Skriuw mar Frysk - basis - les 3 (3x flipover + stiften)

Skriuw mar Frysk
basis - les 3
1 / 30
suivant
Slide 1: Diapositive
FriesBeroepsopleiding

Cette leçon contient 30 diapositives, avec quiz interactif, diapositives de texte et 4 vidéos.

time-iconLa durée de la leçon est: 120 min

Éléments de cette leçon

Skriuw mar Frysk
basis - les 3

Slide 1 - Diapositive

Foar it skriuwen fan teksten moatst net allinne goed staverje kinne, mar hast ek
kennis nedich fan tiidwurden, grammatika en taaleigen.
siz
Fryske bibel 1943
Mattheus 17:12

Tsjintwurdich brûkt it Frysk de saneamde Steatestavering (oftewol de nije stavering), 
dy't yn 1980 ynfierd is.


Slide 2 - Diapositive

Wikipedy

Foar 1879
Elk skreau mar sa't it him goedtocht.

1879 Selskipsstavering
Yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde iuw is de Fryske standerttaal gearstald. De earste offisjele stavering datearret út 1879.

1948 Akademystavering
Ek wol de âlde stavering neamd.

1980 Steatestavering
Ek wol de nije stavering neamd.
Wurklist
  • Weromsjen op ôfrûne wike.
  • Stavering û-lûden & de apostrof.
  • Regelmjittige tiidwurden op -je.
  • Grammatika: of, oft en as & dêr't en wêr't & lidwurden by lichemsdielen.
  • Taaleigen: wurdskat prate & sprekke
  • Skriuwe: diktee, in stikje tekst oer dyn libben, Skriuw mar Frysk 1.3.
  • Húswurk (kursus.edufrysk.nl)
  • Neigesetsje.

Slide 3 - Diapositive

Weromkomme op it húswurk:
- stavering f/v en s.z.
- helptiidwurden.
- synonimen foar spesjale en dwaande.

Binne der kursisten dy't witte wêr't harren famyljenamme oarspronklik weikomt of dy't stambeamûndersyk dien hawwe?
Diktee
Ik lês it diktee foar.

De dikteesin wurdt net yn de les neisjoen.

Neisjen is ûnderdiel fan it húswurk, de flaters kinne der dan maklik úthelle wurde.

Slide 4 - Diapositive

Dikteesin les 3:
Hjoed sloch de slûge man in âlde boer dy't om tsien oere jûns noch bûten rûn.
Stavering û-lûden
Lês de wurden fan it wurdfjild troch.
timer
2:00

Slide 5 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 1
Staveringsrace.

Wurkje yn 2 teams. Foarmje per team in rige by jim boerd.
Ik neam in wurd út it wurdfjild. 
Dejinge dy't foaroanstiet skriuwt it wurd op: rapste + goed = 1 punt.
Jou de stift troch oan in oar teamlid.
...

Slide 6 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Stavering oe / û
(oersjoch regels side 9)
û
koart oe-ienlûd
kût, rûch, bûgel, drûch, rûn, fûn
û
lang oe-ienlûd
hûs, hûd, útnûging
oe
twalûd
boer, oere, goed, hjoed, fjoertoer, stjoer
oe
Nederlânsk oe-lûd en oe stavere
skoech, snoek, koeke, boek, sloech
û / oe
Nederlânsk oe-lûd oars stavere
dûs (douche), dûane (douane)
retoer (retour)
û / oe
doetiid / mulwurd: 
> ûnregelmjittige tiidwurden meast oe
> foar in -n altyd û

sloech, joech, droech
rûn, fûn

Slide 7 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Slide 8 - Vidéo

YouTube
Fryske útlis filmkes

Slide 9 - Vidéo

Cet élément n'a pas d'instructions

Diktee

Ik lês it diktee foar.

[boek ticht + les diele út]




It diktee wurdt yn de les neisjoen.

Jou dyn wurk oan dyn buorman/frou. Dy sjocht dyn wurk nei. It giet fansels benammen om de:
 û en oe.

Slide 10 - Diapositive

Diktees les 3:
It diktee kin ek yn Edufrysk makke wurde.

It diktee fan it kursusboek kin yn Edufrysk makke wurde.

As it te lang is: de helte foarlêze.
Diktee neisjen: û of oe.

Slide 11 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 2

Folje yn: û of oe.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
4:00

Slide 12 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 2 neisjen

Folje yn: û of oe.

Slide 13 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Skoft

Slide 14 - Diapositive

Schrijfplankje van Tolsum
In het jaar 1914 werd een Romeins schrijfplankje gevonden met daarop een Latijnse tekst. De handgeschreven letters waren moeilijk leesbaar, maar toch kon een tekst worden ontcijferd. De tekst bleek een Romeins koopcontract te zijn over de verkoop van een koe voor een bedrag van 115 muntstukken, in hoogstwaarschijnlijk de eerste eeuw na Chr.

Slide 15 - Vidéo

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 3 = húswurk
Skriuw de tiidwurden belje en reagearje hielendal út.

Antwurdboek side 24.

Slide 16 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Regelmjittige -je tiidwurden
Tiidwurden side 22-23.
Oersjocht regels side 24.

