Skriuw mar Frysk - basis - les 10

Skriuw mar Frysk
basis - les 10
1 / 34
suivant
Slide 1: Diapositive
FriesBeroepsopleiding

Cette leçon contient 34 diapositives, avec quiz interactifs et diapositives de texte.

time-iconLa durée de la leçon est: 120 min

Éléments de cette leçon

Skriuw mar Frysk
basis - les 10

Slide 1 - Diapositive

Foar it skriuwen fan teksten moatst net allinne goed staverje kinne, mar hast ek
kennis nedich fan tiidwurden, grammatika en taaleigen.
Wurklist
  • Praktyske saken: 8 lessen folge = sertifikaat, kofje/tee ôfrekkenje.
  • Weromsjen op ôfrûne wike.
  • Stavering frjemde wurden.
  • Unregelmjittige tiidwurden.
  • Taaleigen: wurdskat & ynterferinsjes.
  • Skriuwe: diktee, in boekferslach.
  • Húswurk (kursus.edufrysk.nl > koade wurket in jier lang)
  • Neigesetsje.

Slide 2 - Diapositive

Weromkomme op it húswurk:
- stavering dakjes/kapkes
- ûnregelmjittige tiidwurden
- ûnbekende wurden út de lêstekst

Wurden út de sport: yn it wurdboek kinne jo ek útdrukkingen en siswizen fine: besykje it ris mei 'folle'.
Diktee
Ik lês it diktee foar.

De dikteesin wurdt net yn de les neisjoen.

Neisjen is ûnderdiel fan it húswurk, de flaters kinne der dan maklik úthelle wurde.

Slide 3 - Diapositive

Dikteesin les 10:
Op it sjoernaal seach ik in sjimpansee dy't sjampanje dronk yn in taksy op wei nei it akwarium.
Stavering frjemde wurden
Lês de wurden fan it wurdfjild troch.

Wy hawwe no hast alle letters fan it alfabet behannele. Wa’t de kop der goed by hân hat, mist noch in pear. It binne letters dy’t faak yn frjemde wurden foarkomme. 
Yn it Frysk wurde dy wurden
safolle mooglik neffens 
útspraak stavere. 
It is bytiden wol even 
wennen oan it wurdbyld...
timer
2:00

Slide 4 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 1 Galchje
Wurkje yn groepkes fan 3-4.
Ien betinkt in wurd fan it wurdfjild en skriuwt likefolle puntsjes as letters op. De oaren neame om bar in letter op. Stiet de letter net yn it wurd, dan wurdt in stik fan de galge tekene. 
Besykje it wurd te rieden foar't it popke oan de galge hinget.




[boeken ticht]


Slide 5 - Diapositive

Yn it kursusboek is opdracht 1 Lettermiks (letters fan de frjemde wurden husselje). Is gjin handige opdracht foar dysleksy.
Stavering frjemde wurden








Sykje in pear frjemde wurden op yn it wurdboek: correct, chic, xylofoon, aquaduct.
By twifel is it ferstannich om it wurdboek te brûken. De foarkarswurdlist fine jim op www.frysker.nl (foarhinne www.taalweb.frl)


(oersjoch regels side 21)
fonetysk
staverje neffens útspraak
buro (bureau), kompjûter (computer), kûplet (couplet), bûzjy (bougie), literêr (literair), sjoernaal (journaal)
c / ch
c allinnich as kombinaasje ch
sintrum (centrum), sifer (cijfer), kafee (café), kommissaris (commissaris)
ch
ch nea oan begjin fan in wurd
gaos (chaos), sûkelade (chocolade)
q / x
komme yn it Frysk net foar
akwarium (aquarium), kwotum (quotum), ekskurzje (excursie), taksy (taxi)
Ingelsk
wurde faak net oerset
team, trainer, coach

Slide 6 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

 Oergongs-w en tusken-n
Yn it Frysk wurdt nei in lûd gjin w skreaun oan de ein fan in wurd, 
útsein by de letterkombinaasje iuw: liuw, wriuw, triuw, skriuw, bliuw.

Dy oergongs-w wurdt al skreaun as it lûd folge wurdt troch in oar lûd sûnder klam: blauwe, rouwich, dowen, kowefleis, leauwe, trouwe.

Gjin tusken-n as dy net te hearren is.
NET: sikehûs, bistetún, toskedokter. 
WOL: binnenlân, bûtenlân.
Opdracht 3
(oersjoch regels side 22)

Slide 7 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Diktee

Ik lês it diktee foar.

[boek ticht + les diele út]




It diktee wurdt yn de les neisjoen.

Wurkje yn groepkes fan 2-3. Hawwe jim itselde skreaun? It giet fansels benammen om de:
 frjemde wurden.

Slide 8 - Diapositive

It diktee fan it kursusboek kin yn Edufrysk makke wurde.

As it te lang is: de helte foarlêze.
Diktee neisjen: frjemde wurden.

Slide 9 - Diapositive

It diktee fan it kursusboek kin yn Edufrysk makke wurde.

