
...

Slide 17 - Slide

This item has no instructions

Ik soe graach ...
Op it boerd komme fjouwer wurden te stean.
Wat soesto it leafste wêze wolle?
Stel inoar fragen.


Foarbyld:
wetterfal
Is it in hege wetterfal?
Wêr fyn ik dy wetterfal?

Slide 18 - Slide

This item has no instructions

Kaartspul
Elk kriget in tal spylkaarten.
Lis in kaart op tafel en fertel wat oer josels, bygelyks: ik ha blauwe eagen, ik ha trije bern, ik fyn pizza lekker.
By elke sin wurdt in kaart dellein. Sadree't ien út de groep in oerienkomst hat mei it fertelde, leit hy/sy ek in kaart del en beneamt dy oerienkomst, bygelyks: ik fyn pizza ek lekker.
Hy/sy giet dan troch mei fertellen oant in oar in kaart delleit.

Slide 19 - Slide

NEDICH: In pakje spylkaarten.
Diel it hiele pakje út, it makket net safolle út oft immen ien kaart mear of minder kriget.