Skriuw mar Frysk - basis - les 9

Fryslân A-diploma

Twa kear jiers: yn jannewaris en juny. 
Foar kursisten en belangstellenden. Kandidaat kriget rekken foar it eksamenjild.

Afûk stjoert kursisten Skriuw mar Frysk 2 likernôch 6 wiken foar it eksamen in ynskriuwlink ta.
Oefenje? Kin fia webside Afûk.

Underdielen: 
  • ynfoltekst mei taaleigen- en oersetopdrachten Nederlânsk-Frysk en mearkarfragen (35 min.), 
  • in staveringsopdracht (30 min.), 
  • in tiidwurde-opdracht (25 min.) 
  • de kar út in tal ûnderwerpen foar in skriuwopdracht (60 min.)
Mei dysleksy krigest mear tiid.
Slaggest ast trochinoar in 5,5 of mear helle hast en gjin sifer leger as in 4.
1 / 25
suivant
Slide 1: Diapositive
FriesBeroepsopleiding

Cette leçon contient 25 diapositives, avec diapositives de texte.

time-iconLa durée de la leçon est: 120 min

Éléments de cette leçon

Fryslân A-diploma

Twa kear jiers: yn jannewaris en juny. 
Foar kursisten en belangstellenden. Kandidaat kriget rekken foar it eksamenjild.

Afûk stjoert kursisten Skriuw mar Frysk 2 likernôch 6 wiken foar it eksamen in ynskriuwlink ta.
Oefenje? Kin fia webside Afûk.

Underdielen: 
  • ynfoltekst mei taaleigen- en oersetopdrachten Nederlânsk-Frysk en mearkarfragen (35 min.), 
  • in staveringsopdracht (30 min.), 
  • in tiidwurde-opdracht (25 min.) 
  • de kar út in tal ûnderwerpen foar in skriuwopdracht (60 min.)
Mei dysleksy krigest mear tiid.
Slaggest ast trochinoar in 5,5 of mear helle hast en gjin sifer leger as in 4.

Slide 1 - Diapositive

Oefenje mei in âld eksamen.
https://kursus.afuk.frl/particulier/skriuwen/examen

By de skriuwopdracht mei gebrûk makke wurde fan it Prisma wurdboek (printinge 2016 of letter). Jo hearre dêr sels foar te soargjen. 


Skriuw mar Frysk
basis - les 9

Slide 2 - Diapositive

Foar it skriuwen fan teksten moatst net allinne goed staverje kinne, mar hast ek
kennis nedich fan tiidwurden, grammatika en taaleigen.
Wurklist
  • Weromsjen op ôfrûne wike.
  • Stavering dakjes/kapkes op de a, o en e.
  • Unregelmjittige tiidwurden.
  • Taaleigen: wurdskat & ynterferinsjes.
  • Skriuwe: diktee, in gearfetting, Skriuw mar Frysk 1.9.
  • Húswurk (kursus.edufrysk.nl)
  • Neigesetsje.

Slide 3 - Diapositive

Weromkomme op it húswurk:
- stavering brekking
- ûnregelmjittige tiidwurden

Frisismen: wa hat in foarbyld fan in frisisme?
Diktee
Ik lês it diktee foar.

De dikteesin wurdt net yn de les neisjoen.

Neisjen is ûnderdiel fan it húswurk, de flaters kinne der dan maklik úthelle wurde.

Slide 4 - Diapositive

Dikteesin les 9:
Ik lês krekt yn dit bledsje dat it hjoed kâld wurdt, hasto genôch klean oandien?
Gatsjetekst:


Swarte Pyt soe te fytsen
doe knapte syn ..... (1).
Doe moast er wolle rinne,
mei de fyts oan ‘e hân.
Hy kaam yn ‘e buorren,
en sei ...... (2) de smid:
Ik ...... (3) dat der yn myn achterbân
in pipernútsje sit.




De smid moast wol ...... (4)
mar plakte de bân.
Doe koe Pyt wer fytse
troch it ...... (5) Fryske lân.
Troch Bitgum, troch Berltsum,
troch Ingelum en sa,
brocht Pyt op syn ...... (6) fytske
de pakjes wer ta.

Slide 5 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Gatsjetekst:


Swarte Pyt soe te fytsen
doe knapte syn bân.
Doe moast er wolle rinne,
mei de fyts oan ‘e hân.
Hy kaam yn ‘e buorren,
en sei tsjin de smid:
Ik leau dat der yn myn achterbân
in pipernútsje sit.




De smid moast wol laitsje
mar plakte de bân.
Doe koe Pyt wer fytse
troch it hiele Fryske lân.
Troch Bitgum, troch Berltsum,
troch Ingelum en sa,
brocht Pyt op syn âld fytske
de pakjes wer ta.

Slide 6 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Stavering dakjes
Lês de wurden fan it wurdfjild troch.
Lesboek side 95.
timer
2:00

Slide 7 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 1
Begjin in ferhaaltsje mei 1 sin:
Der wie ris ...
Brûk in wurd fan de wurdlist.
Jou dyn ferhaaltsje troch oan buorman/frou. Dy plakt der 1 sin oan mei ek wer in wurd fan de wurdlist. Ensfh.
timer
0:40