Slide 17 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 3 neisjen

De tiidwurden belje en reagearje.
Begjin mei de stam fan it tiidwurd: (-je fuortlitte).
De kontekst moat by 'do' útwize oft de notiid of doetiid bedoeld wurdt.

Tiidwurden op -earje krije brekking yn de 2e en 3e persoan inkeltal notiid, yn de doetiid en by it mulwurd. Skriuw dan in dûbele r:
ik avesearje = ik haw avesearre.

Stam giet út op d = -zje: wâdzje.
Stam giet út op t = -sje: flechtsje.
notiid
doetiid
ik
stam + -je
stam + -e
do
stam + -est
stam + -est
hy
stam + -et
stam + -e
meartal + jo
stam + -je
stam + -en
mulwurd
stam + -e

Slide 18 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 4 = húswurk
Folje de goede tiidwurdsfoarm yn.

Slide 19 - Diapositive

Yn de les makke?
Lês om bar in sin foar.
Stavering fan 'e apostrof





Tink derom: Wy wenje oan 't wetter. Oant moarn (= tot morgen).
(oersjoch regels side 10)
'e
ôfkoarting fan it wurd: de (mei spaasjes)
yn 'e auto, op 'e hoeke
't
ôfkoarting fan it wurd: it (mei spaasje)
yn 't spier, yn 't doaske
'k
ôfkoarting fan it wurd: ik (mei spaasje)
dat ha 'k noch net dien
't
midden yn in wurd: ...oft, ...dat (gjin spaasje)
dêr't, wêr't, hoe't, doe't, nei't, om't
'n
midden yn in wurd: ...ien (gjin spaasje)
sa'n, hoe'n

Slide 20 - Diapositive

Op dit ûnderdiel wurde in protte flaters makke.

Kursisten moatte der foaral goed oer neitinke hokker wurd oft no eins ôfkoarte wurdt.

Slide 21 - Vidéo

Cet élément n'a pas d'instructions

Grammatika
Of = as it giet om ien fan beiden: De reade of de wite trui.
Oft = by twifel: Ik wit net oft er komt.
As = yn it Nederlânsk als, indien: As it reint, bliuwe wy thús.

Utsûnderingen lidwurd by lichemsdielen: it kût (de kuit), it ankel (de enkel), it kin (de kin).

Dêr't = weromferwize: It doarp dêr't ik wenje.
Wêr't = fraach of twifel: Hy wol witte wêr't de krante is.

Dêr't = weromferwize yn it Nederlânsk waarin, waarmee, ensfh. wurde yn it Frysk meastal útinoar helle: It hûs dêr't ik yn wenne haw.

(oersjoch regels side 37-38)

Slide 22 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Taaleigen: fariaasje yn wurdskat. 
Oersjoch regels side 55-56.
Praatsk, mûlryp - sprekke, prate.

Slide 23 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 5
Ferbetterje de flaters yn de sinnen.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
8:00

Slide 24 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Skriuwopdracht
Skriuw in stikje oer dysels.
Fertel wat oer dyn jeugd. Fertel hoe't dyn libben der no útsjocht. Fertel wat oer dyn takomstplannen.

It stikje is op syn minst in heale A-4 en de tekst is kwa stavering korrekt.
Tips: Oersjoch regels side 76-80.

Slide 25 - Diapositive

Ta beslút stiet der yn elke les in skriuwopdracht. Dy skriuwopdrachten wurde opboud fan A1 nei B2. It doel is om
oan de ein fan module 2 nivo B2 te heljen.
Húswurk
EduFrysk en/of Antwurdboek:
  • Opdracht 6: Sjoch de dikteesin nei.
        Ferbetterje flaters. Earst sels neitinke!
  • Lêstekst: û/oe koart, lang, twalûd.
  • Diktee en skriuwopdracht yn EduFrysk.
  • Opdracht 7: tiidwurden.
  • Opdracht 8: app-petearen oersette.

Lêze: 
- Nijsgjirrich om te witten.
- Boeketip

Slide 26 - Diapositive

De lêsteksten kinne yn EduFrysk foarlêzen wurde.

Skriuw in pear sinnen by ien fan de plaatsjes.
Brûk yn elts gefal ien wurd út taaleigen fan dizze les.

Slide 27 - Diapositive

praatsk, mûlryp, it heucht my, ik wit noch, gewaarwurde, skrander, snoad, útsliept, snoad, tûk, prate.
Neigesetsje

Slide 28 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Seeslach
Wurkje yn twatallen. 
Meitsje op dyn hokjespapier twa kear in seeslachskema. Elk skriuwt 5 wurden út it wurdfjild yn it skema. De wurden meie elkoar net reitsje of kruse. It oare skema bliuwt leech. Om bar neame jim in fakje, b.g. C5. 
As in fakje neamd wurdt dêr't by dyn tsjinstanner in letter stiet, wurdt sein hokker letter oft it is. Folje de letter yn op it lege skema. 
Goed ret = noch in beurt. Mis = beurt foarby.

Slide 29 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Wat fûnst hjoed fan de les?
Wêrom?
😒🙁😐🙂😃

Slide 30 - Sondage

Cet élément n'a pas d'instructions