Opdracht 2

Set de wurden tusken heakjes oer yn it Frysk.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
4:00

Slide 10 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 2 neisjen

Slide 11 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Skoft

Slide 12 - Diapositive

Schrijfplankje van Tolsum
In het jaar 1914 werd een Romeins schrijfplankje gevonden met daarop een Latijnse tekst. De handgeschreven letters waren moeilijk leesbaar, maar toch kon een tekst worden ontcijferd. De tekst bleek een Romeins koopcontract te zijn over de verkoop van een koe voor een bedrag van 115 muntstukken, in hoogstwaarschijnlijk de eerste eeuw na Chr.
staveringskwis

Slide 13 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Kies de goede stavering.
1
A
ferfryske - fiver
B
verfryske - vifer
C
ferfryske - fifer
D
vervryske - viver

Slide 14 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Kies de goede stavering.
2
A
enersjy - vertredsje
B
enerzji - vertredzje
C
enersjie - fertredsje
D
enerzjy - fertrêdzje

Slide 15 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Kies de goede stavering.
3
A
moochlik - ruchelje
B
mooglik - rûgelje
C
moochelijk - ruchelje
D
mogelik - rugelje

Slide 16 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Kies de goede stavering.
4
A
koreograaf - oerémis
B
choreograaf - oeremus
C
koreochraaf - oerémus
D
goreograaf - oeremús

Slide 17 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Kies de goede stavering.
5
A
nijsgjirruch - prestyzje
B
nijsgjirich - prestizje
C
neisgjirich - prestysje
D
nijsgjirrich - prestiizje

Slide 18 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Kies de goede stavering.
6
A
kompjoeter - gegnuuf
B
kompjûter - gegnúf
C
compjoeter - gechnûf
D
compjuter - gegnuf

Slide 19 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Kies de goede stavering.
7
A
iensûm - ferstand
B
iinsum - ferstan
C
iensum - ferstân
D
ynsum - ferstaan

Slide 20 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Kies de goede stavering.
8
A
freon - útsûnderings
B
freun - utsunderings
C
freon - útsoenderings
D
freun - utsûnderings

Slide 21 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Kies de goede stavering.
9
A
Amerikaansk - beamke
B
Amearikaansk - bjemke
C
Amerykaansk - beämke
D
Amerikaensk - bjemke

Slide 22 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Kies de goede stavering.
10
A
De frou trout noch dizze iew.
B
De frouw trout nog dizze iuw.
C
De frou trouwt nog dizze iew.
D
De frou trout noch dizze iuw.

Slide 23 - Quiz

Cet élément n'a pas d'instructions

Unregelmjittige tiidwurden

Sjoch yn it boekje Tiidwurden hoe’t de tiidwurden begripe, bergje, blike, fjochtsje, frieze, keapje, sykje, snije, stjerre, stjonke, treffe, waskje en winke bûgd wurde.

Slide 24 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 4 = húswurk
Folje de goede tiidwurdsfoarm yn.

Antwurdboek side 58.

Slide 25 - Diapositive

Kursusboek en hantlieding lesjouwer komme de nûmers foar opdracht 3 en 4 net oerien.

Taaleigen: fariaasje yn wurdskat. 
Oersjoch regels side 61.
Swarre o/m leven.

Slide 26 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Ynterferinsje
NED ynstee fan geef Frysk.

Yn sprektaal wurdt mear akseptearre as yn skriuwtaal. 
Hâld rekken mei de doelgroep.


Oersjoch regels side 66-67.

Slide 27 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Opdracht 5
Ferbetterje de flaters yn de sinnen.

Wês taret op in foarlêsbeurt.
timer
8:00

Slide 28 - Diapositive

Helte fan de groep begjint by 1.
Oare helte begjint by 18.
Skriuwopdracht
Lês in Frysk boek. Skriuw dêrnei in koart ferslach fan it boek.
Skriuw in koarte gearfetting fan it ferhaal. Jou dyn eigen miening oer it boek en jou foarbylden om it út te lizzen. 

It ferhaal hat in dúdlike yndieling, in logysk ferrin is foar oaren te folgjen en de tekst is kwa stavering en grammatika korrekt. Tips: Oersjoch regels side 104.

Slide 29 - Diapositive

Ta beslút stiet der yn elke les in skriuwopdracht. Dy skriuwopdrachten wurde opboud fan A1 nei B2. It doel is om
oan de ein fan module 2 nivo B2 te heljen.
Húswurk
EduFrysk en/of Antwurdboek:
  • Opdracht 6: werhelling stavering.
  • Opdracht 7: Sjoch de dikteesin nei.
        Ferbetterje flaters. Earst sels neitinke!
  • Lêstekst: tiidwurden en wurdskat.
  • Diktee en skriuwopdracht yn EduFrysk.
  • Opdracht 8: tiidwurden.
  • Opdracht 9: app-petearen oersette.
Lêze: 
- Nijsgjirrich om te witten.
- Boeketip

Slide 30 - Diapositive

De lêsteksten kinne yn EduFrysk foarlêzen wurde.
Ta beslút
TOP
Wat koe wol minder?

TIP
Wat koe wol better?

Slide 31 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Neigesetsje

Slide 32 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions

Wurdtsjil
Tekenje in sirkel en ferdiel dy sirkel yn krekt safolle hokjes as dyn wurd. Skriuw it wurd deryn mar lit ien fakje leech. Meist sels witte wêr'tst begjinst en hokker kant ast omdraaist.

De oaren riede om hokker wurd oft it giet.

Slide 33 - Diapositive

OPLOSSING
boaiem

It hoecht net perfoarst de earste letter te wêzen dy't fuortlitten wurdt.
Eksamen Skriuw mar Frysk
Kwis mei 15 fragen oer tiidwurden út it eksamen van 2022

Slide 34 - Diapositive

Cet élément n'a pas d'instructions