Slide 8 - Diapositive

Lit in pear ferhaaltsjes foarlêze en set wat drege wurden op it boerd.
Skoft

Slide 9 - Diapositive

Schrijfplankje van Tolsum
In het jaar 1914 werd een Romeins schrijfplankje gevonden met daarop een Latijnse tekst. De handgeschreven letters waren moeilijk leesbaar, maar toch kon een tekst worden ontcijferd. De tekst bleek een Romeins koopcontract te zijn over de verkoop van een koe voor een bedrag van 115 muntstukken, in hoogstwaarschijnlijk de eerste eeuw na Chr.
Stavering dakjes op a, e, o, u
(oersjoch regels side 20)
û
oe-lûd sjoch les 3
â / ô / ê
lûd wurdt langer, nei â, ô, ê nea in dûbeld bylûd
hân, stâl, drôf, rôt, stêd, elitêr
e
útsûnderings: bern, ferzen (frieze mulwurd), gers
It dakleaze bern leit yn it beferzen gers.
â
foar -n, foar -ld, foar -lt
Sân âlde sâlte dropkes.
ô
foar oare letters, tiidwurden dy't einigje op -gje, doetiid sterke tiidwurden.
kôgje, tôgje, rôp, kôke
â / ô
foar -l folgje stavering NED
rôlje (NED rollen), stâl (NED stal)
â/a
ô/o
ê/e
dakje ferdwynt by útspraak (meartal/ferlytsing)
          lân-lannen-lantsje-lânskip 
          stêd-stêden-stedsje-Alvestêdetocht
hân - hannen - hantsje - handoek
bôle - bôlen - boltsje - bôlekoer
bêd - bêden - bedsje - bêdeguod
ô/o, ê/e
tink derom: betsjuttingsferskil
wer (weer) - wêr (waar), der (er) - dêr (daar) werom (terug) - wêrom (waarom) 
derom (erom) - dêrom (daarom)

Slide 10 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Diktee

Ik lês it diktee foar.

[boek ticht + les diele út]




It diktee wurdt yn de les neisjoen.

Wurkje yn groepkes fan 2-3. Hawwe jim itselde skreaun? It giet fansels benammen om de:
dakjes â, ô en ê.

Slide 11 - Diapositive

It diktee fan it kursusboek kin yn Edufrysk makke wurde.

As it te lang is: de helte foarlêze.
Diktee neisjen: â, ô en ê.

Slide 12 - Diapositive

Boarne: Flotwei Frysk.

It diktee fan it kursusboek kin yn Edufrysk makke wurde.

Opdracht 2

Folje yn: e, ê, o, ô, a of â.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
4:00

Slide 13 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 2 neisjen

Slide 14 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Unregelmjittige tiidwurden

Sjoch yn it boekje Tiidwurden hoe’t de tiidwurden bliuwe, drage, driuwe, falle, farre, grave, merke, priuwe, skriuwe, stekke, swerve, triuwe, wage, witte en wriuwe bûgd wurde.

Slide 15 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 3 = húswurk
Folje de goede tiidwurdsfoarm yn.

Antwurdboek side 54.

Slide 16 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Taaleigen: fariaasje yn wurdskat. 
Oersjoch regels side 60-61.
Rikke, rikje o/m sjen, eagje.

Slide 17 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Ynterferinsje
NED ynstee fan geef Frysk.

Yn sprektaal wurdt mear akseptearre as yn skriuwtaal. 
Hâld rekken mei de doelgroep.


Oersjoch regels side 66.

Slide 18 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 4
Ferbetterje de flaters yn de sinnen.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
8:00

Slide 19 - Diapositive

Helte fan de groep begjint by 1.
Oare helte begjint by 18.
Skriuwopdracht:    www.itnijs.frl
Lês it artikel datst útkeazen hast en skriuw in gearfetting.
Skriuw in gearfetting yn folsleine sinnen mei in dúdlike yndieling en soargje dat oaren it begripe kinne. 
De tekst is kwa stavering en grammatika korrekt.
 It handichst is om earst de haadpunten út de tekst op te skriuwen en dêr dan in ferhaal fan te meitsjen. De wichtichste saken steane meastentiids oan it begjin of de ein fan in alinea. Tips: oersjoch regels side 78.

Slide 20 - Diapositive

Ta beslút stiet der yn elke les in skriuwopdracht. Dy skriuwopdrachten wurde opboud fan A1 nei B2. It doel is om
oan de ein fan module 2 nivo B2 te heljen.
Húswurk
EduFrysk en/of Antwurdboek:
  • Opdracht 5: Sjoch de dikteesin nei.
        Ferbetterje flaters. Earst sels neitinke!
  • Lêstekst: wurdskat.
  • Diktee en skriuwopdracht yn EduFrysk.
  • Opdracht 6: tiidwurden.
  • Opdracht 7: app-petear oersette.
  • Opdracht 8: siswizen út de sport.
Lêze: 
- Nijsgjirrich om te witten.
- Boeketip

Slide 21 - Diapositive

De lêsteksten kinne yn EduFrysk foarlêzen wurde.
Skriuw in pear sinnen by ien fan de plaatsjes.
Brûk yn elts gefal 2 wurden út taaleigen fan dizze les.

Slide 22 - Diapositive

rikke, útrikke, skrasse, tsjen, dreech, muoilik, grou, grut, swier, hearre, harkje, sjen, dikerje, stoareagje, gnuve, kypje, eagje.
Neigesetsje

Slide 23 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

fiifwurdenútitwurdfjild
Wurkje yn twatallen.
Elk set fiif wurden út it wurdfjild efter elkoar sûnder romte dertusken. De oar set streekjes tusken de wurden en skriuwt de wurden op.

Slide 24 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Toetsfragen
Wurkje yn groepkes fan 5-6.
Elk betinkt yn trije minuten twa toetsfragen oer de lesstof fan hjoed.
Stel dyn fragen oan de oaren.
timer
3:00

Slide 25 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions